De earste Frysktalige preek en tsjerketsjinst, holden op 17 maaie 1914 yn de Martinitsjerke te Frjentsjer troch dûmny Sybe Kornelis Bakker (Wier, 1875 - Swol, 1918), waard noch datselde jier útjûn yn it boekje Ut it iepen finster. Twa lêzingen en in preek fen S.K. Bakker, domeny to Swol (D.D. Westerlaan, Dronryp 1914).
Hjir folget earst it foaropwurd fan Bakker; yn de folgjende blogbydrage de tekst fan de preek.
[Foaropwurd]
It wurdt fan Daniël ferhelle dat hy, dy’t as balling fier fan de âlde stêd libje moast, yn syn hûs in boppeseal hie, dêr’t de finsters fan útseagen op Jerusalim.
Alhoewol’t ik hjir yn Swol beleaven net yn ballingskip libje, giet it my yn ien opsicht lyk as de âlde profeet: ik ha yn myn libbenshûs ek finsters dêr’t ik troch sjen kin nei de swide lânsdouwe “dêr’t de dyk it lân omklammet as in memme-earm har bern”. En as myn deistich wurk my efkes wat romte jout, dan mei ik graach dy finsters ris iepensmite om te hearren wat der al sa omgiet tusken de Tsjonger en de Lauwers. En om’t ik nou ienkear troch myn fak in man fan it wurd bin, ha ik, as ik sa foar it finster stie, my net altyd stilhâlde kinnen. Ik hie tocht, dat, wat ik sa foar en nei te boek stelde en foardroech, wol stil yn in laadsje fan myn skriuwtafel giel wurde soe. En tsjin mannich fersyk yn om it ien en oar printsje te litten, ha ik oan no ta my altyd manhaftich wearre. Mar nou is der oanlieding om der wat fan yn it ljocht te jaan. Earejuster ha ik yn ’e grutte tsjerke te Frjentsjer op syn Frysk preke.
Men seit folle dat ús memmetaal him der net ta lient. Hy is te rou, te bot. En partij minsken tinke dat it sa net heart, dat men de hillichste dingen sizze wol yn ’e taal dy’t hja brûke yn har deistich libben. Nee, dat kin net.
Nou wie hjir yn Swol in âld wyfke en dy waard siik. Hoewol’t der ien fan myn kollega’s kaam, stjoerde hja my in boadskip oft ik ris by har sjen woe, want “domeny Bakker is ommers in Fries”. Doe’t ik dêr kaam en har oanspriek yn de âlde taal, doe foel har hiele troanje iepen en hja krige triennen yn ’e eagen. ’t Waard al gau hurd minder mei beppe en hja en ik wisten beide wol dat it net lang mear duorje koe. Doe ha ik mei har sprutsen oer de ivige dingen. En as wy dan mei elkoar praat hiene – it wie nea lang, want hja waard gau wurch – dan sei se altyd: gau ris werkomme, hear, want ik begryp jo folle better as oare domenys. Doe’t it âld minske stoarn wie, en ik der noch ris oer neitocht, ha ik tsjin mysels sein: it is dochs net goed dat Friezen nea oer it alderheechste praten hearre yn de klanken dy’t hja it bêst fersteane. Hollânsk bliuwt har altyd min ofte mear frjemd. En âld beppe hat my leard dat men yn ús âlde taal it alderhillichste net minder suver sizze kin as yn it Hollânsk. Elke taal moat der foar geskikt wêze, uzes ek. En soene Friezen it evangeelje net it bêst begripe as it har ferkundige wurdt yn âldfaars sprake?
Nou, it is der op útrûn dat ik it ris weage ha en wat ik ferwachte hie, is bard: myn preek hat, nei ’t my fersekere is, de twivelers oertsjûge. Men kin yn ús âlde, rike, swietlûdige taal alles sizze.
(..)
En as it myn lânslju wat oanstiet, dan hoopje ik, dat hja, as hja in domeny hawwe dy’t in Fries is, ris tsjin him sizze sille: nou hawar, pastoar, wy hawwe sjoen, dat it skoan kin, besykje jo it ek ris.
S.K. Bakker, Swol, 19 maaie 1914
Geen opmerkingen:
Een reactie posten