Woansdei yn it Friesch Dagblad wer in Skroeier, diskear oer de relative ûnsichtberens fan Leeuwarden/Ljouwert 2018, sûnt begjin jannewaris it sjueryrapport bekend waard dat Ljouwert mei Eindhoven en Maastricht nei de finale seleksjeronde brocht, aansen yn septimber:
"Op ynternet hat Leeuwarden/Ljouwert 2018 ek net folle by te setten. Op de âlde site datearret it lêste nijsberjocht fan twa wike lyn, dat wie in meidieling dat in nije site op kommendewei is. Yn it Nederlânsk fansels, de Frysktalige berjochten binne ferline jier desimber mar alfêst stopset.
Op dy nije site, dy’t noch altyd ‘under construction’ is (www.leeuwarden2018.nl), stiet inkeld te lêzen: “Langzaam worden de 1e tekenen van Leeuwarden als Culturele Hoofdstad 2018 zichtbaar in Leeuwarden.” Dêr is gjin wurd fan liichd, want stadich giet it yndie. Slimmer is it boadskip boppe niisneamde tekst, yn in kompjûterisearre hânskriftletter: “Best genoch, ís net genoch!”"
(Nee, dy staveringsflaters binne net fan my.)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten