Moarn yn it Friesch Dagblad in besprek fan de dichtbondel Ikader fan Eeltsje Hettinga:
"De titel Ikader ferbynt de ik-dichter sawol mei Bas Jan Ader (1942-1975), in konseptueel byldzjend keunstner dy’t spoarleas ferdwûn op in syltocht oer de Atlantyske Oseaan, as mei Ikarus, de Grysk-mytologyske figuer dy’t delstoarte om’t er te heech fleach, te ticht by de sinne kaam en de waaks op syn wjokken raande.
Mar de flecht omheech, de flecht fan it wurd, wurdt oerskade troch de net ôflittende oanlûkingskrêft fan it wetter. Fan de fjouwer eleminten slacht, alteast yn it earste skift fan dizze bondel, net de lucht mar it wetter foar master op. Nei it programmatyske earste fers (“it wetteroargel slacht / it oargelwetter docht”) set de dichter út ein by in petgat, dêr’t syn boatsje leit, om him dêr al dalik beslûpe te litten “fan âlde plakken en bylden”, Parys en oare kant de Atlantyske Oseaan, de Hudson, New York. It wetter mei oargelje kinne, it stiet ek foar de iensumens, it skied, de ûndergong."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten