zaterdag 2 maart 2013

Osip Mandelstam - Tristia

In master bin ik yn de keunst fan ’t ôfskied,
it ûntflechtsjen fan klachten yn ’e nacht,
as oksen tiid as tarring kôgje yn it strie
en yn de stêd ferstrykt de lêste wacht.
Ik ha bûgd foar ’t kraaien fan de hoanne
wer oer in sekfol spyt, doe’t eagen bang
en read fan ’t gûlen stoarren nei de moanne;
frouljusfertriet fermong mei Muze’ sang.

Wa kin witte, dy’t heart dat paden skiede,
wat ienlik fierder gean betsjutte mei,
wa sil út ’t tsieren fan de hoannen riede
wat it baarnen op de Akropolis seit?
Wêrom’t, as de takomst komt en ús besibbet,
mar oksen kôgje fierder yn de stâl,
dy hoanne, de heraut fan ’t nije libben,
sa opspat út syn wjokken op de stedswâl?

En hoe sljocht ik bin op ’t lûd fan ’t weefgetou:
ik hear de spoel, de núnder fan de klos.
Dêr smyt leave Delia, bleatfoets geande frou,
har hier sa sêft as dûns fan swannen los.
O, op skriele boaiem reitsje wy yn slom,
earm yndie oan wurden foar beleanning.
Alles hat ris west en alles komt werom;
swiet noch is ús inkeld de werkenning.

Sa sil ’t wêze, no’t in tinne, waaksen foarm
as iikhoarnfacht op wetter útspraat yn in skaal
leit foar har, dy’t eangjend foar in stoarm
har oer de ôfrin bûcht fan it ferhaal.
Erebus te tantsjen? Us sil dát neat jaan.
Froulju hawwe waaks en manlju hate.
Kriich sil sikerwier oer ús syn tekens dwaan;
sy ferstjerre, mei de goaden pratend.

*

'Tristia' fan de Russyske dichter Osip Mandelstam (1891-1931) yn it Frysk oersette jout in protte problemen. Op it foarste plak is der de kwesty fan it net-behearskjen fan de boarnetaal, it Russysk. Soks kin allinnich mar ymprovisearjend 'oplost' wurde troch ûnderskate oersettingen yn oare talen as boarneteksten te brûken. Twads liket it Russysk in noch kompaktere taal as it Frysk, wat bliken docht as men én de ynhâld én de foarm fan it fers rjocht dwaan wol. 'Tristia' is in klassyk foarmjûn gedicht, mei in regelmjittich rymskema (ABAB) en jambyske rigels mei ôfwikseljend 11 en 10 wurdlidden. Konfrontearre mei dizze gegevens, ha ik yn earste ynstânsje in wat frijere oersetting makke, wêrby't ik ynhâld prevalearje liet boppe foarm. Dêrnei - ek op oantrún fan Anne Tjerk Popkema - ha ik besocht om der jambyske rigels fan te meitsjen mei itselde tal wurdlidden as it orizjineel. Yn dy fase bin ik no bedarre mei dizze oersetting. De fraach dêrnei is fansels: is de oersetting no op alle fronten oertsjûgjend, ha ik hjir en dêr net te keunstmjittich wêze moatten om it orizjineel net út it each te ferliezen? Dat is in kwestje fan smaak, miskien. En hoe sit it dan mei eventuele alternativen? Wa't útstellen hat foar feroarings, kin se by reaksjes hjirûnder melde. Graach fansels!

1 opmerking: