
"Dan komt it dus mear op de teksten oan, en wat dat oanbelanget hat in lyts taalgebiet no ienris grutte neidielen. Dêrom is it programma ‘Books from Fryslân’ op kommendewei wol fan belang. Der sil, yn gearwurking mei it Letterenfonds, in provinsjale ynspanning komme om Nederlânske en bûtenlânske útjouwers te ynteressearjen foar in lyts tal Fryske skriuwers. Der komt in brosjuere, foarbyldoersettingen moatte makke wurde, en in apart oanstelde ‘yntindant’ moat dêr de boer mei op.
It idee, lansearre yn de nije Kultuernota, hat allinnich kâns fan slagjen as der oer it hoe en wat goed neitocht wurdt. Wat nuver is: ik hear der nimmen oer."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten