zaterdag 30 maart 2013
Ensafh is oan ferjonging ta
De earste papieren Ensafh fan it nije jier – it is al ein maart – leit foar. Altyd in goed momint om te sjen wat it tydskrift wol, wêr’t it hinne giet en wat de 11-koppige redaksje de muoite wurdich fynt. Boppedat is by it nûmer in oersjoch ynsletten fan wat der yn 2012 yn it blêd publisearre is, it register. Ek dat jout sicht op de koerts fan it iennichste literêre tydskrift fan Fryslân, sa’t Ensafh himsels graach profilearje mei. Ensafh is it risseltaat fan de fúzje tusken de tydskriften Farsk en Hjir yn 2009.
Jiergong 5, nûmer 1 fan 2013 bringt gedichten fan Anne Feddema, Joël Huitema (yn it Súdwesthoeksk dialekt), Rein de Lange, Anske Smit (yn it Hylpersk stedsfrysk), redaksjelid Geart Tigchelaar, Ruurdtsje de Haan, Joris Raven (yn it Skylger dialekt) en Hidde Boersma. En ien fers yn oersetting, fan Kallimachos, oerset troch redaksjelid André Looijenga. Opfallend is it ûntbrekken, op Feddema nei, fan fêstige nammen yn de Fryske poëzij. Opfallend is ek it relatyf grutte omtinken foar poëzij dy’t skreaun is yn Fryske dialekten.
Wat it proaza oanbelanget, wurde sechstjin siden bestege oan in oersetting, troch Piter Yedema, fan it ferneamde eksistinsjalistyske ferhaal ‘Le mur’ (De muorre) út 1939 fan Jean-Paul Sartre (1905-1980). “Deze onvergetelijke en tijdloze verhalen en toneelstukken verdienen het gelezen en herlezen te worden door iedereen die Sartre al weer geruime tijd dood waande,” lês ik op bol.com. It twadde proazastik komt fan Anne Feddema, ‘Fremd bin ich eingezogen…’. It spilet op in tsjerkhôf yn Berlyn, dêr’t haadfiguer Klaas Jan Hofman blommen lizze sil op it grêf fan syn literêre held en hast namsgenoat E.T.A. Hoffmann (1776-1822).
Fiif besprekken bringt it nûmer: redaksjelid Geart Tigchelaar skriuwt oer de ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen (Friese Pers Boekerij) fan Sipke de Schiffart, redaksjelid Jelma Knol oer de dichtbondel Foar elke man in eigen pake (Stifting Hispel) fan Bartle Laverman, Sigrid Kingma oer de dichtbondel Mem sjoch boi (Friese Pers Boekerij) fan Eppie Dam, Bouke Oldenhof oer de roman De krêftproef (Friese Pers Boekerij) fan redaksjelid Piter Boersma en redaksjelid Edwin de Groot oer de dichtbondel Hûnewacht (Utjouwerij Fryslân) fan Simon Oosting.
“Sipke de Schiffart skriuwt al in jiermannich sawol proaza as poëzij en publisearret dêrmei benammen yn Ensafh, earder Hjir,” skriuwt Tigchelaar. Hmmm, Ensafh wie earder Hjir en Farsk. En De Schiffart hat in protte op Farsk publisearre, al is dat tsjintwurdich net hiel goed mear nei te gean om’t de fernijde Ensafh-webside de link nei it Farsk-argyf, noch wol oanwêzich op de âlde site, no mar fuortlitten hat. Wêrom eins?
Yn it stik oer Foar elke man in eigen pake skriuwt besprekster Knol wurden dy’t grif klassyk wurde sille yn de besprekkerij: “Falt der wat te sizzen oer de gedichten yn dizze bondel?” Net sa hiel folle, neffens Knol, want har twa siden tekst kinne krekt meitelle as ympresje. “Wie ik in echte close reader dan soe ik no by de betsjutting(en) fan elk wurd stilstean, atomistysk te wurk gean. Mar dat kin de lêzer fan dizze bondel sels ek wol. Der falt hjir in wrâld te ûntdekken, ik wol net it gers foar alle fuotten wei meane.” Dêr moat Laverman it mar mei dwaan.
Sûnder mis it kwalitatyf bêste besprek yn dit nûmer komt fan âld-Hjir-redaksjelid Bouke Oldenhof. Hy lit, leau ‘k, net folle hiel fan Boersma syn konstruktivistysk proaza (“Wat my oanbelanget hie de roman op it punt fan de lêsberheid de lêzer wol wat mear yn de mjitte komme mocht”).
Net sûnder fassinaasje ha ik it stik fan Sigrid Kingma oer Eppie Dam syn bondel lêzen. Dy fassinaasje hat te krijen mei myn fernuvering oer it grut tal aspekten fan sa’n bondel dat Kingma al ynvintarisearjend bydel giet, wylst se oan de oare kant dochs net werklik grip krije kin op it wurk. Se sinjalearret it omearmjend rym, mar mist de funksje dêrfan foar in part om’t se net sjocht dat it manlik rym it froulik omearmet. Assonânsje (it foarbyld ‘skip’ – ‘knipt’ wurdt oanhelle) is yn har eagen blykber gjin rym.
Der is krityk op benammen it twadde skift: “Trochdat der wat mindere gedichten by sitte, komt it twadde diel der net sa goed út (..). It nivo rint frijwat útien.” Dy’t soks opskriuwt, sil dochs besykje moatte en meitsje oannimlik dat de stelling kloppet, mar dat docht Kingma dan nuvergenôch wer net. Oan ’e ein wurde wy útnoege ús ôf te freegjen oft de bondel foar mannen eins wol gaadlik is om te lêzen, want it giet ommers oer froulju. Kingma komt in ein as besprekker, mar har stik hie mear redaksjonele begelieding fertsjinne.
*
Dan it register oer 2012. It moaie fan sa’n register is dat men it neirinne kin op auteurs dy’t publisearje yn it tydskrift, op oantal bydragen, en op it wurk dat besprutsen wurdt. Yn 2012 hat Ensafh op papier 67 fersen publisearre, mei as koprinners eks-redaksjelid Hein Jaap Hilarides (8), redaksjelid Edwin de Groot (7), redaksjelid Janneke Spoelstra (7), redaksjelid Geart Tigchelaar (6), Bartle Laverman (6) en Anne Feddema (5).
By it proaza ûntbrekke, mear noch as by de dichters, ek de fêstige nammen, op Jetske Bilker en Piter Boersma nei. Lûkt men dan noch de ferhalen derôf fan Rely Junior-priiswinners (Kirkenier, Idsinga, De Jong, Oldenhof en Tiemersma), dan bliuwt der in ferrekt lyts bytsje oer, en dat binne gjin grutte nammen: Harmen Hospes, Simen Oetie, Reinold van Oevering, Klaas Rusticus, Dirk van der Veen. Plus fansels de fjouwer ferhalen fan Feddema, twa fan redaksjelid Tigchelaar en ien fan redaksjelid Van der Wal. It nijsgjirrichst yn dizze ôfdieling binne, wat my oanbelanget, de earste stappen fan dichter Feddema op it proazapaad.
Frysk proaza waard besprutsen fan eks-Ensafh-redaksjelid Greet Andringa (Ikarusblau), Jetske Bilker (It libben fan in oar), Ate Grypstra (It krús fan de Hollander), eks-Ensafh-redaksjelid Hein Jaap Hilarides (Skoaljonge), Durk van der Ploeg (De Belvédère), Albertina Soepboer (De seemearmin), Koos Tiemersma (temanûmer) en redaksjelid Geart Tigchelaar (Lúshâlding). Boeken fan de Friese Pers Boekerij binne dúdllik yn de mearderheid (Andringa, Hilarides, Van der Ploeg, Tiemersma en Tigchelaar), wat ek al opfoel by de besprekken yn it nijste papieren nûmer.
Fryske poëzij waard besprutsen fan Pyt van der Burg (Samle fersen), Douwe Tamminga (Samle fersen), Rixt (De gouden rider) en Sjoerd Spanninga (Indian Summer). In hiele jiergong slacht hjir dus de hjoeddeistige poëzij wat it besprekken oanbelanget folslein oer. Wol binne der aktuele besprekken fan proaza- en poëzij-oersettingen: Klaas Bruinsma (Sint Brandaan yn fjouwerfâld), Eric Hoekstra (Bhagavad Gita), Anne Tjerk Popkema (De Hobbit) en Liuwe Westra (It Selskip fan de Ring).
*
Ensafh is in blêd, sa mei de konklúzje wêze, dat a) foar in (te) grut part driuwt op bydragen fan redaksjeleden, b) in bredere rûnte fan skriuwers, benammen fêstige skriuwers, net wit te berikken, en c) it poëzijbesprek folslein sitte litten hat yn 2012. Wat dat lêste oanbelanget, liket de redaksje it mei leafst trije besprekken fan aktuele poëzijbondels yn it earste nûmer fan 2013 better dwaan te wollen.
In redaksjoneel belied – as wy wat der pleatst wurdt, sjen meie as ôflaat fan sok belied – liket der net te wêzen, oars as in belied om it ticht by hûs te hâlden en fan persoanlike relaasjes ôfhingje te litten. Sa is it relatyf grutte oanpart fan Anne Feddema yn it blêd net los te sjen fan Piter Boersma syn haadredaksjonele foarkar foar Feddema syn poëzij en proaza. En sa is it grutte oanpart fan besprutsen Friese Pers Boekerij-skriuwers net los te sjen fan it feit dat in redakteur (Knol) wurket by de FPB. Dat Bartle Laverman (seis fersen yn 2012 en in besprek yn 2013-1) syn jongste bondel by de Stifting Hispel ferskynde, dêr’t Ensafh-haadredakteur Boersma de septer swaait, rint yn dat ferbân ek yn it each.
Sok keunst- en fleanwurk wie oars net sa slim, mar der binne genôch Fryske skriuwers, sawol dichters as proazaskriuwers, dy’t noch noait in fersyk fan Ensafh krigen ha om in bydrage. Ensafh is wat dat oanbelanget tefolle in fuortsetting fan Hjir, mei syn oriïntaasje op de eigen, feilige rûnte, en te min fan Farsk, dêr’t it ferskaat oan skriuwers folle grutter wie.
Wat der mei alve redaksjeleden úteinlik út ‘e wei set wurdt, op papier – want it blêd hat fansels ek de ynternetsite –, is boppedat net bot aventoerlik. It bliuwt allegear keurich yn de fakjes: gedicht, ferhaal, besprek, oersetting. De literêre aktualiteit, lit stean de literêre skiednis, wurdt gjin of amper omtinken oan jûn. Fan kommunikaasje mei de maatskiplike werklikheid blykt neat.
Ensafh is oan ferjonging ta, liket my. Mei de yntrede fan André Looijenga, Tryntsje van der Steege en Geart Tigchelaar is wat dat oanbelanget al in earste stap yn de goede rjochting set. No de twadde noch.
*
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Abe skriuwt: En sa is it grutte oanpart fan besprutsen Friese Pers Boekerij-skriuwers net los te sjen fan it feit dat in redakteur (Knol) wurket by de FPB.
BeantwoordenVerwijderenIk skriuw: Foar de folsleinens: alle útjouwers fan Frysktalich wurk binne troch my meardere kearen frege om resinsje-eksimplaren. Faak sûnder resultaat. Ek binne alle útjouwers mear as ien kear benadere mei in algemiene e-mail mei dêryn de fraach of hja oan ús tinke wolle as der wat nijs útkomt. Ynkoarten sil dat wer. Ek Hotsum stiet no op ‘e list. Net in lange list, trouwens.
Abe skriuwt: Sok keunst- en fleanwurk wie oars net sa slim, mar der binne genôch Fryske skriuwers, sawol dichters as proazaskriuwers, dy’t noch noait in fersyk fan Ensafh krigen ha om in bydrage.
Ik skriuw: Der sille skriuwers wêze dy’t ûnder de radar trochfloept binne, mar de tige lange maillist fan dichters/skriuwers is al in stikmannich kearen brûkt en ek by foarstellings en datsoarte fan saken benaderje ik /wy de minsken aktyf.
Of dat wat opsmyt of net ha’k / hawwe wy net yn ‘e hân.
It stiet auteurs dy’t net benadere binne trouwens ek frij om pro-aktyf te wêzen/ te wurden en stjoer kopij op. Guon dichters/skriuwers kieze der ek foar om inkeld by bgl. De Moanne te publisearjen. Harren goed rjocht en de reden wit ik net altiten. In dialooch moat fan twa kanten komme, no. Alteast as je in oplossing sykje. Faaks as De Moanne it literêre hielendal loslit, komt der wer wat mear flecht op de Ensafhkoai. Of der moat in nije konkullega bykomme.