Hjoed fansels wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad, oer tydskriften dy't minder faak ferskine, -û en -oe's dy't feroare wurde moatte, en de wurdboeken dy't wy tekoart komme om it literatuerbelied beskriuwe te kinnen:
"Net allinnich om’t der noch altyd gjin Frysk rymwurdboek is, binne guon saken sa op it earste each dreech meiïnoar te rymjen. En mei om’t der ek noch altyd gjin Frysk synonymwurdboek is, litte beskate ûntjouwingen har inkeld beskriuwe as ‘delgong’ en ‘kealslach’. En boppedat: om’t der ek al gjin Frysk etymologysk wurdboek bestiet, kinne wy net samar witte wêr’t it moaie Fryske wurd ‘fersuterje’ weikomt.
It literêr tydskrift ensafh moat it tenei mei in papieren ôflevering minder dwaan: it ferskynt net langer sân kear yn ’t jier, mar bringt tenei noch mar seis nûmers út. Kollega de Moanne, it meartalige algemien-kulturele tydskrift, moat sels noch mear ynleverje, it giet werom fan tsien nei sân nûmers. Dêrneist moat dêr besunige wurde op de dochs al suterige sidepriis dy’t skriuwers foar bydragen krije. Beide redaksjes stiene mei de rêch tsjin de muorre, doe’t de subsydzje fan it Letterenfonds mei yngong fan dit jier ferdwûn, wylst de Provinsje al earder witte litten hie dat se it ûntstiene gat net opfolje soe."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten