Tsjêbbe is net mear. Tongersdei, op 64-jierrige leeftyd, kaam Tsjêbbe Hettinga te ferstjerren, taalkeunstner. Master fan it soart poëzij dat yn Nederlân net hiel folle foarkomt: it net-iroanyske, breed-streamende fers dêr’t byld en muzyk op farre.
Syn barokke epyk, yn klankryk Frysk, wie en is fan de bûtenkategoary, eins allinnich te ferlykjen mei sok wurk fan grutte nammen as Dylan Thomas en Derek Walcott. Want Tsjêbbe wie in protte: in reizger yn poëzij, in ambachtsman pur sang, in kenner fan syn taal, beskriuwer fan wêr't er net nei sjen koe, mar wol nei langje. Boppedat hie er de jefte fan de foardracht: teatraal, útrekt en tige eigen.
In skoft lang mocht ik yntinsyf mei him gearwurkje, as útjouwer en tagelyk redakteur bij de tastânkomming fan Het Licht van de Zee (DVD, 2007), de bondel Equinox (2009) en de nasjonale Gedichtedeibondel Aan schor en Stad Niks voorbij / Oan leech en Stêd Niks foarby (2010). Tsjêbbe wie in man fan it detail, dy’t syn breed útriste poëzij folstoppe mei lytse en gruttere, benammen muzikale effekten. Oan de lêzer dogge dy har foar as melodieuze hallusinaasjes, dy’t in sterk fysyk belibjen fan taal feroarsaakje.
Stimming, sfear en roes, sa karakterisearre Guus Middag de Gedichtedeibondel yn NRC. Ja, want Tsjêbbe hie net sasear in boadskip. Hy wurke, yn alle gefallen yn syn lettere poëzij, net nei in pointe ta, in psychologysk statement of in djip ynsjoch. Syn gedichten binne reizen dy’t de muoite wurdich binne om harsels, net om wat der oan de ein te finen is.
Mei de oersetters Benno Barnard en de Flaming David van Reybrouck hat it wurk it troffen; syn gedichten binne ek oerset yn it Ingelsk, Frânsk, Dútsk en Spaansk. De heale wrâld kin it lêze. It skeat troch my hinne doe’t ik hearde dat Tsjêbbe der net mear wie: folle better kin in dichter it net dwaan.
(Sjoch ek de Contrabas.)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten