woensdag 20 maart 2013

Ik bin Piter en ik skriuw in besprek



Ik hjit fan Piter Boersma, ik doch myn ljocht op en ik skriuw in gedicht:

by it lêzen fan in kranteberjocht

juster al hjoed net alles is manipulaasje
wy binne fûl op dat útstel tsjin mar stimme foar
út eigen belang jouwe wy harren dy traktaasje
wat wy sa graach wolle sizze sy moarn ja op yn koar

Dat wie myn gedicht.

No sil ik wat oars besykje: ik skriuw in besprek. Fan Abe de Vries syn nijste, seisde, twatalige dichtbondel Ravensulver / Ravenzilver (Contrabas, Utert 2013, y.g.m. HotSum, 72 siden, priis 17,50). En ik set derboppe: ‘Poëzy mei retoryk as boppetoan’. Dat sit sa, ik ha in wearzge fan poëzij dy’t mear wurden brûkt as mines, en dy fan De Vries hat wurden, man, folle net genôch. Fan dy wearzge sil ik ris efkes in literêr statement meitsje, wat tinkt jim dêrfan?

Yn it yntrootsje skriuw ik dat de bondel fan De Vries “him net as in hecht wurkstik (toant), der stiet nochal wat gelegenheidspoëzy yn, sa as de yn opdracht skreaune trije gedichten oer skilder Jopie Huisman”. De stelling is: gjin hecht wurkstik, it argumint is: der stiet gelegenheidspoëzy yn. Mear arguminten ha ik net. Kin ik dus ek net oandrage. Dat dizze trije gedichten oer Jopie Huisman ek geane oer in ferdwinende wize fan libjen yn in allyksa ferdwinend lânskip; dat se yn dy sin goed passe yn in bondel dêr’t fan alles yn driget te ferdwinen, of al ferdwûn is, dat moat ik no mar efkes oersljochtsje. Oars ûnderwrot ik myn eigen statement, wier?

As it oer hechte of minder hechte wurkstikken giet, en oer gelegenheidsteksten, dan moat ik eins al wat sizze oer de struktuer fan de bondel fan De Vries. Dy bondel is sa opboud: tusken in ynsulêr, op himsels steand eilângedicht oan begjin en ein steane sân skiften fan elk trije fersen, dy’t byinoar hearre. Mar bist gek, ik neam dat net en ik sis der neat oer. Oars ûnderwrot ik myn eigen statement, wier?

Yn it yntrootsje fan myn besprek wol ik it ek ha oer it “nochal oerladen retoaryske register dat De Vries hieltyd wer iepenlûkt” – dat is by einsluten de kearn fan myn literêr boadskip, dus dat smyt ik der dalik mar út. De Vries wol wat mear as mankepoatsjende fjouwerrigeltsjes skriuwe oer pratende tegels en húskerútsjes, sa’t ik de lêste jierren foar de moade ha. En dat mei fansels net.

No moat ik al efkes slûchslim wêze. Want ‘retoarysk’, dêr kinne je in pear kanten mei út. Bedoel ik it yn klassike sin as ‘redenryk’, dat wol sizze, foldwaand oan de easken fan de wolsprekkendheid? Nee fansels, ik bedoel ‘moaipraterij’: wurden sûnder ynhâldlike betsjutting, funksje, ferwizing. Oe, dêrmei helje ik my al wat oan, want hoe meitsje jo sa’n oardiel oannimlik foar de lêzer? It bêste is: mar gewoan nét.

Wy ha in begjin makke, achte lêzer. No earst trije sin- en doelleaze alinea’s skriuwe om wat better op gleed te kommen. Wat oer de útjouwers, wat oer it feit dat de bondel twatalich is en dus ek de Nederlânske oersettings fan de fersen jout – mar dêr sis ik fierder neat oer, ommers, “foar in Frysktalige lêzer is it Nederlânsk (..) allinne mar ballast” – en wat oer it omkaft fan de bondel. Dat is “in wat sleau omslach yn blau en wyt mei dizige kontoeren, mei wat goeie wil kin men tinke oan in wolkeloft”. Ja, ik wit wol dat ik myn bril oppoetse moatten hie, dan hie ik ek sûnder goeie wil wol sjoen dat it om in werjefte fan in nei ûnderen wizende fûgelkop giet, sa’t bygelyks de yn deselde rige útjûne bondel fan Edwin de Groot in hazzekop sjen lit, mar ik ha it al opskreaun en ik wol efkes fierdertrochsljochtseure, dus lit my.

Goed. So far, so good. De frou skinkt my in bakje yn.

No komt it der op oan, want wy binne al healwei en ik sil dochs ris mei in foarbyld komme moatte fan dat “oerladen retoaryske register”. Lit my it titelgedicht ris nimme, ‘Ravensulver’. Wat moat ik dêrmei? Gelokkich hat De Vries it opdroegen oan de Amearikaanske muzikant Gene Clark (dat wie ien fan de grûnlizzers fan The Birds, de fûgels, raaf, in aardichheidsje, och lit mar). En by de oantekeningen achteryn de bondel stiet dat it fers ferwiist nei syn song ‘Silver Raven’. Ik skriuw: “Yn de mytology hat de raaf twa kanten, in tsjuster en in ljocht aspekt. Hy kin sawol foar kwea en ûndergong as hope en in nij begjin stean”, en ik sitearje in stik songtekst fan Clark dêr’t út blike moat dat hy dêr “yn syn liet moai gebrûk (fan makket)”.

Wat dat allegear mei De Vries syn fers te krijen hat, sil my woarst wêze. It giet om de suggestje. Ja, ik ken de útdrukking ‘Stelle as de raven’. En ja, ik wit ek dat fûgelguod as raven, roeken en kraaien in foarleafde hat foar moai blinkend spul. Mar ik lul leaver wat út myn nekke oer mytology, dat docht it altyd goed. En ik wit ek net dat Gene Clark it hielendal net hat oer raven, mar oer de earste satellyt yn de romte. Ik wit safolle net, mar ik mei mysels graach praten hearrre.

Ferrek, no ha ik nóch neat sein oer De Vries syn gedicht. Let op. “Yn Abe de Vries syn gedicht giet it om deselde tsjinstelling, mar hy follet it oars yn” – en ik lit wat rigels út it fers folgje. Deselde tsjinstelling? Ja, dy tusken tsjuster en ljocht, kwea en hope, dêr’t ik it saniis oer hie. Mar wat De Vries docht, liket fansels nearne op. Hy set de lêzer oan begjin en ein fan syn fers del by de see, “dat tsjut op in kearneftich gedicht” en dat is it net, leave lêzer, want dêr tuskenyn komme ek oare saken foar, “’t wite wiif”, “de boupleats mei it tún”, “dyn dreamen”, “stjerrebylden” en noch folle mear.

Lêzer, soks kín net.  As De Vries begjint en einiget by de see, dan moat er it ek hâlde by “ien byld, by ien situaasje”. Dat is de Wet fan Boersma. De Wet fan Boersma is net: oantoane dat de brûkte bylden stridich meiïnoar binne, dat se net byinoar passe, dat se inoar net fersterkje. De Wet fan Boersma is: ik lul der mar wat hinne, want myn nekke is ûnútputlik, en ik ferkeapje it as besprek.

Fan it fers ‘Wyldejacht op in artefakt’ begryp ik eins ek gjin bliksem, dus dat helje ik oan as twadde foarbyld fan in gedicht, fol stoppe “mei allegear ûngelyksoartige saken”. Miskien moat ik no sinjalearje dat it fers it slotfers is fan de trijedielige syklus ‘Oboal om fuort en werom’, yn dat ramt wurdt it grif begrypliker. Mar bist gek, ik bin Piter Boersma, ik sjoch de helte net. Hee, dat rimet.

It is tiid en kom ta in ôfrûning. Dizze gedichten “litte eins in dichter sjen dy’t ferslaafd is oan it toanen fan syn retoarysk talint, dy’t him net ynhâlde kin en dat is spitich.” En dan breidzje ik it moai ôf mei noch wat neatsizzends, ien, twa rigels, en klear is Piter.

No, wat fine jim? Is it net in pracht?

Dat ik mar net wer oan in oar syn poëzij komme moat, om’t ik dêr spitigernôch net ynteger genôch foar bin; dat ik in literêr tydskrift lied mar sels by God net wit wat in besprek is en hoe't ik it skriuwe moat; dat ik tenei mar hielendal gjin wurd mear oer de redenrike, byldrike, symboalrike en faak tige muzikale taalpoëzij fan minsken as Obe Postma, Douwe Kiestra, Jan Wybenga, Tsjêbbe Hettinga, Eeltsje Hettinga, Eppie Dam en Abe de Vries skriuwe moat; dat ik hear by dy anekdoatyske, kwasi-filosofyske fjouwerrigeltsjedelkwakkersbinde út de jierren santich; dat myn eigen poëzij krekt as dy fan myn bûnsmaat Piter Yedema in keal, baar, braaklizzend stikje woastynlân is dêr’t gjin maaieblom de kop opstekke wol al is it noch sa; tsja, lit ús dat allegear mar net melde, bêste lêzer.

juster al hjoed net alles is manipulaasje

4 opmerkingen:

  1. As it keal koarret, hoecht de ko net, Abe, net kjizzich wurde om neat!

    BeantwoordenVerwijderen
  2. hee Jan! Wêr hast dy útdrukking wei? Moat it net oarsom: as de ko koarret, hoecht it keal net? O ja, en sa út en troch moatte jo efkes weromkoarje.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. "ik doch myn ljocht op" , soa skrieft Boersma an 't begin fan syn "besprek".
    Mar neffens mij is 't licht bij Boersma tidens 't skrieven fan dut lullige en niks-sêgende stik helendal útgaan. Sit d'r miskyn 'n stikky persoanlike "kinnesinne" achter deuze resinsy? Boersma speult hier fansels wél 'n thús"wedstryd" en dus maakt hij dankber gebrúk fan 't poadium dat Ensfh him geeft.
    Ik "koarje" dan nou ok mar even met de koe en 't kalf. (of âns-om)









    BeantwoordenVerwijderen
  4. Goeie Biltfries, de sitaten komme út it besprek fan Boersma yn it Friesch Dagblad fan ferline wike sneon. Ik lit him hjir as it wiere sels oan it wurd.

    BeantwoordenVerwijderen