foar dat
op de earste dei fûn de dichter de letter b út
en de loft kleure blau
hy folle de loft mei grutte kloften skiere fûgels
en sei boem
it reinde grize fearren oer it lege boerelân
op dei twa
luts er in streekrjochte line om de see te kearen
hy sei nee
tsjin de grize see
de tredde dei baarnde er in kearske
te witten in kearske foar in dream
de fjirde dei bombardearre er himsels ta sjef
fan it oanbegjin
it wurd dat er spruts
waard in beam om it libben omhinne te lizzen
op dei fiif
siedde er in bytsje goudstof
yn de opswolle fuorge fan ’e taal
hoe’t it tille soe fan de koalsiedgiele minsk
op dei seis socht er nei in god
om it tsjin te sizzen
op dei sân
stie syn eigen
grien grut wurdboek
net te dwêsten yn ’e brân
Geen opmerkingen:
Een reactie posten