De Tsjerne, 10 jier nei Kneppelfreed (2)
Nei in swak fers fan G.N. Visser (“Wat fyn hifkjende architekt / Sette hjir dit lânhûs krekt”), in opfallend fris en libben ferhaal fan Rink van der Velde en twa siden dreamerige poëzij fan Jan Dotinga bedarje ik yn De Tsjerne 16-1 (1961) by in fûl stik fan Inne de Jong oer de Betinking. Fan de Slach, deselde dy’t moarn ek wer betocht wurdt. It ferhaal hjit ‘It “Pekfek” nei it Reaklif’.
Wy skriuwe 26 septimber 1970 en binne op in gearkomst fan it P.E.K.F.E.K (Polityk Ekonomysk Kultureel Frysk Europeesk Kontaktorgaan). Foarsitter is professor Walda, saaklik en taktysk. De jonge yngenieur Van Beem: gysten. Ek rom oan it wurd komme dr. Loatsma, skiednislearaar, en dr. Vearman, filosoof en literatuerkritikus. Fierder noch oanwêzich in mr. Feringa en in dr. Van der Velde. Men lêst it oan de titulatuer al ôf: it binne net de earste de bêsten út de Fryske beweging dy’t warber binne foar it P.E.K.F.E.K. Wy ha hjir dúdlik te krijen mei in yntellektuele boppelaach.
Yn it skoft fan de gearkomst blykt dat dit selskip eins net folle oars wurdt fan de betinking. Der is mar ien entûsjasteling:
“‘Minsken, sorry: hearen, it foldocht my hjir skoan, mar hoe let kinne wy sawat klear?’ freget Van Beem. ‘Om healwei ienen stap ik op, ik moat nei it Reaklif. Wa fan jimme giet mei? Ik kin noch wol fjouwer yn de wein hawwe. Gjinien fansels, dat binne wy wol wend.’”
Histoarikus Loatsma wol yn alle gefallen net mei. “Lûdroftige betogingen en grutte wurden lizze my net, ik ha earnstiger wurk te dwaan foar Fryslân. Ik freegje my ek ôf, oft wy mei sokke demonstraasjes de goodwill, dêr’t wy sa’n ferlet fan hawwe, net ferspylje. Baltende studinten hawwe ferline jier de lju de skrik op it liif jage, de Hollânske parse spriek der skande fan.”
De jonge gystene yngenieur Van Beem hat gjin goed wurd oer foar Loatsma syn reserves: “Soe ’t de muoite net wurdich wêze, om út ús hege posysje wei wat solidariteit te betoanen? Wês bliid, man, dat de studinten dêr komme. Einlings en te’n lêsten hawwe hja begrepen wêr’t har plak is: foarenoan. Foarmje de studinten yn elke nasjonale beweging net de avant-garde? (..) It ôfwaaide praat fan de Hollânske parse lit my stienkâld en mear as fan jo ferneamde goodwill hawwe wy ferlet fan in berette kloft, dy’t it folk wekker ropt en Den Haach wekker ropt. As dat net bart, steane wy yn it jier 2000 noch foar de winige doar. (..) Wat is dat foar in would be aristokratyske distânsje? It liket op in kompleks.”
Dêr hat dr. Loatsma efkes net fan werom. Mar hy kriget help fan dr. Vearman, de filosoof en literatuerkritikus, dy’t ek net fan doel is en reizgje ôf en stean mei de fûsten ree op it rotsblok. Foarsitter professor Walda begjint mei in tear yn syn foarholle mar gau oer wat oars, it folgjende punt op de wurklist, in brief fan it aksjekomitee Lauwerssee, “dat ús stipe freget foar in massale aksje fan folk en beweging”, en dêrnei komt it petear fierder ek noch op in brief fan de Bretonske beweging tsjin it sintralisme fan Parys en in brief fan it Dútse konsulaat yn Ljouwert oer de oanboazjende stream Dútse toeristen yn Fryslân. Dat is fansels in goede saak, neffens de hearen, mar yn it brief wiist it konsulaat der ek op “dat Fryske halbstarken wolris oanstriid hawwe, om de sânforten, dy’t de toeristen oan it strân bouwe, te ferinnewearjen”.
It liket der dus net op dat it achtenearre bestjoer fan it P.E.K.F.E.K. nei it Reaklif sil. Mar dat is bûten de slûchslimme Federaasje fan Fryske Studinteferienings rekkene. Want dy wiene sa goochem om it P.E.K.F.E.K. by gelegenheid fan syn 50-jierrich bestean in diner oan te bieden op, krekt, de dei fan de betinking yn hotel Riisterbosk op Riis. En fansels ropt yngenieur Van Beem dalik dat soks de muoite wurdich is! Tsja, hjir kinne de learde hearen net mear omhinne, dat it giet oan.
Njoggen P.E.K.F.E.K.’ers en in kloft studinten reizgje even letter mei de bus nei Gasterlân. Op it Himmelumer Heech wurdt efkes hohâlden om fan it prachtich panorama te genietsjen. “It blykt,” skriuwt De Jong, “dat inkelde hearen fan it Pekfek, dy’t oan de Rivièra goed thús binne, dizze hoeke fan it heitelân jit net kenne.”
De studinten slagje yn har snoade opset en de hearen bedarje op it Reaklif “mank in tûzenkoppige mannichte”:
“It Warnser korps spilet ‘It feintsje fan Menaam’, it folk sjongt fleurich mei. It tilt fan Fryske flaggen, kloften studinten steane dêr mei spandoeken: De Lauwerssee moat daliks droech! Wy wolle op koarte termyn in Athenaeum! Fryslân is gjin generaliteitslân!”
De sprekker fan de dei pleitet fjurrich “foar it ôfgean fan allegearre, dy’t bang en twivelriedich binne. Om plak te meitsjen foar jonge berette lju mei moed, talint en fantasij. (..) Fryslân sil libje, as der in jongerein is mei koele koppen en gleone herten, dy’t har ynsette wol mei de hiele hûd.” Uteinlik komt it yn it hotel yn Riis noch ta in konfrontaasje tusken pro en kontra de betinking. De studinten winne de striid mei glâns.
It soe Inne de Jong grif fertriet dien hawwe te witten hoe’t de sitewaasje mei syn Fryslân der net anno 2000, mar anno 2011 hinne lei. De Lauwerssee, dy is foar it meastepart droech, mar in Athenaeum lit stean in universiteit is der net kaam. Frysk studearje, dat kin net ien mear betelje. Noch even en der binne gjin studinten Frysk mear oer om te findelswaaien op it Klif.
It tema fan de Betinking 2011 is: Fryske plaknammen...
Geen opmerkingen:
Een reactie posten