Wat binne de minimale easken dy’t men oan in yn- of útlieding by de samle fersen fan in grut dichter stelle mei? Wat soe de skriuwer fan sa’n yn- of útlieding besykje moatte, ek al is er miskien net werklik, troch it ûntbrekken fan analytysk en/of syntetisearjend talint, skriuwfermogen of simpelwei feeling foar poëzij, by steat om te slagjen yn syn opdracht?
Wat mei de poëzij sels, dy’t yn syn hiele hear en fear op dy lêste, dy alderlêste operaasjetafel lein wurdt, ferwachtsje fan in besprekker dy’t mient dat einoardiel in poeticis ferwurdzje te sillen?
En wêr freget de Fryske literatuer om, dêr’t de dichter him yn bejoech?
Sûnt de ferskining, okkeries, fan de Samle Fersen fan Douwe Annes Tamminga (1909-2002) by de Friese Pers Boekerij is ien ding dúdlik: dy literatuer wol yn alle gefallen dat frou Tineke Steenmeijer-Wielenga, eartiids direkteur fan it FLMD, hokker oare fertsjinsten sy ek hat, noait wer in ynlieding op samle fersen skriuwt. Dat sis ik, om te begjinnen, de NachtRider nei. En ik mei lije dat dit no werklik de lêste kear west hat dat de redaksje fan de Holder-Rige, in kommisje ûnder auspisiën fan de Fryske Akademy, har frege hat om sa’n put wurk te fersetten.
Komselden ha ik my as leafhawwer fan Fryske poëzij, dy machtige tún dêr’t ik sels sa út en troch ek in hoeke fan omhakje en byknippe mei, sa teloarsteld field nei it lêzen fan in yn- of útlieding op samle fersen. Earlik, ik bin der suver fan slach fan.
Sa monumintaal it dichtwurk fan Tamminga is, sa ûnbetsjuttend is dizze tekst oer dat dichtwurk.
Sa fol fan tiidleaze taalmacht en fakmanskip it dichtwurk fan Tamminga is, sa lam, fantasij- en ynspiraasjeleas binne de hjir en dêr byinoar liende wurden dêr’t it dizze jonge ieu mei ynstjoerd wurdt.
Sa grutsk de Fryske literatuer wêze mei op Tamminga, sa fûl moat dyselde literatuer yn opstân komme tsjin ympresjonistyske, recycljende, al te maklike, al te gau thús wêze wollende, oeuvres fan harren kontekst rôvjende, oeuvres dus net allinnich fan harren literêr-histoaryske mar ek fan harren hjoeddeistige betsjutting ôfsnijende wizen fan yn- of útlieden.
En nee, ik ha gjin nocht om it allegear mar wer út te lizzen en út te tekenjen en om hjir wer twa nachten korreksjewurk te dwaan yn tsjinst fan, yn dit gefal, Douwe Annes Tamminga.
Want dat is sa’n grut dichter, syn wurk kin it maklik ôf sûnder myn help.
Jo moatte sels mar sjen hoe en wat. Mar it soe dêrby, by jo mieningsfoarming bedoel ik, goed wêze en hâld it rychje fragen út de earste alinea's fan dit stikje yn ’e achterholle. Keapje en lês dit fierder prachtich fersoarge boek, dat ien fan de wichtichste Frysktalige poëzij-oeuvres fan de ôfrûne ieu befettet – al wit Tineke Steenmeijer-Wielenga net wêrom’t dat sa is, want sy seit it allinnich oaren mar nei.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten