donderdag 15 september 2011

KOLLUM (14): Frysktalige kultuer is in fjoer dat útdôve wurdt

Fannejûn giet it iepenlofttoanielstik ‘Redbad’ yn premjêre, moarnjûn is it Fryske Boekefeest yn Tresoar en sneon iepenet De Harmonie yn Ljouwert it Fryske teaterseizoen. In goed momint, ja, in prachtich momint, om te konstatearjen dat it topsegmint fan de Frysktalige kultuer systematysk smoard wurdt troch it Ryk en troch de provinsje Fryslân sels.

Duh? Wat seit er?

Asfyksy betsjut 1) ferstikking troch in te min oan soerstof yn de azemlucht of yn de bloedstream; 2) it útdôvjen fan in fjoer troch in te min oan soerstof.

Soe it sa slim wêze?

Ja, sa slim is it. Mar dat wolle de measten dy’t harsels graach wiismeitsje wolle dat der neat oan de hân is, dochs net leauwe. Dy minsken geane moarnjûn bygelyks foar Hylke Speerstra, Ilanois, Tet Rozendal, Abe de Vries, Grytsje Schaaf en Elske Kampen mei in fleurich sin nei de timpel fan Tresoar. Om yn in noflik byinoar wêzen wer de heechmis fan harren ‘Fryskens’ mei-inoar te belibjen. Dy geane fannejûn nei it Suderstrân fan Starum, om live te oanskôgjen hoe’t histoaryske helden anno 2011 konstruearre wurde. En se sille sneon ta harren grutte opluchting te hearren krije dat der wiswier ek yn dit jier fan Halbe de Sloper wer genôch kultureels te rêden is yn Ljouwert.

Genôch “kultureels”, wis, dat is der wol. Kultuer is der lykwols yn allerhanne soarten en wat der yn Fryslân benammen wol is, is kultuer foar de breedste groep, kultuer dy’t útskaait nei fermeits, sis mar, ‘culture-light’. It hegere segmint, de kultuer dy’t op it foarste plak in djippe refleksje wêze wol op de Fryske werklikheid, dy kultuer ferdwynt. Erodearret. Lekt fuort. Stikje by bytsje. Net allinnich út himsels, mar benammen troch maatregels fan oerheid en semi-oerheid.

Heechlearaar Frysk Goffe Jensma hie it yn in stikje yn de LC fan 23 maart oer it âlde “denken in termen van verlies”, dêr’t Fryslân wol sûnder kinne soe. Hy woe hawwe, it wie hjir te uzes ien en al “sentimentele nostalgie”. Hoe skrinend is it dan om te sjen dat it ferlies meikoarten ek foar de doar fan de perfesser stean sil – want syn stúdzje Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins hâldt gjin studinten mear oer, no’t it Ryk de eigen bydrage foar twadde-fakstúdzjes mei tûzenen euro’s ferhege hat. Frysk studearje op universitêr nivo is aansen net mear mooglik.

Oan de Fryske Akademy wurdt al gjin literatuerûndersyk mear dien sûnt Jensma nei Grins gie. Leksikografy, wurdboekkunde, dat is der noch al, mar djipgeande stúdzjes nei de Frysk-literêre refleksje op “de wrâld”, dêr hat de Akademy ûnder oanfiering fan direkteur Reinier Salverda mei ôfweefd. Sa’t it hjit om’t der gjin jild foar is, yn werklikheid om't it manageminttiim fan de FA fynt dat it der net mei skoare kin.

Omrop Fryslân, om ris nei in hiel oar miljeu oer te skeakeljen. It is in prachtferskynsel, mar betsjinnet benammen it grutte publyk, dat oerémis rekket fan fierljeppen en pealsitten. Mear romte foar “hegere” – oei, oei, fout wurd! – kultuer betsjut mear stjoertiid en mear jild. Beide mei de Omrop net barre. Slimmer noch, it wurdt allinnich mar minder mei dy stjoertiid en dat jild. De provinsje lûkt in bydrage fan 1 miljoen euro jiers werom, meiwurkers moatte by boskjes de doar útwurke wurde en it Ryk twingt de Omrop om aansen ek noch yn in keursliif mei lanlike stjoerders – it oerlis is al drok geande. Ald-haadredakteur Rimmer Mulder fan de LC liet okkeries al witte hokker kant it wol útgean sil: nóch minder kultuer, en konsintraasje op nijs.

De LC en it Frysk dan. Dat is fansels in bekend ferhaal. Sa’n 2 persint fan de teksten yn de krante binne yn it Frysk. De opfallende Frysktalige kollumskriuwer Trinus Riemersma is ferline jier fuortfallen en noch hieltyd net ferfongen. Frysktalige kultuer wurdt troch de kultuerredaksje fan de LC sjoen as minderweardich en net nijsgjrrich – it is dat Fedde Dykstra en Sietse de Vries der noch omrinne en dat Pieter de Groot noch freelance syn stikjes skriuwt, oars soene we út de LC hielendal it idee krije dat der domwei gjin Frysktalige kultuer mear bestiet. Wat dat oanbelanget – en net om’t ik der sels sa út en troch wat foar skriuwe mei – docht it FD it in stik better.

It is wier: de sitewaasje fan de kranten hat net sasear te krijen mei oerheidsmaatregels. Lykwols is der by de provinsje ek gjin inkelde oanstriid te merkbiten om de posysje fan it Frysk en de Fryske kultuer yn beide kranten te stypjen. Lucht te jaan.

Deselde ûnwil, deselde “hands off policy”, hawwe wy sjen kinnen by de delgong fan de stifting It Fryske Boek en it ferdwinen fan de Sutelaksje. It skeelt de útjouwers 20 persint fan har omset út it Frysktalich fûns. Der is ferline jier al wat jild op tafel smiten, sadat in opfolger, de stifting Boeken fan Fryslân, no út ein sette kin yn de Moanne fan it Fryske Boek. Mar de organisaasje dêrfan is oan de útjouwers oerlitten, en dy hawwe op ’t heden ek wol wat oars oan ’e kop – se moatte domwei sjen dat se de siken hâlde. Se wiene bliid dat se meilifte koene op it ûnbetelle idealisme fan de 2000 frijwilligers fan de Sutelaksje – dêr kinne se eins net sûnder.

Oer de driigjende besunigingen, troch it Nederlands Letterenfonds, op de beide Frysktalige tydskriften ensafh en De Moanne ha ik earder skreaun. Ofwachte moat wurde oft de provinsje yn 2013 de klap opfange wol. Tryater, noch sa’n ferhaal. Nei fûl protest út Fryslân gie dit jier in besuniging troch it Ryk fan 1,9 miljoen fan tafel, mar it selskip rekket al 4 ton kwyt. Op in budzjet fan 3,5 miljoen is dat sa’n 12 persint. It bestjut sûnder mis: minder kwaliteit, minder foarstellings.

My tinkt, sa is it wol dúdlik? Wat asfyksy betsjut?

En wat ek wol dúdlik is, dat is wat de ynset fan kultuerdeputearre Jannewietske de Vries wêze moatte soe, as it derom giet wat fan dy tafaller fan 37 miljoen euro yn te klauwen. Ik winskje har alle súkses. Miskien helpt it as jim har as blyk fan stipe en by wize fan oantrún dizze kollum maile?

6 opmerkingen:

  1. Fryske kultuer stiet en falt mei de Fryske taal - sprutsen en skreaun. Op grûn dêrfan besteane de Fryske Akademy, Tresoar en studzjes Frysk oan de Universiteiten. Yn de Fryske literatuer fynt refleksje plak op en beskriuwing fan de wrâlden dêr't it Frysk in rol spilet. Dat is wichtich foar Fryslân, dat is wichtich foar Nederlân dêr't dit stik kultuer in ûnderdiel fan utmakket.

    Kultuer (c.q. literatuer) is gjin natuerferskynsel, der moat omtinken oan jûn wurde, it moat hoede wurde, der moat soms sels foar striden wurde. Yn it foarste plak sil de polityk hjir in rol spylje moatte, in polityk dy't ynstânsjes yn it libben roppen hat dy't politike ideeën en winsken stâl jaan moatte. Spesjalisten mei in team dogge dat wurk. Ik neam yn dit gefal Jensma c.s.(Universiteit), Salverda c.s.(Fryske Akademy) en Looper c.s.(Tresoar).

    Salverda hat yn syn rede fan 2010 it wurd literatuer net neamd - de polityk soe him hjir op oansprekke moatte, want hy ûndergraaft syn eigen doelstellings fan de Akademy.
    Fan Jensma haw ik net heard hoe't hy op universitêr nivo de kontemporêne literatuer wichtich fynt en ferdigenet - hy soe foar dit stik Frysk-Nederlânske kultuer fjochtsje, lobbyje en it mes yn de bek nimme moatte. Nee, Jensma bart syn heechleraardjild, en...is stil!

    Op Tresoar sit in offisjele literatuerbefoarderer. De man hat gjin diplomatike jeften, sit fol wraakgefoelens, en is kontaktgestoard oangeande ûnderskate skriuwers, en tsjinoer utjouwers bûten Fryslan, kin op grûn dêrfan ek yn it politike spektrum foar de literatuer neat betsjutte. Dat is al 18 jier it gefal. En jo binne noch ferbaasd Abe de Vries as jo dizze feiten lêze?

    As lêste, de foarsitter fan it Skriuwersboun skriuwt net mear yn it Frysk - no, dan binne je as simpel skriuwerke dochs folslein oan de filistinen utlevere?

    De Kulturele Haadstêd kin allinne dat predikaat krije as de literatuer (taal) yn it Frysk sintraal komt te stean - dat is it iennige wat ûnderskiedt fan oare kandidaten. Ik ken dizze kultuerbefoarderer net - Keizer is de namme - ik wit allinne dat er fan literatuer neat wit, dat wurd ek nea yn de mûle nimt. Mar faaks falt it ta.

    Konkluzje: ynformearje alle politike partijen dat hjir net te ferfangen kultuereleminten nei de bliksem geane, en ferfang sa gau as mooglik de folslein ûngeskikte literatuerbefoarderer troch in oansprekkende literatuerleafhawwer(ster) mei kennis fan saken en sûnder rankune en wraakgefoelens oangeande skriuwers. De literatuer is wol in 'moard' wurdich.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Hee Josse, dyn reaksje is oppikt troch de NachtRider. Sjoch www.denachtrider.blogspot.com. Foar eventuele bydragen oan de NachtRider kinst maile nei denachtrider@gmail.com.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. It hegere segmint, de kultuer dy’t op it foarste plak in djippe refleksje wêze wol op de Fryske werklikheid, dy kultuer ferdwynt. Erodearret. Lekt fuort. Stikje by bytsje. Net allinnich út himsels, mar benammen troch maatregels fan oerheid en semi-oerheid.

    Dat hoecht net sa te wêzen. Minsken mei artistike pretinsjes hawwe genôch 'drive' om harren dreamen wier te meitsjen. Unôfhinklik fan hokfoar ynstelling, oerheid dan ek.
    Ik ha in grut betrouwen yn 'e krêft fan it skeppen. De hiele rimram deromhinne is fan minder belang. In hjoeddeiske keunstner sil wol mear skeakelje moatte: fan skepper nei kultureel ûndernimmer vice versa. Mar hoe't de sitewaasje der oer pak him beet 50 jier hinne leit wit net ien.

    BeantwoordenVerwijderen
  4. @elmar: Minsken dy't skeppe sille wat stipe ha moatte, minsken dy't mei kultuer dwaande binne - literatuer yn dit gefal - jouwe wat oan de mienskip dat wat fierder giet as it 'bole-en-boartsjen-aspekt' dêr't in soad lju gek op binne. In lân mei allinne itensieden, ite en fermeits is in oar lân as dat dêr't noch wat mear te belibjen is.

    Do bist immen mei in fin mear as in bears, primêr skepper, ien fan de meast ynteressante yn Fryslân (c.q. Nederlân). Sokken moatte earder stipe wurde as ynstituten dy't besteane om harsels en har net-kreative meiwurkers.

    Ik lies it yn memoriam fan Eeltsje Hettinga oer in wichtich Frysk dichter dy't krekt stoarn is - Binne Lutzen Boarnstra. Hy is syn hele libben troch de offisjele ynstânsjes leechlein en boykotte, benammen troch Tresoar. Hy bestiet net foar de SPIEGEL, en is dûbel dea no.

    Fan dit kabinet witte we dat se kultuer iepen en bleat kapot meitsje, ('fine anty-literatuer-befoarderers',Binne) dogge dat yn it genyp. Binne Boarnstra hat wichtich west foar de Fryske literatuer, mei wat mear stipe hie er fêst mear skreaun.

    Ik bedoel, Elmar, do bist it bewiis mei dyn wurden oer skeppen dat de kultuer bewust nei de bliksem holpen wurdt. Wêrom wol belêstingjild nei in nije nukléêre sintrale, nei djoere anty-literatuer-befoarderers en net nei de skeppende mins sels?

    BeantwoordenVerwijderen
  5. It nijsgjirrige by it boekefeest freedtejûn wie foar my net allinnich de oanwêzigen mar ek de ôfwêzigen. Wat sizze dizze ôfwêzigen? Ek it gefoel fan nei binnenkeartheid sûnder nei bûtenkearde ekspressy koe ik net ûnderdrukke.

    BeantwoordenVerwijderen
  6. Hee Klaas Sietse! Mei dy ôfwêzigen bedoelsto Elmar en Josse?
    Oer dy ekspressy, bedoelst dat it hiele feest yts azeme fan nei binnen keard wêze?
    Wêr leit dat dan oan, oan de taal, oan de ûnderwerpen?
    Wy moatte oars noadich wer ris byprate.

    BeantwoordenVerwijderen