De Tsjerne, 10 jier nei Kneppelfreed (1)
It Keppelfeest is út ein set as oanrin nei de betinking op 16 novimber fan Kneppelfreed – dy dei, yn 1951, fan Fedde Schurer. En ferline wike binne, hast ûngemurken, einlings, de Samle Fersen fan Douwe Tamminga ferskynd. Schurer en Tamminga hawwe lang mei syn beiden yn de redaksje fan de Tsjerne sitten. De kommende wiken wol ik sa út en troch ris strune yn de 16e jiergong, dy fan presys fyftich jier lyn, fan 1961. Tsien jier nei Kneppelfreed. Om te sjen wat der doe spile. Om te sjen hoe’t sy it dienen. Systematyk sit der net yn dizze stikjes, inkeld it patroan fan myn eigen belangstelling.
It Israëlnûmer fan de Tsjerne ferskynde as nûmer 2/3 fan 1961. Yn ’e redaksje sieten doe ek Freark Dam, Eeltsje Folkertsma en Durk van der Ploeg. Folkertsma, de grand old man anneks wrâldfrjemde rariteit, wie doe al op jierren en spile gjin grutte rol mear; Freark Dam wie in jongkeardel dy’t leaver wat op ’e achtergrûn bleau, wylst Durk van der Ploeg de angry young man fan de tradysje spile. Hy polemisearre yn dizze perioade mei in Quatrebras-auteur as Steven de Jong oer de kânsen fan it eksperimint foar de Fryske poëzij. Schurer en Tamminga wiene troch de wol ferve feteranen yn ’e literatuer. Sy hiene de leie yn hannen en foarmen de rêchbonke fan it tydskrift. Alle fiif de redakteuren wiene grut wurden mei de bibel, dy’t ien fan harren, Folkertsma, ek noch mei yn it Frysk oerset hie.
Dizze Tsjernegroep, leauwich, protestants, mei each foar tradysjes en tige Frysksinnich, tekene foar it foaropwurd fan it Israëlnûmer. De Tsjerne hie in namme heech te hâlden wat sokke spesjale nûmers oer fiere lannen oanbelange. Earder al ferskynden ôfleveringen oer Bretagne, Amearika, Suriname en Noorwegen. Wêrom no Israël?
“Wy miene te witten,” skreau de redaksje, “dat de belangstelling foar de kulturele en politike opbou fan de nije Joadske Steat ûnder de Friezen lang net lyts is. De mear as nijsgjirrige Israëlysk-nasjonale werberte, de oplibbing fan de oerâlde taal en de delslach dêrfan yn in jonge literatuer sille dêr net frjemd oan wêze. Ek yn Fryslân, al is it yn in folle beheinder ferbân, hawwe wy te meitsjen mei in taalûntjouwing, oanpassingsprosessen en literêre nijbou, dêr’t de lytse groep, dy’t foar in folkseigen kultuer yn it spier giet, ûnûntkomber foar komt te stean.”
Dat is de earste reden dy’t de redaksje jout: it gefoel fan in nasjonaal-politike besibbens. Fansels docht dat yn ús eagen (sorry, myn eagen) suver wat grotesk oan. It projekt fan de Frysk-nasjonale “werberte” hie himsels ommers noch mar tweintich jier earder om sjippe holpen yn ‘e kollaboraasje. Der sille yn 1961 werklik net safolle Friezen mear omrûn hawwe dy’t nasjonaal opkitele waarden troch de opflecht fan de Israëlyske steat. En hoefolle soene der weet hân hawwe fan de de “oplibbing fan de oerâlde taal” yn Israël?
Bliuwt oer de werklike oarsaak fan dit Israëlnûmer, nammentlik de de fassinaasje fan de Tsjerne-redaksje sels foar in oare “lytse groep, dy’t foar in folkseigen kultuer yn it spier giet”. Schurer wie syn eigen ‘bining ferbrutsen’ al lang wer fergetten.
It foaropwurd neamt dan fierder as reden fan de belangstelling foar Israël “de see fan ellinde, dêr’t de lêste wrâldoarloch dit folk yn ’e diaspoare yn dompele hat”, mar wichtiger noch wie de mienskiplike boarne fan it leauwe: de bibel. “Mar boppe-al is dêr ommers de histoaryske bining. Oan dit âlde lân ûntsprongen ieren, dy’t ús westersk-kristlike beskaving op’en djipsten noch altyd befloeie en befruchtsje.”
Dizze kombinaasje fan kultureel nasjonalisme en religieuze besibbens hie fan gefolgen dat de redaksje der gjin muoite mei hie om foar de gearstalling fan it Israëlnûmer oan te klopjen by de ôfdieling Kulturele Saken fan it Israëlyske ministearje fan Underwiis en Kultuer. It haad fan dy ôfdieling wie de út Nederlân emigrearre Jozeph Melkman (1914-2009), in eardere redakteur fan it Nieuw Israëlitisch Weekblad dêr’t se mei yn ’e kunde kamen troch Fokke Sierksma. Melkman te Jeruzalem wie “ús midsman en riedsman (..) by it gearstallen”, wylst de Israëlyske ambassade yn De Haach rette mei it yllustraasjemateriaal en de biografyske gegevens fan de Israëlyske auteurs.
Yndied: Israël hat grif wolris mear muoite dwaan moatten foar de fersprieding fan syn propaganda.
It nûmer moast in byld jaan fan wat der yn Israël geande wie op it mêd fan literatuer, taal, toaniel en muzyk. De oanpak kaam der fansels op del dat in byld jûn waard fan wêr’t joadsk Israël mei dwaande wie; de Arabyske ynwenners foelen bûten de boat, as hiene dy gjin taal, skreaune dy neat, spilen gjin toaniel en makken gjin muzyk. It Israëlyske ministearje sels – dat wol sizze, dr. Melkman – fersoarge in soarte fan ynlieding, dêr’t de Arabyske befolking yn ien rigel oan 'e oarder kaam:
“Mar om’t de Arabieren gjin frede slute woene, noch mei de Sionistyske beweging noch mei de Joadske steat, moast de opbou [fan de joadske steat – AdV] yn syn wurken gean as yn ‘e dagen fan Nehemia mei it swurd yn ‘e fûst. Fangefolgen stiet Israël al jierren ûnder de wapens, in echt folksleger, dêr’t manlju en froulju yn tsjinje.”
It is it byld dat Israël graach nei bûten brocht. Kin men anno 2011 it de Tsjerneredaksje fan doe kwea ôf nimme dat se op syn bêst in etnosintrysk en op syn slimst in rassistysk nûmer útbrocht hawwe? Ik wit it net. Yn alle gefallen is dúdlik dat de redakteuren net by steat wiene om út te stigen boppe harren eigen, mei troch tsjerklike achtergrûn ynjûne sympaty en belangstelling cq. Frysk-politike aginda. Belangryk foar dy aginda wie net de islamityske Palestyn dy’t fan syn bertegrûn ferdreaun waard. Belangryk wie, yn ’e wurden fan de handich op Fryske gefoelichheden ynspyljende dr. Melkman, “de Israëli, (..) dy’t likegoed hinne en wer slingere wurdt tusken it entûsjasme fan ‘e fernijing en de romantyk fan it ferline”.
It is ek wûnderbaarlik om te merkbiten hoe moai de skets dy’t Melkman jout fan it wurk fan in promininte joadske auteur, Samuel Joseph Agnon, past yn in beskaat soart Frysk-religieus-polityk tinken, noch altyd. In tema fan Agnon is “de tsjinstelling, de paradoks oant yn it fantastyske tusken de geweldige technyske foarútgong yn ’e wrâld en de minsklike siel dy’t yn ’e knipe komt en dy’t yn de nije maatskippij gjin tehûs, gjin wenstee fynt”. Koart om'e bocht is dat neat oars as de kleau tusken Ferljochting en religy, mar by Agnon giet it benammen om de ynfloed fan dy botsing op in lytse, sletten mienskip: de Joadske mienskippen yn East-Europa fan foar de Twadde Wrâldoarloch.
En sa’t de westerske kultuer, yn kasu Dútslân, yn de tiid fan de Weimarrepublyk in modernisearjende (bedriigjende) útwurking hie op de jiddyske kultuer, sa hie de moderniteit yn ’e eagen fan ús Tsjerne-redakteuren Dam, Folkertsma, Van der Ploeg, Tamminga en Schurer syn kwealike gefolgen foar de (protestantse) ‘natio Frisica’. It sil ek de refleks fan in protte lêzers west hawwe. It moat my raar misse of de lêzer fan de Tsjerne lies mei in gefoel fan werkenning dat by Agnon de plichten dy’t Mozes ús oplein hat, faak net achtslein wurde omdat de ferlokking fan de wrâld “al te sterk troait en dêr kin oars net as lijen en selsferwyt út fuortkomme”.
Goed. Ien gedicht yn it Israëlnûmer sprong der foar my út. It is fan David Shimoni (1886-1956) en it is, út it Ingelsk, oerset troch Fedde Schurer:
Skielk bart it dat de geast
Skielk bart it dat de geast, oprizend, lichems finz’nis
Untkomt, as in rivier dy’t alle diken brekt
De ein fan alle flesk: inkeld geast, licht en neaken
Inkeld siel, dy’t ta siel sûnder wurden sprekt.
En dy stien yn it lân, swier en stom en fergetten
Is gjin balstien, mar geast fan ‘e lydsumheid
It oarspronklik begryp, yn syn kearnen besletten
Stoarret nei wêr’t de grins fan de oerstilte leit.
En de skonk fan dat mûldier, swier bûgd ûnder lêsten
Wêrom kobbet it swit op dy triljende skonk?
It is pine om de twang en in langst net te dwêsten
Nei befrijing as ’t lûd fan ‘e driuwer ferklonk.
Jit slommet de skepping, in bern yn ‘e nane
Dat boartsjend syn tean yn ‘e wrâldromte stekt
Mar rûnom sjonge al ingels, en feestfjurren baarne
Foar de geast dy’t oerwint en de grinzen trochbrekt.
In beam palmet langhalzjend op nei de sinne
En de sinne dript bloed fan har bloed yn syn lea
En trochsichtich fan huverjend langstme sa rinne
De kleuren him op en ôf – grien, goud en rea.
Skielk, ferlost sil dy beam ta ûntaastb’rens genêze
Leafde sprekke yn ‘e taal fan it twadde begjin
En der sil in grutte, langjende opflecht wêze
Nei de skientme dy’t is, mar nóch net komme kin.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten