woensdag 7 september 2011

KOLLUM (13): Wy binne de blurbs net brek, mar drige de basis te ferboartsjen

Earne rint der altyd wol immen troch de strjitten fan in terpdoarpke of de stegen fan in stedssintrum dy’t fan doel is in wichtich beslút te nimmen. In beslút dat yngeande gefolgen hat. Sil ik wat ik te sizzen ha, yn it Frysk opskriuwe of yn it Hollânsk? En altyd wer binne der dan dochs lju, ja, jo snappe der werklik neat fan, dy’t der foar kieze om har earste gedicht, har earste ferhaal, yn it ljocht te jaan yn de prachtige taal fan Gysbert Japiks.

Dát lykwols – dêr wiist alles sa njonkelytsen wol op – is op syn bêst in sentiminteel, op syn slimst in dom beslút.

Want stel, it slagget him (of har) om, fansels mei help fan it wurdboek, in fetsoenlik keunstwurk op papier te krijen. Dan tsjinje trije fragen har oan. De earste: wa sil it útjaan? De twadde: wa sil it lêze? De tredde: wa sil der op reagearje? Ek ast al in jier as tsien yn it Frysk skriuwst, en belangrike prizen krigen hast, en yn oersjoggen neamd wurdst, dan noch blykt dat deselde trije fragen elke kear wer steld wurde moatte. Ommers: faaks wurdsto yn ’e rin fan ’e tiid wol in hieltyd betûfter skriuwer of dichter, mar it tal útjouwers dat dyn wurk graach útjaan wol, it tal lêzers dat it lêze wol en it tal kapabele reagearders dat reagearje wol, dat wurdt ferdulleme like hurd lytser.

It nuvere is no, dat it “literêre fjild” – om ek mar ris in kear neffens de moade oan Bourdieu te referearjen – dat allegear net sa slim liket te finen. As it al sa is, dan is dêr net folle fan te merkbiten. As it al sa is, dan wurdt it antwurd socht yn “de media”, yn “sichtberens”, yn "netwurken". It tal lêzers fan Fryske literatuer hat noch noait sa lyts west as hjoeddedei, mar tagelyk hawwe noch noait sáfolle skriuwers war dien om de wrâld witte te litten dat se bestean, op FaceBook, op Twitter, op you name it en dêr treft men harren wol oan. Wat giet hjir dus mis?

No sil ik net úthâlde dat social media net belangryk binne yn it oangean fan in bân mei lêzers – dat binne se al en moai dat der sa’n protte gebrûk fan makke wurdt. Ik leau allinnich dat der folle mear mei dien wurde moatte soe. Ik leau net dat in nij publyk berikt wurdt mei in ûneinige stream trivia dy’t kommunisearre wurdt: wat men te iten hân hat, wêr’t men mei fakânsje west hat, hokker muzyk men graach heart, wat de frou moai fynt, wat oft de man noasket, hokker brokken de hûn yt en hokker kleur de kat skyt.

Soe it foar in skriuwer net altyd en oeral gean moatte oer syn literatuer? Oer literêre teksten? Oer wat dêr allegear achter en ûnder en yn sit?

Social media ombûge rjochting de literatuer, dat liket my de baas. Mar dat is dan noch net genôch. In literatuer dy’t himsels serieus in literatuer neame wol, hat dêr noch in laach ûnder sitten, in betsjuttingslaach – op papier, om’t it no ien kear sa is dat minsken net gau stikken fan in pear tûzen wurden op ynternet lêze sille. Der soe in wikselwurking ûntstean moatte: it essee, it langere skôgjende stik op papier, kin yn de foarm fan koarte gearfettings oanwêzich wêze op ynternet, wylst it ynternet wer ferwize kin nei it papier.

Ynteraksje sûnder ferdjipping is boarterij, goed foar de ego’s mar sûnder betsjutting foar de literatuer. De realiteit anno 2011 is dat wy de blurps net brek binne, mar de basis drige te ferboartsjen.

Lange, beskriuwende en analysearjende oeuvreskôgings oer wurk dat de ôfrûne tsien, tweintich jier skreaun is, wurde net skreaun. Yn de literêre tydskriften binne sokke teksten net te finen. Sa út en troch treft men dêr noch ris in stik oan oer in skriuwer dy’t al op syn minst in heale ieu ûnder de griene seadden leit. Hast noait in kontemporêne oeuvreskôging. Dat moat oars, liket my. Dy’t Frysklêzers hawwe wol, moat op it foarste plak soargje dat dy lêzers it idee krije dat it de muoite wurdich is. Dat it wat om ’e hakken hat. Literatuerhistoarje is prachtich en needsaaklik, mar yn syn nuodlike ferskining fan hjoeddedei hat de Fryske literatuer no krekt ek ferlet fan it hjir, it no.

Ergo, in konkreet útstel. Fan ús belêstingsinten wurdt 50.000,- euro – fansels frij fan belêsting út te beteljen – reservearre foar in ekstreem linkse hobby. Foar tsien skriuwopdrachten, nammentlik, foar oeuvreskôgings oer it wurk fan fiif moderne dichters en fiif moderne proazaïsten. Yn it skriuwproses kinne social media faaks ek noch in rol spylje: bekendheid jaan, om ûnderfinings freegje, fragen útsette. The best of both worlds. En nei tsien jier komt der wer sa’n projekt. En tsien jier letter wer. Lêzers kinne de djipte yn. Skriuwers krije respons.

Ja, dan wurdt sa’n beslút om foar de prachtige taal fan Gysbert Japiks te kiezen al in stik minder dom.

5 opmerkingen:

  1. In skoan idee, Abe. Mar wat is der mooglik as de utjouwers it sitte litte (sjoch ek Elmar), as de Fryske Akademy him net mear mei de Fryske Literatuer ynlit - it wurd LITERATUER bestiet dêr blykber net mear - en ut de universiteitswrâld ek neat fernommen wurdt?

    De lêzings oer poëzy en proaza fan de lêste 10 jier dy't Tresoar organisearre - se waarden essays neamd - hiene mear fan opsteltsjes fan in middelbere skoalle as fan trochtochte en erudite ferhalen, basearre op kennis fan literatuer.

    In pear jier lyn frege de Akademy oan in tolvetal skriuwers in essay oer it wurk fan Trinus Riemersma te skriuwen. It boek soe oanbean wurde op syn 70e. Riemersma libbet yntusken net mear, en de stikken tekst oer syn wurk sitte opburgen yn PC's, of toarkje om yn de digitale wrâlden.
    Mei oare wurden, jo tinke wol twa kear nei foardat jo wer oan sa'n klus begjinne.

    De Fryske Literatuer is ien fan de wichtichste eleminten om de (Fryske) kultuer te stypjen - ûnder oare de Fryske Akademy en Tresoar. Foaral de moderne literatuer fan nei de 2e wrâldkriich is ynteressant, ek foar it hele Nederlânske taal- en kultuergebiet. As dy studzjes oer literatuer der by ynsjitte lit Fryslân/cq Nederlân in gat falle yn de studzje fan de ûntwikkeling fan in wrâldbyld yn it Frysk. Dat kin letter nea wer ynhelle wurde - skiednis is heel wat oars as literatuer.

    As leste: in kulturele haadstêd sûnder literatuer is in haadstêd sûnder holle. No sa!

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Ha Josse! Ja, it wurdt tsjuster, mar ik leau net dat it doel hat om jin dêr by del te lizzen. De FPB is der noch, Afûk, Elikser en faaks is it ek net ûnmooglik - en soms miskien wol handiger - om sels út te jaan.

    Ik tink dat der yn dizze sitewaasje - dy'tsto al oantsjust: gjin literatuer oan de FA, stúdzje Frysk yn Grins ferdwynt - in beweging noadich is om skriuwers dy't harren de lêste jierren weromlutsen hawwe út it publike debat, der wer by te skuorren. De nammen kin elk sels wol betinke. It is neffens my oan de tydskriften om dêr inisjativen yn te nimmen, en as dy neat dogge - wêrom moatte jo altyd earst roppe? - dan soe Tresoar faaks ek in rol spylje kinne. Dêr moat dan al goed oer neitocht wurde.

    De teksten oer Riemersma soene fansels noch wol ferskine kinne - as immen de stap nimt om se byinoar te fandeljen, subsydzje oan te freegjen - wat te dwaan.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Hoi Abe en Josse,

    De skriuwers sille sels fanwegen komme moatte.
    In skriuwer mei ambysje sjocht oer de grinzen hinne. Wêrom noch langer publisearje by dy klupkes?

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Hee Elmar, jawis, wy sitte net oan klupkes fêst. As it goed is, ferskynt myn 6e bondel twatalich by de Contrabas. Mar dat nimt net wei dat jo wolle soene dat der hjir - ik bedoel, yn FRL - ek noch yts fan in ynfrastruktuer oerbliuwt. Altyd wer bewege...

    BeantwoordenVerwijderen
  5. Mar wegen kinne op 'e nij oanlein wurde. Net mei asfalt mar mei sân en jiske en sa bochtich as de Slachte. De skriuwers hawwe it ark yn hannen.

    BeantwoordenVerwijderen