goed, en as de swarte modder dy wer rinnen sjocht
as reinwetter yn in trekkerspoar
yn dyn fetlearen jek oer it paad lâns de blikfeart
dy’t bochtet nei de mûne yn ’e jûn
en mei in ôfgriis moat de moanne oer de wjok
dan hasto net safolle mear te sizzen
want de simmerdagen hast fier achter dy litten
it swit dript dy swart yn ’e fuotstap en dyn kiel stiet yn ’e brân
moai, en as op tafel dan de peukebak en it glês sûpe noch stean
njonken de leechskrabe itensamer en it sunich ljocht
fan it byldskerm raant dy de hûd fan it fleis
it taaie reade fleis sis mar dat it hiinsteljirre is
en yn ieltsjefellen hasto dyn oeren fuortjûn
oan de âld man dy’t dy noait foarlies
út it frysk mearkeboek fan master klaas haakma
okay, en hearsto ek it fiskwiif skellen dat yllegalen útskyt
middeis as de klok tolve slacht en de bern toutsjespringe
op de hoare skoalpleinen fan froubuurt en âlde leie
it iene doarp sûnder tsjerke en it oare sûnder hôf
dêr’t de fokse strúnt en it folk ferstrûpt as de rûpen en
útbaarnt ûnder de grûn
de boeren dy’t de ierdappels der út hawwe
seit de bildtse post
komme gear dêr’t de roaier har fergarret
dan earst peddelje yn ’e hjerstnacht oare kant seedyk
wer op dea tij
de romeinen om in tried werom te finen fan de trije findels
etyk, estetyk en erotyk
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten