dinsdag 29 oktober 2013

Protter

Wa kin in takomst út wat oan-
waait besnaffelje? Witte
hoe’t yn ’t bassen fan wyn
en tûken de swipe slacht
oer it orkest fan febrewaris,
of sizze kinne wat winter-
fearren binne – it is net
genôch. Mar fiele datst
bomiis op ’e moanne wiest
en no wer fan wetter bist,
no’t de sinne oan de kear-
kring fan syn himelomgong
snierommet en stúmsk en
bokkich boppe dy nei de
nachtkampen rint, dat
smyt de ljochtplakken op
dy’t it dei-en-nachtferskil
útwiskje sille. En wa kin
strielen heine dy’t troch de
koer falle? Sjen hoe’t skaden
itenstafels ôfromje nei it
miel, krommels sammelje
foar ’t klomjend kroast, slij
nei sjongsied, lykas dy –
it is net genôch. Mar witte
datst in prachtige protter
bleaun bist, datst noait net
skansearre wurde kinst,
tenei dyn bêst dwaan silst
en leau net yn de leagens
fan it liet, mar flean dy frij,
oan’tst op in dei weromfynst
wat ynienen ferdwûn,
in hert dat bruts doe’t it
foel út witten en sizzen wei.


*

Geen opmerkingen:

Een reactie posten