Moarn wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad. Oer de winsklikheid fan it oersetten fan resinte bestsellers yn it Frysk. Bygelyks as boekewikegeskink, ien kear yn de safolle jier:
"Dêrom liket my de Fryske edysje fan Ynferno in belangryk boek yn de befoardering fan it Frysk lêzen. De ferskining jout kânsen om in protte minsken yn ’e kunde te bringen mei Frysktalich proaza en in gruttere groep as wenst te bewegen in kear foar in Frysktalich boek te kiezen. Alle lof dêrom foar Luitingh-Sijthoff, mar de fraach dy’t by my opkomt is dizze: kinne sokke operaasjes ek net ris in kear troch Fryske ynstitúsjes, útjouwers, oare bedriuwen en byneed oerheden lansearre wurde?
Wat in foardielen soe dat hawwe, allinnich al wat it publisiteitssirkus oanbelanget. Dat, wêrom net, om it jier bygelyks, in oerset Frysk boekewikegeskink fan superskriuwers as Dan Brown, Stephen King en Mary Higgins Clark?"
Geen opmerkingen:
Een reactie posten