Sneon yn it Friesch Dagblad in oardel side grut stik oer it nijste boek fan Josse de Haan, Frozen moonlight yn myn hannen, in samling meast earder publisearre kritiken, skôgingen, gedichten en wat net:
"Hat De Haan syn ideologyske nêstfearren alsa noait werklik ôflizze kind, syn ynset, hertstocht, felheid en skeppingskrêft wurkje noch altyd ynspirearjend. Foar my teminsten. Ek yn syn nijste boek. Nim syn ferûntweardiging oer de sensurearre werútjefte fan de lytse roman Leafdedea fan Homme Eernstma (ps. fan Feije Sixma van Heemstra). Leafdedea ferskynde yn 1963 as spesjaal nûmer fan it tydskrift quatrebras en smiet yn in lytse rûnte nochal wat stof op. Fedde Schurer neamde it “in wurdbraaksel dat ik graach oan pathologen oerlit”.
Under tafersjoch fan De Haan kaam der yn 1994 in werútjefte en twa jier lyn hat Elikser it ûnder tafersjoch fan Tresoar op ’e nij útjûn. Mar diskear wie de frijmoedige en boartlike tekst swier sensurearre troch de Frânske oersetster fan it boek, Agnes Caers; yngrepen dy’t rjochtfeardige waarden troch Alpita de Jong, Teake Oppewal en sûnder mis ek de famylje Sixma van Heemstra. Mar dy’t sa klear as in klûntsje it subversive, surrealistyske karakter fan de roman fuortpoetsten. De Haan syn konklúzje: 'Tresoar hat meiwurke oan it opskjinjen fan ien fan de wichtichste útjeften út it begjin fan de sechtiger jierren'."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten