As it goed sil, leit myn Fryske oersetting fan Ynferno noch foar de Kryst yn 'e winkel. Begjin augustus bin ik dermei útein set. Gelokkich bin ik net fjouwer wike opsletten yn in kelder sûnder tillefoan en ynternet, lykas de trije Nederlânske oersetters...
It is prachtich wurk. Dan Brown skriuwt as in trein foar in grut publyk en brûkt ienfâldige taal - dat lêste falt noch net ta yn it Frysk. De puristen sille aansen wol wat te protteljen hawwe tink, mar dat moat dan mar... Likegoed ha ik noch noait sá faak yn de Zantema en it WFT sjoen as de lêste wiken... Noch fjirtjin dagen, dan is de oersetting klear.
Wilens binne tips wolkom. Wa wit alternativen foar: "Langdon wiisde nei/op..." en "Langdon frege him ôf..."? :-)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten