Moarn wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad. Oer de needsaak om it literatuerpromoasjebeleid yngeand tsjin it ljocht te hâlden en knopen troch te hakken.
"Alsa is de oergong (yn 2010 alwer) fan de literatuerpromoasjetaken fan de âlde Stichting It Fryske Boek nei Tresoar (noch hieltyd) gjin súkses. Hoe’t dat komt, lit him riede. Tresoar, in grut bibleteek- en argyfynstitút dat de literêre promoasje en regelerij der fan de Provinsje wat by dwaan moat, is fan goede wil mar slagget der net yn om syn belied te fûndearjen op in duorsum oerlis mei ‘it fjild’ – skriuwers, Skriuwersboun, útjouwers, boekhannels. Men sil sizze dat men al dwaande leart. En dat it takom jier better gean sil. It is lykwols no tiid en smyt it roer om."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten