Wat kin it foar de Fryske literatuer betsjutte dat Ljouwert útferkeazen is ta Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018? En hoe kin de Fryske literatuer in rol spylje yn it nije kultureel perspektyf dat him oantsjinnet?
In ferkenning fan dy fragen sil basearre wêze moatte op, oan de iene kant, it ferlet dat dy literatuer hat. Kinst net earder wat sterker meitsje as datst in idee hast oer de belangrykste swakke steeën. En oan de oare kant sille kânsen en mooglikheden ynvintarisearre wurde moatte dy’t komme mei it winnende bidbook, de basis fan Lwd2018.
1
Lit ús earst ris nei it ferlet sjen. De belangrykste beheining fan ús literatuer is syn lytse taalgebiet en syn dêrmei korrespondearjende lytse en fierhinne egalitêre en ferâlderjende publyk. In protte problemen dêr’t de Frysk-literêre praktyk mei sit, hawwe dêrmei te krijen. Soks betsjut dat literêre inisjativen yn it ramt fan ‘2018’ der idealiter oan meiwurkje moatte dat it publyk foar Fryske literatuer, sawol yn as bûten it Fryske taalgebiet, sawol provinsjaal as nasjonaal as ynternasjonaal, mear omtinken kriget. En groeit.
Mar let op: in beskaat ynhâldlik aksint, dat eigen is oan in protte minderheidstalige, regionale en ‘perifere’ literatuer, is dêrby net in ding dat oerwûn wurde moat. Krekt net. It feit dat sa’n literatuer de wrâld mei oare eagen besjocht as de literatuer yn de nasjonale taal (de literatuer fan de mearderheid, fan de macht, fan it oantal), dat feit soe bliken dwaan kinne syn krêft en úteinlik syn besteansrjocht te wêzen (út it eachweid fan kulturele diversiteit). De swakte is ûnwissichheid oer eigen krêft en gebrek oan fertrouwen yn it ‘oars wêzen’ fan de eigen literatuer vis-à-vis dy fan de dominante taal. Dat is dus de twadde beheining dy’t ik sinjalearje.
De tredde leit yn it bekende probleem fan de ûnfoldwaande sekundêre literatuer, de smelle basis foar (betelle) literêre krityk, de beheinde mooglikheden foar skriuwers om in ynkommen út skriuw- en skriuwrelatearre wurk te krijen, en de dêrmei korrespondearjende lege maatskiplike status fan skriuwers. It risseltaat is ûnder mear in skeefgroei tusken ynstituten en ‘fjild’; de frijwillige organisaasjefoarmen yn de literatuer ferlieze oan ynfloed, de rol fan betelle meiwurkers yn tsjinst fan de oerheid nimt ta.
Gearfetsjend sit de Fryske literatuer mei a) in te lyts publyk, b) ûndúdlikheid oer syn ‘oars wêzen’, c) ynstitúsjonalisearring, en d) deplorabele arbeidsfoarwaarden.
2
Wat hat it bidbook ‘Iepen mienskip’ fan Lwd2018 yn de oanbieding? Kânsen. Sawol de algemiene ynstek fan it bidbook as de ûnderskate projekten bringe dy mei har mei.
Mienskip, identiteit en diversiteit binne biedwurden fan it bidbook dy’t yndruk makke hawwe op de nasjonale en ynternasjonale sjuery’s dy’t Ljouwert de titel taparte hawwe; dizze trije begripen soene faaks ek sintraal stean kinne yn aktiviteiten mei as doel de Fryske literatuer foarút te helpen de kommende jierren.
Dêrby kin mienskip opfette wurde as ‘de Fryske mienskip’ of it ‘mienskipstinken’ yn Fryslân, dus analooch oan de bidbookbetsjutting. Mar likegoed as mienskip fan lêzers en leafhawwers fan literatuer. Beide mienskippen besteane ommers út minsken dy’t witte dat se wat mien hawwe, mar ek beseffe dat der grutte ûnderlinge ferskillen binne. It sykjen nei wat bynt en it ûnderfinen fan wat nét bynt, produsearret mienskippen op grûn wêrfan’t minsken in identiteit fiele kinne. En it produsearret dús ek diversiteit, yn en bûten de mienskip.
Fertaald nei de literatuer soe Lwd2018 ynspanningstema’s nei foarren komme litte kinne. De wearde fan mienskippen, mar ek de skaadkanten of de destruktive, ûnderdrukkende krêft derfan. Hoe iepen foar it oare, it ôfwikende, it frjemde en it nuvere is sa’n ‘mienskip’ eins? Mienskip is in universeel begryp yn it spanningsfjild tusken yndividu en kollektyf, mar blykber sjocht Lwd2018 genôch reden om it kollektive elemint derfan ta in Fryske bysûnderheid te meitsjen. It is in pretinsje dy’t yn ynternasjonaal perspektyf ûndersocht wurde kin. Begripen as ‘heimweh’ en ‘fernweh’ sitte djip ferwoartele yn de Fryske kultuer. Hoe is dat yn oare Europeeske regio’s?
Wat de projekten fan Lwd2018 oanbelanget, ek dêr lizze ûnderskate oanknopingspunten. Op it foarste plak fansels by it programma oer Slauerhoff, de poëtyske reis nei Malta en it Lân fan Taal, mar goed besjoen is by alle ûnderdielen in literêre ynbring yn te tinken. Lwd2018 soe skriuwers útnoegje kinne om diel te nimmen oan de oanbesteging fan in literêre projektútwreiding, al of net yn gearwurking mei in ynternasjonale keunstner of in kollektyf. Dêr soe in beurzesysteem foar brûkt wurde kinne en ek it útwikselingsprogramma dat Tresoar begjinne wol. Ommers, út it bûtenlân wei falt in oar ljocht.
3
Dan de fraach: hoe kin op basis fan boppesteande ferkenning de konneksje tusken de Fryske literatuer en Lwd2018 realisearre wurde?
It is dúdlik dat der stjoering noadich is, allinnich al om alle kânsen en mooglikheden yn kaart te bringen, mar ek om partisipaasje te begelieden en te ûndersteunen en de ynkadering yn Lwd2018 seker te stellen. Dat kin net oerlitten wurde oan de ûnderskate projektliedingen fan Lwd2018, dy’t ommers it oersjoch misse en faaks net genôch ynfierd binne yn de Frysk-literêre wrâld.
Ik sjoch wol in projektgroep (of hoe’t soks mar neamd wurdt) fan bygelyks fiif minsken ûnder de paraplu fan 2018 foar my: in ferstjintwurdiger fan Tresoar, in part-time meiwurker, in wittenskipper, in fertsjintwurdiger fan It Skriuwersboun, in skriuwer.
Sa’n projektgroep soe begjinne kinne mei it organisearjen fan in lyts tal tema-byienkomsten oer de fraach fan dit stik: hoe profitearret de Fryske literatuer fan 2018? It sil dêrby ek nijsgjirrich wêze te fernimmen wat de ûnderfining is fan oare kulturele haadstêden. Bûtenlânske sprekkers binne belangryk, mar it giet ek om de ynbring fan de literêre ynfrastruktuer yn Fryslân en de skriuwers sels.
Yn alle gefallen komt it der op oan en set meikoarten stappen yn de iene of de oare rjochting. Der binne genôch mooglikheden foar skriuwers en organisaasjes om de Fryske literatuer dingen dwaan te litten dy’t er noch noait dien hat. Dat lytse publyk, dat ûnwisse selsbyld en dy deplorabele arbeidsfoarwaarden freegje om in goed útmikte ynspanning. It risseltaat sil, mooglik, mear wêze as moai wat opkikkerkes yn it ramt fan 2018. As it goed sil wurde der feroaringen yn gong set dêr’t de Fryske literatuer fierder mei op aventoer kin.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten