Moarn yn it Friesch Dagblad wer in Skroeier, diskear oer de syktocht fan it Fries Museum nei it 'Frysk-eigene'. Dy odyssee stiet sintraal yn sawol de nije publyksaksje 'Friese Topstukken' as yn ien fan de nije tentoanstellingen, aansen yn septimber as it FM de doarren wer iepenet:
"Mar wat typysk Frysk is, dat hoecht it FM hielendal net mei grutte publyksaksjes en eksposysjes stiiffol digitale learmiddels en dito belibbingstechniken te ûndersykjen. Ik kin it hjir sa wol efkes út ’e doeken dwaan. Typysk Frysk is Fryslân besjen as it doarpke fan Asteriks en Obeliks: as in feilich skûlplak foar de eigen absurditeit. Fryslân as de romte dêr’t Fryske autentisiteit, ûnôfhinklikens en dwerskoppigens noch altyd, en alhiel tsjin de geast fan de tiid yn, foar master opslaan.
Dat dit Asteriks-kompleks op syn bêst wat oerdreaun en op syn slimst flauwekul is, sil it FM ús aansen wol foarhâlde, moatte jo mar rekkenje. Want dát is ommers it edukative en och sa polityk-korrekte effekt dat berikt wurde moat. Sa wurdt in sels oproppen populisme – besyksifers, dêr giet it by einsluten om! – dalik wer delbêde mei passend ûnderwiis. No, as dat net moai is."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten