dinsdag 26 februari 2013

In spjirblok mear op it fjoer

*

Yn ’e neidagen fan ’t restaurant ‘Homearysk Fers’
hasto de gloarje preaun fan útwurke bollebloed?
Nee?
Orpheus! In liet!

Kom en yt, mar minderje mei ’t sâlt.
Priuw ik koriander?
Hja hjit fan Leny.
Sis mar heksametrysk rint se maratons,
balansearjend mei de gyros. Sy is,
seit de baas, in flitich wiif.
Oberfrou, in ûzo!

(Dy’t gjin biezem riidt, moat faken en folle drave.)

Fallyt is Grikelân.
De reade rys, de reade, swietrokige rys,
de klokken fan wyt Hylander…

Ik bin Hektor net. En wy sitte mar moai sûnder sûflaky.

*

Taksysjauffeuze seit my goejûn:
“Ik bin de bysliep fan captain Kirk."

Dûbele rige fan tolf roeiers set de sokken deryn.
Yn ’e bedelte giet it.
Warpspeed! Foar de wyn!

Wite Marlboro’s opsmokend batst se troch de brâning
de rôljende weagen fan ’t bûtenfjild yn
foar wat dûbeltsjes. (Sit grif wer gjin oboal tusken.)

Stik sjagryn. Moade-model, oait, sa te sjen.
Mar no del.
Bringt my nei myn hotel.

*

Hoi myn Plyn. Lyts opûnthâld yn ’e wâlden.
Nee. Ja.
It falt net ta te libjen yn it skaad fan de Alden.

Ik wie hjoed op ’e berch.
Deade boel, neat te rêden.
Leny, witst wol, Leny is ferlern.
De stêd in púnheap ûnder seadden.

Wat oars te dwaan as inoar te leavjen?
No’t it kealer wurdt op ’e klaai,
de gloede fan de opfiske ferhalen al ferwaait
en bestjurret yn fan ús misse setten
de ferbaarnde annalen.

*

Mar moarn kom ik thús.
Moarn iepenje ik in nij Gryks restaurant foar ús.
Wy sette in amazone achter de bar.
Litte nimfen oan tafel betsjinje.
Riedplachtesto it orakel?

Wy ferdiskontearje heldedieden.
Beskûteldoekje it diggelguod
hoeden mei it gouden flues
dat hinget te droegjen oan de kariatide.

En witst? As de harpijen wer komme
fan achter de puntige Kaukasus wei,
en ytlike griffioenen komme mei,
en ek liuwen en slangen út ’e woastyn
snuve en systerje om it hûs,
sadat ús grize parkyt der sawat yn bliuwt,

dan smite wy in spjirblok mear op it fjoer.

Wy jouwe ús del yn inoars earmen, Plyn.
Tsjin goeried en flechtsje, tsjin better witten
en fûgelteken yn.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten