In sterkere provinsje
(Friesch Dagblad, Skroeier, 9 maaie 2012)
Al in tal jierren binne guon ‘realisten’ yn ’e pleit foar in ‘lânsdiel Noard’, in fúzje fan de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte. Sa’n fúzje soe in folle effysjinter bestjoer opsmite as wat trije aparte provinsjale organisaasjes sjen litte kinne. En boppedat soe it noarden fan it lân dan better in fûst meitsje kinne foar De Haach oer.
Net allinnich de splintergroep Partij voor het Noorden, mar ek de wurkjouwersorganisaasje VNO/NCW, de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij, de stêd Grins, de Drintse kommissaris fan de Keninginne Jacques Tichelaar en fansels alle pleatslike VVD-ôfdielingen yn it noarden fan Nederlân wolle ôf fan de âlde provinsjes.
Hawwe de foarstanners gelyk?
Ik bin bang fan net. As men harren arguminten hifket, blykt it meastentiids om jild te gean. Ien grutte noardlike bestjoersorganisaasje is útsoarte goedkeaper. Yn in beskaat tinken betsjut goedkeaper blykber automatysk ek: better. Sa’n útgongspunt stiet lykwols op spande foet mei de winsklikheid, yn in demokrasy, dat minsken safolle mooglik belutsen wurde by de maatskippij, ek en benammen ticht by hûs.
Provinsjes binne essinsjeel yn it regionaal organisearjen fan de demokrasy. Skaalfergrutting en sintralisaasje binne fan belang wurden op gemeentlik nivo, foaral om’t it Ryk hieltyd mear ferantwurdlikheden op ’e skouders fan gemeenten leit. Der is lykwols in ein oan de technokratsyke effysjinsjedriuw. Sille eigen hûs en hiem net slim te lijen krije fan stuorkegarders dy’t allinnich libje foar jild?
Krekt yn in wrâld dy’t hieltyd fierder globalisearret is it belangryk dat minsken harren regionale identiteit werkenne en uterje kinne yn polityk, kultuer en bestjoer.
Mar men moat it de foarstanners al meistimme dat provinsjes anno 2012 no net dalik de meast ynspirearjende organisaasjes binne. Mar opheffe? Dat is in brêge te fier.
Folle mear yn ’e rede leit it en wurkje ta nei in fersterking fan de rol fan de besteande provinsjes. No’t gemeenten grutter wurde, moatte provinsjes ek mei feroarje. Mear foech krije en in dúdliker, profesjoneler profyl.
Yn De Haach wurdt aansen in nij kabinet foarme. Fansels dûke der ek wer allerhanne besunigingsideeën op. Fandatoangeande is it goed om de finger oan de pols te hâlden. Wêr bliuwt de diskusje oer it fuortsterkjen fan ús provinsje?
Doe't Plasterk bewearde (neffens Pieter de Groot) dat 'het Fries als taal net zo'n sprookje is als de Efteling' seachst de plannen yn syn binnenbûse. Pieter tocht dat it te krijen hawwe soe mei de elitêre grêftegurdle fan Amsterdam. Ik tink dat dit net it gefal is -Plasterk is in arrogante sels-yn-'e-hichte-stekker. De 12,5 jier dat ik yn de grêftegurdle wenne en frijde haw ik nea in negatyf wurd heard oer myn Fryske skriuwerij, oer myn Frysk taalgebrûk mei minsken as dat koe, oer it Frysk as sadanich.
BeantwoordenVerwijderenMei Plasterk wurdt it nacht yn 'e nane wat it Frysk oanbelanget.
Ik fyn dat je by it ferdigenjen fan Fryslân as provinsje sec de taal meispylje litte moatte. Dy taal is in Nederlânsk en Europeesk kultureel erfstik, dat hoede wurde sil, en net ferdwine mei omdat in elitesosjalist as Plasterk fynt dat it yn de Efteling thusheart.
It earste wat Plasterk dwaan sil is it Frysk ôfskaffe, want dat kostet tefolle jild, en it hat foar him gjin wearde. Syn kulturele wearde leit bgl. yn it op poaten setten fan in 'kulturele' sinder lykas Pownews/Geen Stijl (doe't er kultuerminister wie).
Ik sjoch hjir yn Hendaye (20.000 ynwenners, dêr't in 30% Baskysk/Spaansktalich is) hoe't Parys in plende 3-talige skoalle - Frânsk, Spaansk, Baskysk - ferbean hat in pear wiken lyn. Hendaye hie 3 miljoen reservearre ut eigen middelen om dit jier te bouwen.
Dat perspektyf wankt ek yn in grutte noardlike provinsje, dêr't Grins en Drinte gjin inkeld belang by twatalich ûnderwiis hawwe, dêr't sosjalisten ornaris de sintrale gedachte ûnderskriuwe (Van den Berg, Tichelaar, Plasterk, en yn Frankryk no Hollande).
Dizze trochbraaksosjalist Plasterk is foar in minderheidstaal gefaarlik, want hy leaut yn ienheidswoarst wat de kaart fan Nederlân oanbelanget - op kultureel mêd, op it taalmêd en op alle gebieten dy't syn ienheidstinken oantaaste.
Hollande wurdt no troch de Sud-Ouest fan France ûnder druk setten, âldelju (Baskysk- en Frânsktalich) foarmje in front oant it sintrale sosjalistyske bewâld ynsjocht dat hjoed de dei in taal net ûnder de guillotine lein wurde kin.
De guillotine fan Plasterk hat Fryslân gjin ferlet fan.