De Skroeier fan woansdei yn it Friesch Dagblad giet oer it ûnhillich plan-Plasterk, befetsjende in foarnimmen dêr't ik ferline jier ek al in pear Skroeiers oan wijd ha. In goed opinystik fan Tresoar-meiwurker Teake Oppewal, juster yn de Volkskrant, mar op it Provinsjehûs is it al tiden stil. Hoe lang noch?
"Krekt dát is de provinsjale bestjoerslaach kwea ôf te nimmen: inisjatyfleazens, gjin ‘smoel’, geveltsjepolityk. As dizze minister aansens syn wrâldfrjemde, Hollandosintryske reorganisaasjeplan der trochdrukke kinne sil, dan sil dat net op it lêste plak te tankjen wêze oan de ivichduorjende rêst en stilte op it Provinsjehûs en fan regionale politike kopstikken. Dy lêsten sitte ommers yn in nuvere spagaat. Eins wolle se it plan-Plasterk ek wol kwyt, mar ja, harren lânlike breahearen sizze oars."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten