zaterdag 2 februari 2013

Bek hâlde en op 'e knibbels

Pieter de Groot einige syn Dwers dizze wike mei it sizzen: “”Dichtsje is willewurk.” Hy bedoelt dêrmei dat dichters net sangerje moatte oer finânsjele fergoedingen foar harren wurk. Bondels, optredens, de dichter hâldt der meastentiids mar in habbekrats oan oer, en dat is goed sa. Se ha der ommers sels lol yn, en nimmen freget se om sa’n bondel of sa’n fers te skriuwen, dat wat moat al dat krimmenearjen oer jild.

Fan jo freonen moatte jo it hawwe, tocht ik doe’t ik it lies. Pieter is in grut leafhawwer fan Fryske poëzij, hat sels yn in Gysbert-sjuery sitten. Syn rol as kommentator fan de Frysktalige kultuer hat er altyd dikbetelle spylje kinnen, lange jierren as redakteur yn tsjinst fan de krante, no as freelance pinsjonado mar likegoed fangt er noch in bedrach mei twa nullen foar syn willewurk, it skriuwen fan in kollumstikje.

Pieter fynt dus dat dichters, as se sa noadich dichtsje wolle, der mar by postrinne moatte, tomaten plukke of meubels sjouwe by de Ikea (yn Grins) en fierder domwei bliid wêze moatte mei har rol as fuotfolk yn tsjinst fan de Fryske Kultuer. Eartiids hiene de boeren op it Bilt krekt sa'n hâlding foar de arbeiders oer. Bek hâlde en op 'e knibbels.

Sa’n útspraak falt my ôfgryslik ôf. Wy witte allegear wol, Pieter, dat der út fersen gjin goud te meitsjen falt. Mar in lyts triuwke yn ‘e rêch fan it ynstitút-Pieter, in beskieden wink oan de finânsjeel mar net kultureel boppe ús stelden, bygelyks troch te sizzen dat it foarlêzen fan Poëzij krekt wat mear wurdich is as in sinaasappel en in lunsjpakket, dat hie dochs moaier west as dizze bespotlike deadwaner, “Dichtsje is willewurk”.

8 opmerkingen:

  1. Ik lês de titel 'willewurk' as in iroanyske opmerking - nei al dy striid foar in goeie fergoeding (Skriuwersboun as Fakbûn) en lulke wurden fan Noordmans, is der net in soad feroare.
    Ik leau net dat Pieter hjir skriuwt, dat er dy foai ûnderskriuwt. 'Willewurk' dogge jo omdat je it fijn fine, en spitigernôch is it nei 45 jier gfd NOCH altyd willewurk...

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Ik hoopje mar datst gelyk hast, Josse. Mar út de tekst kin ik dat net opmeitsje. Pieter hat it yn de lêste alinea oer de striid, ein jierren '60, foar bettere fergoedings, en stapt dan oer nei it no:

    "(..) De VVL-modelkontrakten tsjinnen as foarbyld. Papieren ôfspraken, want it soe al gau bliken dwaan dat se foar dichters net te hanthavenjen wiene, woene se har poëzij yn 't sintsje sette. De measten male net om honorarium en trede, lykas juster op Gedichtedei yn kafee Vellinga te Snits, graach foar in habbekrats op. Dichtsje is willewurk."

    Hoe't it ek bedoeld is, yn dat stikje tekst sit net in spoar fan engaazjemint, fan dy âlde striid om it better te krijen. Earder lês ik in jin dellizzen by de besteande sitewaasje. As Pieter it oars bedoeld hat, dan hie er it oars opskriuwe moatten...

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Boppedat, en dat spilet ek moai, komt sa'n kollum op in momint dat skriuwersfergoedingen wer in tema(atsje) binne. It Skriuwersboun hat in brief stjoerd oer gedichten yn in sammelbondel; ik ha dêr in kollum oer skreaun, dat it Boun earst in breed oerlis hawwe moatte soe mei fûnsen en útjouwers en oerheden foar't se in inkeld boek útkieze om pylken op ôf te sjitten. Dus it ûnderwerp is aktueel en der ís op dit stuit engaazjemint. Ek dêrom lês ik de kollum fan Pieter sa't ik oanjûn ha.

    BeantwoordenVerwijderen
  4. En dan noch in lêste opmerking: ek as fan 'Dichtsje is willewurk' inkeld de konstatearjende, de feitlike sitewaasje omskriuwende betsjutting bedoeld is, giet der wat mis. Der binne ommers dichters dy't tsientûzen(en) euro's krije foar it skriuwen fan in bondel (fan it Letterenfonds). Foar harren is dichtsjen dus 'wille en wurk'...

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. 20 tûzen euro om krekt te wêzen. it bliuwt fansels willewurk!

      Verwijderen
  5. Lokwinske, Elmar! Sjoch, dan kinne jo efkes foarút!

    BeantwoordenVerwijderen
  6. Ik ha Pieter de Groot syn opmerking lêzen as konstatearring, net as pleit foar it útrûpeljen fan dichters.
    As it hiel spesifyk om de jûn dy't Ensafh giet: wa't foardroech krige 15 euro en 2 konsumpsjes. Dat liket my in ridlike fergoeding ast der rekken mei hâldst dat ELKENIEN dêr optrede koe. Dichters dogge mei om't se it leuk fine, net om't der in organisaasje is dy't in literêre aktiviteit op priemmen set mei dichters dy't (op grûn fan nammebekendheid, kwaliteit of wat dan ek) in knap honorarium freegje. Dat kin fansels ek, mei subsydzje op grûn fan ûnder mear dat honarium op de begrutting, mar dat kin net as der in fyftich dichters (ynbegrepen begjinners) op de planken moatte.
    Organisaasjes kinne fansels ek altyd noch subsydzjes oanfreegje foar optredens sadat se de skriuwers betelje kinne, en dat bart ek wol, troch stichtingen en bgl it Skriuwersboun.

    BeantwoordenVerwijderen
  7. De Vellinga-jûnen, dêr sil ik neat fan sizze. Der sit in moaie kant oan, in protte poëzij op 'e planken, mar ek in minder moaie, in protte minne poëzij op 'e planken. Mar goed, dat sit yn de massaformule ynbakt. Ik soe der as harker en taskôger deawurch fan wurde, earlik sein. Mar ensafh hat yndie de betelling prima regele. It giet my om de toan en de ynhâld fan in kollum dy't op in stuit komt dat jo wat oars lêze wollen hiene. En dat oare, dat sit der no ienkear net yn.

    BeantwoordenVerwijderen