in leafste bear as se in goed sin hie
die se it nachtljocht út mei har
oansketten rjochter flapear
harke se nei my as ik skrieme woe
mar frege ik har wêr’t se weikaam
dan sei se neat dan sei se my neat mear
soe se salve strike skuorde se de hûd derôf
soe se treastgje sloech se klauwen
ik koe amper rinne en ik hie al in leafste bear
dy’t ik dit brocht en dat brocht
mar elk wurd dat út myn mûle kaam
waard skeind troch myn grutte snijtosk
gjin pleisters plakte ik gjin waarme wyn
blies ik fluitsjend ik koe mysels net fine
út de bear prate ik net de pine
lang lyn sinjalearre sittend yn in hoekje
yn in read truitsje in read broekje
in blau each it bearwêzen folslein ferleard
it sloech op tawijing telider en it is
net mear nei te gean ik sis ek mar watom wer in knuffel te meitsjen út neat
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten