zondag 16 oktober 2011

It PVV-sentimint yn de Fryske literatuer

As reaksje op it jongste blogje fan Knilles hie ik sa likernôch de folgjende tekst nei syn site stjoerd:

"Knilles fertsjintwurdiget it PVV-sentimint yn de Fryske literatuer: roppe, skelle en hune tsjin wat blykber sjoen wurdt as 'establishment', mar dan ûnder it kopke 'arguminten' delsette: 'sorry, ik bin even net thús'."

Knilles fynt dat net in leuke reaksje fan my, dus wol er 'm net pleatse. Geart van der Wal skriuwt:

"Abe de Vries hie hjir ek in kommentaar delsette wold, mar om him tsjin himsels yn beskerming te nimmen, pleats ik it mar net."

Sensuer, dêr hie Knilles it oer, doe't Koos Tiemersma beswier oantekene by de redaksje fan ItNijs.nl fanwege it hilarysk-leuke beppe-Oppewal filmke?

1 opmerking:

  1. "Abe de Vries hie hjir ek in kommentaar delsette wold, mar om him tsjin himsels yn beskerming te nimmen, pleats ik it mar net."??
    Begjint Geart van der Wal no ek al??

    BeantwoordenVerwijderen