woensdag 12 oktober 2011

It swartepytsjen dat al begjint noch foar't Sinteklaas ynhelle is

Op it weblog fan Huub Mous in, wilens blokkearre, nee, lêste nijs, wer net blokkearre, diskusje oer (en mei) de sjuery fan de Gysbert Japikspriis 2011.


Ate Grypstra, 12 oktober:

Faaks is in bytsje mear útlis oer de gong fan saken en it leverjen fan wat mear kontekst dochs wol efkes op syn plak. Der wurdt no op guon plakken praat fan ‘swartepytsjen’ en ‘eigenhantsjewaskjen’ troch de sjuery. Ja, sa kinne je it ynterpretearje fansels. Mar de achtergrûn fan myn sitaten yn it stik fan EH is dizze: ik krij in tillefoantsje mei de fraach fan in betûfte sjoernalist wêrom’t de GJ-winner noch net bekend makke is. Ik ha (sûnder mediatrening) besocht dy fraach nei myn bêste witten te beantwurdzjen (sjuery al ein augustus – begjin septimber út ’e ried, advys moat noch troch DS, wat fertraging op it Provinsjehûs). Dêrnei krij ik in hiele searje fragen foarlein oer it proses (der soe dochs mear reuring om de priis hinne komme, ensfh.?). Dêr haw ik yn sa breed mooglike sin besocht antwurd op te jaan, sûnder al tefolle yn details te trêdzjen dus. Ik haw in pear kear oanjûn dat it faaks in goeie saak wie om de útslach, de útrikking en fral it sjueryrapport efkes ôf te wachtsjen, omdat benammen wat it lêstneamde betreft wol in tal saken opheldere wurde soenen. Haw ik oan it ‘swartepytsjen’ west? Ah, wolnee. Net alle útspraken binne letterlik sa troch my dien (ik brûk gjin wurden as ‘ûnderstek’ en ‘piid’ (freegje mar oan Hylke Tromp). Somtiden waard my in fraach foarlein dêr’t ik yn algemiene sin op antwurde ha: ‘Ja, dat hie miskyn wol better west.’ Fierders haw ik besocht oan te jaan dat der wol degelik stappen setten binne om wat mear reuring om de GJ hinne te kreëarjen. En dêrmei haw ik ek goed sein dat it inisjatyf dêrfoar yn it foarste plak by Teake Oppewal weikaam. Dat it net echt slagge is, leit yn myn optyk dochs oan burokrasy (dat rillik fage wurd is my al út ’e mûle kaam) en in soad ûndúdlikheden foar wat betreft wá’t no krekt ferantwurdlik foar wát is. Dêrby sille wy as sjuery nei alle gedachten yn bepaalde saken ek tekoart skeaten wêze. Ik jou ússels dus ek mar in ‘swartepyt’ at der fan ‘swartepytsjen’ sprake wêze soe. Cornelis van der Wal hat grut gelyk at er skriuwt dat se ús as sjuery mar gau fuortstjoere moatte. Dat wurdt no ek yndie wolris tiid, tinkt my. Fuortdaliks nei de útrikking mar, soe ik sizze. Sa, no haw ik der wol wer even genôch oer sein. It soe moai wêze at de fokus no wer op de priiswinner en op syn oeuvre kaam te lizzen.


Cornelis van der Wal:

Bêste Ate,

dat ‘fuortstjoeren’ fan my hie betrekking op it ‘lekken’ fan de sjuery nei Hettinga ta, wat de oeuvrepriis oanbelanget. Dêr gietst net op yn, spitigernôch. Hoe wit Hettinga soks yn it foar, as it net by jim weikomt? Ik fyn yn elts gefal dat soks perfoarst net kin. Dêrom dus dat ‘fuortstjoeren’.


Abe de Vries:

As it “âlderlêste nijs” yn syn stik neamt Hettinga dat it dit jier op in oeuvrepriis útdraait. De suggestje dy’t dêryn leit, is dat syn boarnen him dat ferdútst hawwe – oars soe der ommers gjin praat wêze kinne fan “nijs”. Ik nim lykwols dalik oan dat noch Ate noch Willem dêr wat oer sein hawwe. Se wurde allinnich wol yn in lêstige posysje brocht troch de tekst fan de betûfte sjoernalist.


Ate Grypstra:

Bêste Cornelis,

Nee, wis dat snap ik. En ik hoopje datst de knypeach yn myn replyk ek in bytsje sjochst. Ik kin ek muoilik op dat ‘lekken’ oer in eventuele oeuvrepriis yngean, want ik freegje my krekt as oaren ôf hoe’t dat krekt om en ta gien is. Soe it echt sa direkt sein west ha? Of wie it spekulaasje fan EH? Om in foarbyld te neamen: my waard de fraach/stelling foarlein: “de priis sil wol nei Feanwâlden gean”. Dêr hie ik op antwurdzje kind: “dat soe mar sa kinne”, mar ik ha sein “dêr kin ik gjin útspraken oer dwaan”. Fansels hienen we der as sjueryleden ek foar kieze kind om hielendal gjin útspraken te dwaan. Swije is ommers faak wizer (achterôf besjoen hielendal). Oan de oare kant hie ik it gefoel dat de measte fragen net allinne relevant wienen, mar ek bêst beantwurde wurde koenen. Dat soks dan yn it ramt fan de tsjinstdwaande sjoernalist pleatst wurdt (mei ‘oanfallen’ op de ‘Bûterhoeke’ (in wurd dat ik noait brûkt ha) en op de ‘consultant’ (idem)), is fansels logysk, mar ik hoopje dat de krityske lêzer in bytsje sjen kin wat diedwerklik by ús weikomt en wat by de ynfalshoeke fan de sjoernalist heart. No, dat wie it wer even. Oars bleau ik oan it hantsjewaskjen.


Abe de Vries:

@Ate: “Soe it echt sa direkt sein west ha?” fregesto dysels ôf, of miskien fregest it dyn sjueryfoarsitter?

Opmerking fan de sjoernalist: “Nou, der stuts dizze perioade net ien boek werklik boppe it meanfjild út, wol?”
Sjuerylid: “Nee, dat fûnen wy ek. Mar fierder kin ik der neat oer sizze.”

Konklúzje sjoernalist: it wurdt in oeuvrepriis.

Krekt om de wurdestriid út ‘e wei te gean oer de fraach wat it ferskil is tusken lekt nijs en in ynterpretaasje is útfûn dat sjuerys better stil wêze kinne as se te betiid belle wurde. Sadat wy it earder en better oer it wurk fan de laureaat ha kinne, en net oer de prosedueres hoege te hottefyljen of oer it swartepytsjen dat al begjint noch foar’t Sinteklaas ynhelle is.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten