Yn in espressobar oan de Nijstêd yn Ljouwert, neffens liwwadders.nl “het brandpunt van journalistiek onderzoek”, fûn okkeries in moardpoging plak op Fryslân Kulturele Haadstêd 2018.
Diskear twa would-be Brutussen: Andrea Möller, ôfdielingshaad by Parnas, en Sjoerd Feitsma, fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Ljouwert. Möller fynt de gong fan saken by Fryslân 2018 “allemaal wat vreemd” en suggerearret dat de finânsiering derfan op kosten giet fan besteande foarsjennings, lês: Parnas. En Feitsma “ziet alleen nog maar een bus waar wat foldertjes worden uitgedeeld”.
It amper ferburgen synisme docht dochs wat nuver oan. Möller wit hiel goed dat Fryslân 2018 betelle wurdt út oare jildstreamen as de rivier dêr’t Parnas út drinkt en Feitsma wit hiel goed dat der meikoarten in betide fersy fan it ‘bidbook’, in rûteplan nei 2018 ta en noch fierder, oan Deputearre Steaten oanbean wurde sil.
Hy wol de diskusje alfêst op skerp sette mei in warskôgingsskot: tink derom, de PvdA Ljouwert is net op foarhân entûsjast. Feitsma hat it oer in “provinciefeestje” en dêrmei bejout er him yn in net al te produktive kompetinsjestriid mei de provinsje. Mar tagelyk makket de fraksjefoarsitter op dy wize stimming (“ik ben erg cynisch hierover”) tsjin in trajekt dat pas de kommende moannen in foarm krije sil dy't de wrâld yn kin en dy’t de minsken oansprekt.
Blykber wurdt sa’n opstelling út Ljouwert wei fan Feitsma ferwachte. It soe lykwols goed wêze om jin te realisearjen dat Fryslân 2018 dé belangrike sosjaal-kulturele ympuls wêze sil dy’t hjir noadich is, in fûneminteel feroaringsproses en in nije dynamyk bûten de stêd likegoed as yn Ljouwert.
As ik Feitsma wie, soe ik de herder noch mar efkes yn 'e bûse hâlde: aansen earst it bidbook lêze.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten