maandag 24 oktober 2011

'En wêrom - wêrom heste gjin hert?'

Yn 1883 rekke Pieter Jelles Troelstra, doe krekt studint yn Grins, fereale op de 18-jierrige boeredochter Fokje Frânses Pasma (1865-1956) fan Westermar by De Jouwer. De twa krigen ferkearing.

“Op ’e âlderlike pleats te Westermar – in hierd spul – moat Fokje har ta in tige tsiismakster ûntjûn ha,” skriuwt J.P. Wiersma yn de Tsjerne 15-2 (febrewaris 1960). “Ut en troch stjoerde hja har feint te Grins in priuwke fan har eigenmakke waren. Dat net allinne de dichter, mar ek syn maten happich wiene op de tsyskes út Westermar, blykt út syn meidieling [yn Gedenkschriften – AdV] dat hy ris ‘een kaasfuif op mijn kamer’ holden hat!”

Mar de famylje fan Troelstra hie beswieren tsjin dizze liaison, skreau de dichter sels yn syn Gedenkschriften, “wegens de reputatie van haar overleden moeder” Anna Speerstra (famylje fan?). Pieter Jelles pakte mei it gefal nochal om en tocht, hy koe net yn it âlde sok fierder mei Fokje. Hy stelde út, se soene inoar in jier lang net sjen en ek net skriuwe, en “soe nei ferrin fan dat jier bliken dwaan, dat Fokje en hy noch likefolle sin oaninoar hawwe, dan sil hy, Pieter Jelles, de ferhâlding trochsette en foar gjin wjerstân wike”, yn de wurden fan Wiersma.

Lykwols, it ôfskied wie foargoed. Troelstra skreau letter: “Het jaar was nog niet om of de jeugdige schone was al het slachtoffer geworden van de liefdesbetuigingen van iemand, met wien zij dan ook spoedig is gehuwd.”

Hjirûnder in lyts tal gedichten fan Troelstra nei oanlieding fan de affêre mei Fokje, skreaun yn 1883, en as lêste it replykfers fan de jongfaam sels, publisearre yn it tydskrift Forjit my net, fan in jier letter.


It skynsel

Ik kin myn tinzen net mear bine,
    Hja fleane nei dyn wente ta:
’t Is neare nacht, gjin stjerren skine,
    De wylde stoarmwyn bilet sa.

Dêr leit, yn ’t deadske beamt’ beskûle,
    Jimm’ pleats, ’t is tsjuster swart yn ’t rûn;
Op ’t ûleboerd gûlt skril in ûle,
    En yn ’e fierte balt in hûn.

De keale beammen kreakje en stinne,
    As rou de wyn har tûken slacht.
Hy stoarmet om ’e skuorre hinne,
    Allyk in gonger yn ’e nacht.

“Gean, gean hjir wei!” sa wol er roppe,
    “Hjir is dyn ûnk, hjir baarnt dyn hel!”
De bleke moanne sjocht fan boppe
    Falsk en kâldgnyskjend op my del.

En wylder waait it om my hinne,
    En ’t wrede needwaar boast aloan;
Mar soe ik dy ferlitte kinne,
    Myn sin, myn nocht, myn libbenskroan?

Myn leafde en hope en myn gelove,
    Myn heechste sillichheid bistou,
Dy sil my d’ ierde net ûntrove;
    Yn stoarm en needwaar, ’k bliuw dy trou.

It skynsel wykt, de stoarmen lizze
    Har del; mar ’t rûst jit yn myn hert:
Wat ek de minsken fan dy sizze,
    Ik leau oan dy; ’k ferlit dy net!


Ik jou de wyn myn suchten mei

Ik jou de wyn myn suchten mei,
    Myn klachten en myn sangen;
Hy strûst sa rimpen oer de wei
    En rûst dy om ’e wangen.

Hy tysket yn dyn hierren om
    En lústert dy yn d ’earen:
“Hy skriemt om dy, syn libbensblom,
    Syn langstme en syn begearen.

“Syn holle yn ’t tinken is fertiisd
    En dreamrich stean syn eagen,
Wylst yn syn siele ’t leed opbrûst
    Yn grutte, wylde weagen.

“O fammeherte, roazeknop,
    Gean op foar dyn beminde,
En weits him mei dyn swietrook op
    Ut djipten fan ellinde!”

Dat lústert dij de wiffe wyn
    En giet dij dan út d’ eagen;
Hy sil de hege himel yn,
    Mar brekt, ferstruid yn fleagen.


Wy wiene tegearre

Wy wiene tegearre, sa fleurich en blij
    En wisten gjin rie fan ’e wille;
Gol skynde de leafde oer dy en oer my,
    Har sinneljocht glinstere en trille.

Mar dêr kaam de Earnst yn syn donkere klean
    En wiisde yn ’e skym’rige fierte…
Do waardste sa kjel; ek myn mûle bleau stean;
    Wy koenen it suchtsjen net litte.

Doe krûpten w’ elkoarren sa nei oan it hert
    En koene gjin wurden mear fine;
Mar ’t rûsde om my hinne: “Hâld op, ’t is te let;
    Ek dit wurdt in dream fan ’t ferline”.


Wêrom?...

Wêrom hest’ fan dy donkerblauwe eagen,
    Dêr’t ik ljochtsjende stjerren yn seach?
Wêrom heste sa’n blierlaitsjend mûlke,
    Dat my ’t hert nei de lippen ta teach?
Wêrom heste sa’n heldere stimme,
    Dy’t my taklonk as himelmuzyk?
Wêrom is hy, dy’t leit yn dyn earmen,
    Yn syn wille de kening te ryk?
Wêrom is foar dyn holle Gods namme
    Mei de hearlikste skriuwtekens set?
Wêrom biste sa moai dochs, leaf famke,
    En wêrom – wêrom heste gjin hert?...


Pieter Jelles Troelstra hat dat lêste fers grif nei Fokje Pasma opstjoerd. Sy liet har dat net sizze en andere yn ’e maitiid fan 1884 sa:


Wêrom?...

Wêrom heste doe’tst just my mar koeste,
(Dy jûn dy ferjit ik grif nea!)
Daalk al fan leafde en minne my sprutsen,
Dy’t “sterker soe wêze as de dea”?

Wêrom heste my ’t jawurd ôftwongen,
Dat ús, seist’, foar ivich ferbûn?
Wêrom heste fan trou my ferhelle,
Fan trou, dy’t by dy “nea ferdwûn”?

Wêrom klagest nou, dat ik gjin hert ha,
Wylst’ dines (leau mar dat ik ’t wit!)
Sels by stikjes en brokjes weijoechste
En mannich jongfaam om dy lit?...

Geen opmerkingen:

Een reactie posten