donderdag 30 november 2023

Yn it belang fan in transparant prizeproses


Yn ús provinsje kinst skriuwe watst wolst. Dat de keizer gjin klean oan hat. Dat de sinne hjir yn it easten ûndergiet ynstee fan opkomt. Dat de diken op trochbrekken stean. Dat prestizjeuze prizen freegje om transparante prosedueres. It nuete skriuwers- en bestjoerdersfolkje jout syn mûs in tút, syn hûn in skop, syn kat in aai, en alles bliuwt krekt sa’t it wie.

Ik wit net wat wy de lêste jierren allegear wol net mei de Gysbert Japicxpriis belibbe ha. Of net wier, ik wit it wol.

In útjouwer jout ien fan syn eigen skriuwers de priis (2007). Anne Feddema dy’t ’m takend krijt (2009). In advyskommisje dy’t advisearret om ‘de Gysbert’ tenei te beheinen ta in oeuvrepriis (2011). De advyskommisje besteget 100 wurden oan it priiswinnende boek (2017). In bestjoerslid fan de Fryske beweging hâldt de laudatio (2019). In aktrise en in kommunikaasje-adviseur hawwe in sit yn de advyskommisje (2021). De ûnreglemintêre bekroaning fan op in webside en yn kranten los publisearre gedichten (2021). In advysjekommisjelid wurdt beneamd dat mei ien fan de grutte gadingmakkers in histoarje fan problemen hat (2022). De priis wurdt útrikt net troch de deputearre fan Kultuer mar troch dy fan Taal (2023).

It is wier: in pear skriuwers hawwe ien, twa kear oan ’e bel lutsen. Dêr kaam oerlis op it Provinsjehûs achterwei. De deputearre hearde doe in útstel om in brede Gysbert-ried fan in man/frou as tweintich oan te stellen foar de advisearjende taak.

En it is wier: it hat allegear neat opsmiten. O ja: de provinsje hat de priisferoardering sadanich wizige (2022), dat no twa fan de trije advyskommisjeleden troch Tresoar en Akademy frege wurde, en it tredde moat ‘út it fjild’ komme fia in foardracht. De earste kear dat soks wêze moatten hie, ferline jier, kaam der lykwols gjin foardracht ‘út it fjild’. It tredde kommisjelid waard gewoan wer fia de âlde rûte oanlutsen.

Dat tredde lid wie Jelma Knol, eks-redakteur fan de Friese Pers Boekerij en redakteur fan it semi-literêre tydskrift ensafh. Oer dy ûngelokkige beneaming, alteast, yn it ljocht fan it belang fan in transparant prizeproses, haw ik hjir wat skreaun. As reaksje op in kollum fan Pieter de Groot yn de LC, dy’t wer reagearre op de kommissaris fan de Kening, dy’t him ôffrege hie wêrom’t proazaskriuwer Hylke Speerstra de priis noait krigen hie. In pear dagen letter skreau Bert de Jong yn de Moanne ek wat oer de gong fan saken. En noch in pear dagen letter kaam der in stikje fan ien fan de oare redaksjeleden fan ensafh.

Wylst ik myn stikje skreaun ha yn it belang fan in better prizeproses, skreau De Jong syn stikje sa te sjen yn it belang fan Speerstra – alteast, dy hie er de priis graach tahawwe wold. De Jong meldt boppedat eat dêr’t ik gjin weet fan hie, en wêrfan’t ik my ek ôffreegje hoe’t er oan syn kennis komt. Nammentlik dat de advyskommisje 2023 net ienriedich wie, om’t Knol neat witte woe fan Speerstra syn boek. En dat, mei de winsklikheid fan in ienriedich advys yn ’e achterholle, Speerstra syn boek doe fan de list mei gadingmakkers kukele is.

Kin bêst wêze dat it sa gien is. Mar it is net sterk om soks sûnder bewiis út te hâlden.

Ek it stikje op ensafh.nl sit in nuvere rook oan. Steller nimt ynienen de funksje fan tsjinstklopper op him en mient dat in kommissaris gjin ferbazing uterje mei oer it bytsje prizen dat in auteur tafalt – steatsbemuoienis! Mar dêrnei blykt syn werklike motivaasje: it beskermjen fan syn kollega-redaksjelid anneks advyskommisjelid. Hy jout ta noait in boek fan Speerstra lêzen te hawwen, mar praat likegoed oer ,,it ûntbrekken fan literêre kwaliteiten”. Ek al is it oanbelangjende boek yn beide Fryske kranten besprutsen troch harren literêre resinsinten. Ek al wiene dy beide resinsinten tige optein oer wat se lêzen hiene.  

En dat wie it dan wer. Stoarm yn in glês wetter. Reaksje fan Tresoar? Nee. Fan de Akademy? Nee. Fan de provinsje? Nee. Fan oare skriuwers of dichters dy’t wolris blogge of kollumskriuwe of op in oare manier opinys ferspriede, Koos Tiemersma, Jaap Krol, Henk Nijp, Piter Boersma, Arjan Hut, Syds Wiersma? Nee, nee, nee, nee, nee en nee. 

En wat rimet op FNP? 

Ochearme Gysbert, ochearme Fryske literatuer.


Geen opmerkingen:

Een reactie posten