Demokrasy of liberaal autoritarisme?
Samar in nijsberjocht, it lân trochreizgjend op de dei fan de
goedhillichman: OESO-ûndersyk wiist út dat de lêsfeardigens fan Nederlânske
15-jierrigen op in nij djiptepunt bedarre is. Alwer! Krekt boppe de boaiem yn de EU,
dat is Grikelân. Oarsaak? De regearende ekspertklasse stjoert it jild dat tsjin
de plinten opklotst leaver nei de oandielhâlders-miljardêrs fan Lockheed en nei
‘failed state’ Oekraïne – of folje jo sels mar in ‘goed doel’ yn. Alles better as dat de beslissers de
bern fan it plebs helpe sille oan maatskiplike kânsen.
No ha ’k wol yn ’e rekken, jo falle oer it wurd ‘ekspertklasse’.
Wy binne dochs in demokrasy? Wy, it folk, hawwe dochs de macht? Dat hat ús oer
alle bûgen al jierren falende ûnderwiissysteem ús wiismakke. Mar it is amper
mear as in mearke, seit bygelyks de Amerikaanske sosjolooch Salvatore Babones (The
New Authoritarianism, 2018):
In the contemporary liberal
worldview, certain policies are mandatory, others are beyond the pale, and only
the experts can tell which is which. Liberal democracy thus requires the
obedience of the voters (or at least the citizens) to expert authority. The
people are the passive recipients of those rights the experts deem them to
possess.
De bêste man waard dalik útmakke foar Trump-freon. Soks
dogge ús ‘eksperts’ yn polityk, bestjoer en media graach, yn allerhanne
farianten, as in ôfwikend lûd har de earen piniget. Likegoed bedarre it essee fan Babones op in list fan de Wall
Street Journal fan bêste boeken oer polityk yn 2018. En ek in dúdlik ‘linkse’
kultuerwittenskipper as de Amerikaanske Catherine Liu (American Idyll,
2011; Virtue Hoarders, 2021) brûkt it begryp ‘liberal authoritarianism’
yn har krityk op de ‘professional managerial class' dy’t útmakket wat ‘wy’ hearre te dwaan en te tinken.
Watfoar rjochten wy al of net hawwe, hoe’t ús maatskippij yninoar stekke moat, wêr’t de steat it jild al of net oan útjout: dat allegear is úteinlik net oan jo en my om te bepalen, mar oan in noflik libjende hegere ynkommens- en ûnderwiisklasse dy’t der foar trochleard hat. Jo fiele al oan: sa’n sitewaasje komt op spande foet te stean mei de wenstige betsjuttingen fan it wurd ‘demokrasy’ bywannear’t dy klasse belied fiert dat streekrjocht yngiet tsjin de belangen fan gewoane minsken.
Leaver fiert fuort sinleas bombardearje as thús de lêsfeardigens befoarderje.
Bygelyks. Want autoritarisme bestiet inkeld fier fuort, en dy't oars úthâldt fertsjinnet gjin lêzers?
Foar de goede oarder: ik fertel hjir neat nijs. Yn ’e politikology,
sosjology en oare kultuerwittenskippen wurdt benammen sûnt de opkomst fan
sosjale media hieltyd drokker diskusjearre oer in ferskynsel dat de hegemony
fan de ‘eksperts’ bedriget en dat se by foarkar ‘populisme’ neame. Te uzes is
de kwesty okkerdeis akuut wurden. Oant 22 novimber wie populisme yn Nederlân foaral in plebeïske technyk om foute ideeën te fersprieden, mar sûnt de
histoaryske ferkiezingswinst fan de PVV liket dat jaske dochs wat te krap te
wurden. Hawwe inkeld populisten foute ideeën? Bestiet in treddepart fan ús noftere
polderfolkje werklik út domme fantasten?
Je soene it tinke, as je dy hele optocht fan ‘eksperts’ leauwe moatte dy’t alle dagen rûntsjerint yn it Nederlânske medialânskip. Mar dy ferkiezingswinst lit him ek oars besjen, nammentlik as in utering fan protest tsjin liberaal autoritarisme. En as in pleit foar méar demokrasy.
Logysk dus, dy panikerige reaksje fan de ‘eksperts’ op de
ferkiezingsútslach. It folk taast har privileezjes oan, har almacht by it
bepalen fan de aginda, har allinnichrjocht op moreel gelyk.
Demokrasy wurdt foarútholpen mei omtinken foar in ferskaat
oan mieningen, perspektiven en oertsjûgingen. Yn stee fan dy sa winsklike diversiteit
te omearmjen en te befoarderjen, grypt de ekspertklasse nei swartwite skema’s foar goed en kwea
en hellet nacht en dei it wapen fan de demonisearring út de kast. It is in stratezjy fan permanint geweld tsjin it folk. It folk heart thús yn ’e skoalbankjes. Dêr’t it net leare mei
om te lêzen.
STERK STIK!
BeantwoordenVerwijderen