In nije Dichter fan Fryslân – altyd in goed momint om efkes achteroer te hingjen en it hear te oersjen. Diskear hat steatsútjouwerij Afûk mar wer ris de eigen fûnslist op ’e kop hâlden, Eeltsje Hettinga rôle foarby, mar dy hie it putsje alris opknapt, Nyk de Vries dûkte wer op, mar ek dy wie al oan bar kaam, gelokkich hiene se Arjan Hut noch op ‘e list stean. Fan herte lokwinske, Arjan Hut!
Dy’t neffens syn earste ynterviews himsels presintearret as
de man fan de twivel. ‘Twivel is in
goede basis’ (Omrop Fryslân). ‘Ik set mysels del as in anty-orakel’ (Friesch
Dagblad). ‘Heb niet als politici de waarheid in pacht’ (Leeuwarder Courant). En
om alle twivels oer syn nije koerts wei te nimmen, hjit syn earste DfF-gedicht
ek noch ‘Twivelje mei’, mei in leuk grapke dêr achteroan, ‘ferzje 4’.
Ik skriuw ‘nije koerts’, want oant net sa lang lyn wie dichter
Hut in folle minder grutte twivelkont, sa’t ik hjir en hjir út ’e doeken dien
ha. ‘Fuck you Russian warship’ en lang libje Zelensky, wie it boadskip fan in
sintraal fers yn syn bondel Ien tel de ierde stil. Hie de twivel no wat
earder taslein, dan wie de dichter net sa slapstick-eftich oer in bananeskyl
útglide en yn de falkûle fan de, yn dit gefal, Oekraïenske oarlochspropaganda
mitere.
‘Dichters’, joech ik in nochal foar de hân lizzend advys, ‘binne
net ien tel op ierde om achter de mannichte oan, of om harsels foar it karke
fan dizze of jinge te spannen. Miskien kinne se it pathos fan ‘e werklikheid
better ûnderfreegje ynstee fan it te ûnderstypjen (..).’ En ik kin it dus inkeld
mar moai fine dat Hut en syn pr-tiim no ta deselde konklúzje kaam binne en de
twivel op it skyld hise.
Want ûnderfreegje en ûndersykje betsjut yndie: twivelje. Mar ek: twivel fanwegen
bringe, op it foarste plak om jinsels de romte te jaan dy’t noadich is om
ûndersyk mooglik te meitsjen. Hut sil gjin ‘opinyrimer’ wurde, meldt er. Hooplik betsjut dat net dat syn yn-funksje-twivelgedichten aansens hielendal gjin skuorjende
opinys befetsje sille. De keunst is om perspektiven nei foarren te bringen
dy’t de achterkant fan de ‘wierheid’ sjen litte.
Jawis, ik ha goede moed dat dat Hut wol slagje sil, dêr net
fan. As dichter hat er mear yn syn marse, ek al komt it der net altyd út, as de
lju dy’t dalik as hiemdoggen begjinne te skellen as je har, folslein terjochte
fansels, en objektyf fêst te stellen, in kear yn in ûnbewekke momint ‘ferskriklik
minne dichters’ neame.
Mar moatte wy ek goede moed hawwe oer it ynstitút Dichter
fan Fryslân? Dat is in hiel oare kwesty. Sa’t it no giet, kinne wy it eins better
hawwe oer Dichter fan de Afûk.
Ik ha oer de proseduere om te kommen ta in DfF lêstlyn wat skreaun yn it Deiblêd, dat
werhelje ik hjir yn ferkoarte foarm. De advyskommisje foar de Dichter fan
Fryslân bestiet út persoanen dy’t frege wurde troch de Afûk, in folslein troch
de provinsje betelle útjouwerij anneks taalûnderwiisynstitút. En wa’t Afûk
seit, seit Ernst Bruinsma. Dy’t útjouwer oan de Bûterhoeke is. En dy’t de baas
is fan Boeken fan Fryslân. En dy’t ek noch Leeuwarden City of Literature runt. Mei
syn trijedûbele pet op is Ernst Bruinsma foar de provinsje de man mei de
oaljekanne. Hy is Fryslâns literêre kingmaker.
No is Bruinsma in ynteger man dy’t syn wurk serieus nimt, mar
dêr giet it net om. Hoe wurdt yn Nederlân bepaald wa’t de Dichter des
Vaderlands wurdt? De kar, neffens de offisjele webside dichterdesvaderlands.nl,
‘komt tot stand tijdens een aantal bijeenkomsten van een comité dat uit
dichters en lezers bestaat en uit een afvaardiging van de partners die het
Dichter des Vaderlandschap in Nederland vormgaven, te weten NRC Handelsblad,
Poetry International en de Poëzieclub’.
Te uzes freget Bruinsma foar de advyskommisje gewoan de
sittende Dichter fan Fryslân, plus immen út it bestjoer fan It Skriuwersboun,
plus immen ‘út it literêre fjild’, bygelyks in dosint of in festivalprogrammeur
of in boargemaster of it makket eins net út wa. In moai lyts rûntsje fan ‘ons
kent ons’.
Sa wurdt men, lês: de mei subsydzjes struiende provinsje Fryslân,
net konfrontearre mei ferfelende, risikofolle ferrassingen. Sa wurdt de poëzij
troch de oerheid naaid sa’t de poëzij troch de oerheid knipt is. Dichters fan
Fryslân wurde net op it foarste plak oansteld om de Fryske poëzij te
befoarderjen troch prachtige gedichten te skriuwen, dy’t betûfte lêzers boeie
en minsken oanmoedigje op har keunstnerspaad. Sy moatte op it foarste plak
reklame meitsje foar de Fryske taal.
Op sok sindingswurk is fansels net hiel folle tsjin, mar it
punt is: dêr hoege jo gjin dichter foar yn te skeakeljen. Dêr hearre jo gjin
dichter foar te (mis)brûken. In dichter, in echte dichter, hat ommers mar ien
taak, en dat is om sa goed mooglike gedichten te skriuwen.
No’t Arjan Hut yn it Deiblêd de Nederlânsktalige Joost Oomen
tipt as syn opfolger oer twa jier, binne de leafhawwers fan Fryske literatuer
mar wer ris warskôge. In oare beskermeling fan Bruinsma, Tsead Bruinja, miende
in pear jier lyn ek al pleitsje te moatten foar in Nederlânsktalige DfF.
Dat, it kin net misse: Arjan Hut is foarearst de lêste
Frysktalige Dichter fan de Afûk.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten