‘Kommissaris fan de Kening Arno Brok frege him ôf wêrom’t Hylke Speerstra de Gysbert Japicxpriis nea krigen hat’, stiet der boppe de kollum fan Pieter de Groot op LC-ynternet (16 novimber). It antwurd fan De Groot: ‘Ja, dat is in wûnder fenomeen, literêre sjuerys en advyskommisjes slane briljante fertellers dy’t by it folk in gefoelige snaar reitsje, ornaris leech oan, want “gjin echte literatuer”.’
Mar De Groot hâldt ús hjir in bytsje foar it lapke… Jawis, it wûnder fenomeen dat er neamt, sil wol meispile hawwe. It is in lûd dat wy ek al hiel
lang hearre. Mar yn it gefal fan Hylke Speerstra, mei syn roman Testamint fan de siel anno 2023 dochs in grutte kânshawwer foar de Gysbert, liket in hiel oare
en hiel konkrete reden folle belangriker. Dat wit De Groot sels ek wol, allinnich,
hy skriuwt it net op.
Lit my dat dan mar dwaan. De elephant in the room is dat Jelma Knol, eks-redakteur fan de Friese Pers Boekerij –
hiel lang Speerstra syn útjouwer– troch de Afûk, sorry, troch Tresoar en Akademy, foar de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2023 frege
is. En tasei. Op dat stuit, op dat krekte stuit, wiene de kânsen fan Speerstra
inkeld noch hypotetysk.
Ik ferklap gjin geheim as ik de lêzers fertel dat Speerstra
destiids (2005) de Boekerij mei slaande doarren ferlitten hat. Op it foarste plak om’t
Jelma Knol har briljant fertellende suksesauteur dy’t by it folk sa faak
gefoelige snaren rekket, tsjinwurke en de foet dwers sette wêr’t se mar koe. Neffens it idee fan de iennichste bestsellerskriuwer en cash cow fan de FPB. Speerstra hold publyklik syn fatsoen, mar kenners wisten wol better.
Hylke en Jelma – in tragysk ferhaal, in persoanlik probleem, in publyk geheim. Dy twa akkordearren net. Fansels wisten de kommisjegearstallers fan de hoed en de râne. Elkenien dy’t der yn it Fryske skriuwerswrâldsje ta docht, wist der alles fan.
Nee, Speerstra mocht gjin serieuze gadingmakker wurde. ‘En zo gaan we het doen.’ Jou de man in Anjer. Ek moai.
Dat allegear docht neat ôf oan de glâns fan de Anjer foar Hylke Speerstra of de skittering fan de Gysbert foar Jetske Bilker, dy’t it earbewiis fan ’t jier likegoed fertsjinne. Mar as
ien foarbyld sjen lit hoe ferrotte ús provinsjale prizesysteem ynklusyf
kommisjefregerij is: hjir ha je ’m.
Oeps, haha: 'wûnder fenomeen'. Hoe faak ha wy de ûnderskate Fryske prize-eigners en -organisaasjes net frege om ús de rige maatregels te ferdútsen, yn it iepenbier, op de prizewebside, dy't freontsjepolityk en foaroardiel tefoaren komme moatte, sadat dy priis respektearre en breed maatskiplik droegen wêze kin?
BeantwoordenVerwijderen