By de presintaasje fan Bloedprikke en Do, lêste rebel! / Jij, laatste rebel!, boekhannel Van der Velde, Snits, 7 novimber 2023
It is ornaris better om
net oer poëzy te praten, as jo it út de wei gean kinne. ‘Is dizze poëzy net
gewoan prachtich’, is in oardiel dêr’t jo net fier mei komme op ’e dyk. Want
net elkenien ûnderfynt keunst op deselde manier. Priizgjen fan poëzy ûnderstelt
in konsensus. Yn jo kulturele mienskip en jo mediabûl binne jo it allegearre
iens dat poëzy om te gûlen wêze moat. Mar dat is net altyd en oeral sa. Foar
Plato wie in gefoelsreaksje op poëzy eat fan in legere oarder. It gie om it
berop op it ferstân.
Ek wurdt poëzy te uzes sjoen as in wedstriid. Fryslân ken mear prizen as (literêre, berops-) dichters. Is Abe syn poëzy better as oare poëzy? Faaks al, mar dêr giet it net om. Wedstriden stelle smaak foar as objektyf hifkjen, en kommersjele belangen as in feest fan suverheid. Mar de list fan winners lit de bekrompenheid fan de prestiizjenetwurken sjen. It binne wite, kristlike, net-jonge, Frysk-nasjonalistyske manlju. In hiele lytse sjuery achtet tafallich it wurk fan ien fan har it moaist. Dy krijt dan in bats jild en syn útjouwer ferkeapet in pear bondels mear.
Wa kiest wa foar hokker priis, giet net oer poëzy. Al hielendal net as dy poëzy part is fan in lytse literatuer. Lyts literêr wurk is skreaun yn ’e taal fan de kulturele en politike minderheid, of fan in lytse taalmienskip. De kwestsje is: moat dy lytsheid net altyd oerwûn wurde? Of moat de lytsheid just fuortholpen en oerdreaun, om sa de literêre mienskip oanien te snuorjen? Wy prate dan oer polityk, net oer keunst.
Ek sosjale media binne dreech. It TikTok-fers, de nijste evolúsje fan poëzy, makket ús gefoel en tinkbylden ta ferhannelber guod. It set ús ynlikheid en idealen om yn in wedstriid. Mar ôfsjoen dêrfan, in bondel dy’t it ynternet oer giet, lit ús ús yntime relaasjes publisearje en feroaret ús foarkarren en emoasjes yn iepenbiere hannelingen. Is it gjin wûnder dat wy dichters de grins út it each ferlieze tusken soarch drage foar dejingen fan wa’t wy hâlde en ússels promoatsje foar putsjes en hânklappen en útspraken dwaan oer wearde en wierheid?
Dus praat ik leaver net oer poëzy. Ynstee derfan praat ik oer in konkreet fers, sa’t it op papier stiet. Krekter sein oer trije fersen. Earst it fers ‘Sinneblom yn ’t fjild’, dat giet oer de libbenssyklus fan in sinneblom. De sprekker yn it fers sjocht de sinneblom krekt stean as it al hjerst is. ‘[I]k woe dat ik dy kend hie doe’tst ... mei in pink in jong moskje oanhelje koest,’ seit er. De sprekker wol werom nei de maityd fan it libben.
Dat is dûbeld ûnmooglik. Werom yn ’e tiid kin net. Mar likemin kinne jo in sinneblom ‘kennen leare’ yn in beskate groeifaze. Ik hie noch sinneblompitten, sa’n fergees pûdsje fan Albert Heijn, út 2021. Dy hiene grif al wat fan har krêft ferlern. Krektsagoed, ik siedde se yn maaie en ein juny wiene se al trije meter heech. Se skeaten mar troch. De syklus giet fierste hurd om te befiemjen hoe’t in faze is. Mar de sprekker jout ta: it fers is nei in foto fan de sinneblom. Hy hat de tiid stilset.
Allyksa is in bloedproef net it echte bloed, mar in momintopname. Bloedprippe is in wittenskiplik ûndersyk fan in bloedmeunster, meastal foar de diagnoaze fan in sykte, bygelyks as der klachten binne, of om alkohol of doping op te spoaren. Bloedprippen is foar de diagnoaze út. Wy witte noch net wat der te rêden is, wy binne bang. Wy sitte yn noed oer ús freonen en famylje. De symptomen fernimme wy wol. Troch de bondel hinne binne dy: folsleine malêze.
Fryslân is de pasjint. ‘[O]an ’e lânkant fan myn dyk ... tjirget Harns him út ûnder de nije wethâlder.’ ‘[B]oeren, weinen, bisten ferdwine ûnder 880.000 kúp seesân delkypt fan hegerhân en 180.000 ton asfalt der oerhinne stoart.’ ‘It wetter achter de dyk is like leech as [ús] taal. In smoarde sprake, dy’t ûnnoflik weistoar.’ Dizze rousangen geane eins oer bloedferlies. Bloed stiet foar libbenskrêft of deagewoan: krêft.
Wat wol de sprekker yn it fers te witten komme mei syn momintopname? Wat wol er útfine mei it stilsetten fan ’e tiid, troch in ôfbeakene proefke út de oerfloed fan feiten te nimmen? Hy sjocht dat de boer de sinneblom net rispe hat. In hânfol siedden, wat moatte jo dermei. Dat se lieten him stean. ‘As lêste ... bliuwsto no op ’t let-oktoberfjild oer.’ Sadat, giet de sprekker fierder, no it hiele lân [de blom] syn lûd bewarje kin as in striidsinjaal. Hy sitearret hjir rigels fan de dichter Achmatova foar de dichter Majakovski. Sinneblom = held = dichter.
Ek it fers ‘Yn ’e sweef’ hat it motyf fan it giet sa hurd foarby. De sweefmûne set alles yn beweging yn de ‘mainframe’, de sintrale kompjûter: de wolken, de plommen ‘glydzjend, springend’, de reiden ‘no bûgend mei de westewyn mei’. De westewyn is neffens de dichter Shelley de weinmenner dy’t de blêden ferfiere sil nei har lêste thús – it grêf. Dit binne fersen fan delgong en tebekskriljen foar de dagen dy’t komme.
Mar opnij set de sprekker de tiid stil. ‘Dan wachtsje twa op bleate fuotten in tel yn ’t bermgers’. It spantsje tinkt oan lokkich wurden, ‘miskien yn Amearika.’ Mar yn dizze fersen rint it net goed ôf. Utnaaie nei Amearika of net, sy wit al, ‘yl ûnder hakken fêstplakt oan de asfaltbrobbels fan ’e dei … ûnwaar ûnderweis, dat it noait opnij itselde wurdt.’ Nea itselde as doe’t wy jong wiene. Wy fjochtsje noch wat in efterhoedegefjocht.
Yn ‘De Stiennen Man’ is ‘myn fers’ in folksbeweging dy’t ‘[j]out … dêr’t ferlet fan is’. It fers besiket ‘en slach de maskers ôf fan de mânsken.’ It masker is in nijsgjirrige metafoar. Letter–like taal lit faak gjin byld nei op ús netflues. Wy kinne net oars as metafoaren brûke om ús wrâld te begripen. Wy ferwize nei in ûnbekend ding troch in deistich ding te neamen. Mar nei de covidpandemy ferwiist masker net langer nei in beskate rol spyljen, mar nei manipulaasje. Se gûchelje ús in rêd foar de eagen. Dat wêr is al it folk fan ’e folksopstân? No, ‘lêzers dy’t net mei har stean’ dy lêze it fers net mear. ‘Sa sil ek de Vrieske dichter allinne oerbliuwe.’ Dy ropt noch wat yn ’e woastenij.
Syn fersen ha ús kear op kear de symptomen úttsjut: de groanyske pine, de swakte. Net ien harket. No gean wy in nije faze yn. Dat is de faze fan de bloedproef, dy’t objektyf de tastân sjen lit. Dêr kin gjinien om hinne.
.
Ik wit net hear Friduwih.Ik snap der gjin fuck fan. Jou my de gedichten fan jim heit mar.
BeantwoordenVerwijderen