Haitskemuoi en stim nûmer 7 ûnder Baaium Doe’t yn 1923 it wenhûs fan de Fryske skriuwer-beweger Sjouke de Zee yn Jirnsum yn flammen opgie, ferdwûn syn hiele boekesamling mei de fjoersee yn. Dêr sieten hiel wat boeken tusken dy’t er fan Waling Dykstra krigen hie, sa’t De Zee oan kranteferslachjouwers fertelde.
1 Ien fan dy boeken hie ‘in âlde Menistebibel’ west. De bibel dy’t folle Fryske menisten oant yn de njoggentjinde ieu brûkten, en dy’t ‘de menistebibel’ neamd waard, wie de Biestkensbibel; de lêste printinge dêrfan ferskynde yn 1721.
It boek sil út Dykstra syn famylje ta him kaam wêze, of hy hat it op in feiling oantúgd. Hoe't dat wêze mei, Waling Dykstra stammet net inkeld fan heitekant wierskynlik ôf fan assimilearre (Biltse) menisten, sa’t ik earder suggerearre haw.
2 Wis is, sa’t ik yn dit artikel sjen litte sil, dat er fan memmekant út in laach komt fan santjinde-ieuske radikale, ‘fine’ menisten út de krite Baaium-Winsum-Baard. Menisten dy’t yn ’t earstoan hearden ta de saneamde Jan Jakobsgesinden en dy’t letter Oude Vlamingen neamd waarden.
3 Syn lêzers hat er dêr noait eksplisyt wat oer ferdútst; wol hat er ús, sa sil hjir bliken dwaan, mei de fermoanjende Haitskemuoi in literêre figuer neilitten dy’t dat part fan syn komôf symbolisearret.
4 1
De kaai dy’t myn literêre romte ûntslút is in buorkerij dy’t der net mear is. Hoe skriuwe je de skiednis fan in pleats dy’t inkeld noch op argyfpapier en yn âlde atlassen bestiet? De TMK 1864 lit yn it sintrale part fan ’e Húnser polder tusken Baaium, Winsum en Húns in mânsk gebou mei hôving sjen, deunby it krúspunt fan fjouwer kowepaden. Ek yn de Gemeente-Atlas fan Jacob Kuyper (1865-1870) is op dat plak in stip te sjen. Mar yn de Topografyske Atlas 1870-1935 is de greidpleats al net mear te finen. In batte oer in sleatsje is oerbleaun fan stim nûmer 7.
Yn de Schotanus-atlas (1718) is stim nûmer 7 in ‘eilantsje’ dat by Hennaarderadeel heart; alle polderlân deromhinne is Baarderadeel. Krekt yn 1820 nei gemeentlike grinskorreksjes
5 kamen pleats en grûn ûnder Baarderadeel te fallen. It leit yn ’e rede dat de pleats oait boud is yn ferbân mei de winsk om de polder better droechmealle te kinnen. Oant 1828, doe’t de Nije Húnser Polder ûntstie, en by Húns de grutte poldermole boud waard dy’t dêr hjoeddedei noch altyd stiet, hie de eigner fan nûmer 7 yn alle gefallen de ferantwurdlikheid oer in saneamde molekrite.
6 De mole dy’t dêrby hearde stie in pear hûndert meter noardlik fan de terp Memert.
Argyfûndersyk wiist út dat de pleats en in santich pûnsmiet oan lân fan 1803 oant 1839 foar de helte it tebroazeljend besit west hat fan de famylje fan Waling Dykstra. Doe’t beppe fan memmekant Jeltsje Sybrens yn 1803 kaam te ferstjerren, gie har helte nei de bern dy’t se hie mei feedokter Keimpe Jeltes Koopmans fan Bitgum. It oare heale part wie fan har suster Tjitske Sybrens, dy’t yn datselde jier it tydlike foar it ivige ferruile. Tjitske liet har besit nei oan har man Abe Abe Postma (1764-1815), in boer út Menaam.
7 Lange tiid hat stim 7 in ‘menistepleats’ west. Dy’t de eigendoms- en ferhierskiednis sa goed sa kwea neirint, komt der al rillegau achter dat de pleats foar it meastepart yn doopsgesinde hannen west hat. Doe’t it ortodoks-kalvinistyske piëtisme yn de Noardlike Greidhoeke om Spannum hinne opsetten kaam, yn de saneamde Neiere Reformaasje foaral yn ’e twadde helte fan de santjinde ieu mei de predikaasjes fan bygelyks Theodorus à Brakel yn Jellum-Bears (1638-1652) en bynammen syn soan ‘vader’ Willem à Brakel yn Allingawier en Eksmoarre (1662-1665),
8 doe hie it doarp Baard al in strange doopsgesinde gemeente (fierder: DG). Dat wie in saneamde Jan Jakobsgemeente, in tsjerklik ferbân mei net inkeld in radikaal-piëtistysk mar ek in sterk sektarysk karakter. Lidmaten hienen lân tusken Baard en Baaium.
Blaupot ten Cate datearret de oprjochting fan de DG Baard tusken 1614 en 1638 en wiist op it bekearingswurk fan ‘oudste’ Jacob Claasen yn dy perioade.
9 In eardere menist-bekearder fan de Jan Jakobsgesinden, Jacob Teunis, dy’t fan 1603-1618 syn wurk die, hie yn dy kriten doe al behalve twa persoanen yn Winsum ek trettjin yn Baard bekeard.
10 Gemeenten fan Jan Jakobsgesinden hawwe der yn Fryslân ek west yn Anjum, op It Amelân, yn Sint Anne, Arum, Blije, Boalsert, Dokkum, Frjentsjer, Hallum, Harns, op It Fean, yn Kollum, Ljouwert, Makkum, Menaam en Wierum-Wâldsein.
11 Har lêste gemeenten hienen dizze ultra-fine menisten op It Amelân, yn Blije, Makkum en Baard.
In soad menisten, mar fan de minder ‘swiere’ soarte, wienen der yn de sechstjinde en santjinde ieu ek al yn Itens en Hinnaard, nei bekearingstochten fan de ferneamde ‘oudste’ Leendert Bouwens. Jan Jakobsgesinden ûnderskaten har fan oare menistegroepen benammen yn de santjinde ieu, en wol troch strange, sektaryske maatregels tsjin bûtentrou, tapassing fan de ban en ferbod op hannel mei útstate bruorren en susters en har wjergaders. Yn de achttjinde ieu ieu binne dizze gemeenten allegear of ophefd, fusearre mei rekliker meniste-gemeenten, of se hawwe har lykas yn Baard yn ’e rin fan ’e jierren oanpast; op It Amelân hawwe se it noch it langst úthâlden as selsstannige gemeente.
2
Om it dopersk komôf fan Waling Dykstra syn mem Antje Keimpes Koopmans sjen te litten, tsjinnet de folgjende genealogyske rekonstruksje, wêrby’t ik de oanbelangjende pleats brûk as begjinpunt.
De earste (mei-)eigner en brûker (boer) dy’t wy yn ’e annalen oantreffe kinne, yn ’e stimregistraasje fan 1640, is in Jan Pytters. De pastory fan Baaium hat in lyts part fan it byhearrende lân, in 10 pûnsmiet, yn besit. Jan Pytters (sa. 1609-?) is yn 1628 troud mei Antie of Ancke Sipkes fan Winsum. Hy wenne doe yn Ljouwert en syn berop wie moutmakker.
12 Nei syn houlik sil er boer yn Baaium wurden wêze. Hy wie doopsgesind.
13 Syn allyksa doopsgesinde heit en mem wienen Pyeter Reyners, in keapman, en Lijsbet Bouckes. De heit hie kontakten mei menisten fan it Bilt; hy liende yn 1626 bygelyks 200 karolusgûnen oan boer Willem Dirks [Janssen] fan Froubuorren en dy syn frou Foockel Willems [van der Meij], mei as ûnderpân ‘plaats en landen’.
14 Nei de dea fan Jan Pytters erft in sleep bern. Ien derfan is Lysbert Jans dy’t yn 1667 mei de Biltse boeresoan Marten Jans(en) trout.
15 Marten Jans(en) komt fan Froubuorren. Hy is in soan fan Jan Claeses, boer yn Froubuorren, menist, dy’t kommend fan Menaam yn 1622 trout mei Tryntie Romckes.
16 Marten Jans(en) en Lysbert Jans krije op syn minst twa dochters, Sjoukje Martens en Antie Martens. In Trijntje Martens, nei de mem fan Marten Jansen, haw ik net fine kind. Hoewol? Yn 1693 trout in Trijntje Martens út Baaium mei in Schelte Wybes út Menaam,
17 mar yn datselde jier trout in Sjoukje Martens (sa. 1670 – sa. 1726) út Baaium ék mei in Schelte Wybes út Menaam.
18 Yn 1726 wurdt Sjoukje Martens ‘onder Winsum’ neamd as widdofrou fan Schelte Wybes.
19 Of hjir is in flater makke by it ynskriuwen, wat net hiel wierskynlik is, of Trijntje is hiel gau nei har houlik stoarn en Schelte Wybes hat doe har suster Sjoukje troud. Schelte syn heit Wybe wie lid fan de DG Hallum.
20 De oare dochter fan Marten Jans en Lysbert Jans, Antie Martens, trout yn 1695 mei de doopsgesinde Teede Minx fan Baard.
21 Teede is master smid yn Baard
22 en wurdt troch syn houlik mei-eigner fan stim nûmer 7 yn Baaium. Syn oanpart yn de pleats wurdt al gau grutter: yn de stimkohieren fan 1698 hat er noch mar 16 pûnsmiet fia syn frou, mar yn de floreenregistraasje fan 1700 hat er al 32 pûnsmiet, en yn de stimkohieren fan 1728 leafst 56 pûnsmiet. Hy wurdt dan ek foar it earst neamd as ‘gebruiker voor het geheel’; hy is dan dus gjin smid mear mar boer, of behalve smid ek boer. Noch in bysûnderheid: Teede Minx wurdt yn 1731 neamd as learaar fan de DG Baard.
23 De Biltse konneksje bliuwt bestean. De brûker fan de pleats wie oant sa. 1700 Sybolt Ats [Ates], op syn minst fan 1688 ôf.
24 Hy wurdt in pear jier foar 1700 widner fan ien fan de erfgenamten en trout dat jier mei Geertie Walinghs van der Mey fan Aldsyl.
25 Sy is lidmaat fan de DG Aldsyl. Har heit Waling Hendricks van der Mey (sa. 1592-n. 1649) siet yn 1646 foar Froubuorren yn de Biltse boerekommisje dy’t mei de Steaten fan Fryslân ûnderhannele oer lânferhier en hierprizen.
26 Sybolt Ats wie mei-eigner fan stim nûmer 7.
Teede Minx en Antie Martens harren soan Marten Teades trout lykwols net mei in Biltse meniste, mar yn 1733 mei Tjitske Sijbrens fan Jorwert.
27 Wierskynlik is Tjitske yn 1744 al widdofrou, want by de ‘Omschrijvinge van familiën’ dat jier wurdt sy neamd, net har man, yn in húshâlding fan fiif yn de gemeente Baarderadeel.
28 Sy hienen yn alle gefallen dochters Trijntje Martens (1734-1785)
29 en Antje Martens (sa. 1740-1799). Dy twa sjogge wer nei it Bilt foar houlikspartners. Trijntje Martens trout yn 1757 mei Dirk Willems [van Rozendal] (1730 – ?), doopsgesind boer yn Sint Jabik.
30 Sy kaam doe ek fan Sint Jabik. Letter hienen se in pleats ûnder Froubuorren.
31 Antje Martens trout lykwols bûten it leauwe fan har âlden; yn 1765 mei de herfoarme boer Sybren Pieters (1736, Bitgum – 1777, Sint Anne) fan Froubuorren. Twa jier nei har houlik lit se har dope by de Herf. gem. fan Froubuorren.
32 As har bern binne bekend Jeltie Syberens (1767-1803), Pieter Syberens (1769) en Tjetske Syberens (1771-1803). Dizze bern moatte har heit dus al betiid misse. Ek soan Pieter komt jong, al op syn 17e, te ferstjerren. Mar Jeltie trout yn 1788 mei Keimpe Jeltes Koopmans fan Sint Anne, en Tjitske trout yn 1793 mei de herfoarme boer Abe Abes Postma fan Menaam. Beppe Jeltie fan Waling Dykstra komt yn 1803 yn ’e neisleep fan ’e kream fan har sânde bern te ferstjerren. De grêfskriftesamling fan Hessel de Walle – dy’t oars in ferkearde ôfstaming jout - meldt it opskrift yn Bitgum:
Den 29 april 1803 is overleden Jeltje Sybrens oud 35 jaar en 34 weken en den 8 may de zoon Sybren Keimpes oud 9 weken en 6 1/2 dag huisvrouw en zoon van Keimpe Jeltes en leggen beide de zoon in den armen van de moeder begraven.
33 3
Boppesteande eksersysje bewiist dat Waling Dykstra fan memmekant ôfstammet fan it strange Jan Jakobsfolk yn Baard. Wat dat al of net mei syn skriuwerij dien hat, is in stúdzje apart. It leit yn ’e rede dat beppe Jeltie Sijbrens en mem Antje Keimpes hiel wat meinommen hawwe sille fan de fyn-doperske religieuze en maatskiplike moraal fan it foarteam. It liket derop dat Dykstra syn Haitskemuoi de literêre delslach foarmet.
De earste lytse literêr-biografyske ferrassing komt al gau om ’e hoeke. Ien fan de leararen yn Baard yn de twadde helte fan de achttjinde ieu dy’t yn it lidmateregister neamd wurde, is Haitse Pieters (? – f. 1777).
34 Dy syn neiteam moatte wy no efkes folgje. Haitse Pieters is yn 1765 troud mei Aefke Gosses út Baaium. Dochter Rinske Haitses Hoekstra (1769-1840) troude yn 1805 mei de Baarder DG-leraar Broers Broers Postma (sa. 1763-1815) en wie winkelierster yn it doarp. In oare dochter, Antje Haitses (1775 – f. 1803), trout yn 1794 mei Sikke Baukes Bakker (1768-1847), in boer by Easterlittens (‘te Schirns’).
35 In dochter út in twadde houlik fan Sikke Boukes is lidmaat fan de DG Baard. In soan út in tredde houlik – hy sels is wilens lidmaat wurden fan de Ned. Herf. tsjerke yn Easterlittens
36 – sil yn 1838 trouwe mei Waling Dykstra syn âldere suster, Jeltje Gerrits Dijkstra.
Foar de Dykstra-lêzer lûke de foarnamme Haitse en it patronym Haitses fansels dalik it omtinken. Soe Waling Dykstra lâns dizze wei net op de namme fan syn Haitskemuoi kaam wêze, de âlderwetske mar selsstannige, briljant kleiende boerinne dy’t er yn fiif lange dichtstikken tusken 1855 en 1877 op it wrâldbyld fan syn mem taskreaun hat?
37 Noch in oanwizing dat dat yndie sa is leit yn it twadde houlik fan syn oerbeppe Antje Martens. Dy trout yn 1778, in jier nei de dea fan har earste man Sijbren Pieters, mei boer Johannes Meinderts út… Slappeterp.
38 Slappeterp,
of all places, is it plak dat Dykstra syn heteronym Seakeleboer, de liberaal-konservative bouboer, de polityk sa mûnige muoikesizzer fan Haitskemuoi, te wenjen jout.
In tredde, belangrike oanwizing fine wy yn de famyljeskiednis fan Dykstra syn earste, tragysk betiid ferstoarne frou Hinke Jans Huizinga (1825-1851). Hinke Jans wie foar har trouwen húshâldster by Dykstra syn mem. Har omke fan memmekant Gosse Karstens Bosma (1772, Baaium – 1827) wurdt yn it lidmateregister yn 1813 neamd as learaar bij de DG Baard; letter is er learaar bij de DG Kollumersweach. As Hinke, ien jier âld, har heit ferliest, in Spannumer keapman dy’t lidmaat wie fan de Herf. gem. fan Spannum en Iens, wurdt in soan fan de hjirboppe neamde DG-learaar Haitse Pieters, Pieter Haitses Schuilenburg (1773-1833), har tasjend fâd.
39 Ek dizze Pieter Haitses wurdt neamd yn it lidmateregister fan de DG Baard as doopsgesind learaar.
40 Sjoen al it boppesteande liket it my dúdlik wat Haitskemuoi har literêre komôf is en wêr’t se yn it wurk fan Waling Dykstra foar stiet: net inkeld foar syn mem Antje Keimpes Koopmans en de kalvinistysk-piëtistyske streaming binnen de Grutte Tsjerke fan ’e Noardlike Greidhoeke, mar mear noch foar in radikaal menisteleauwe dat dêryn assimilearre.
Uteinlik rekket de pleats by Baaium hielendal út ’e famylje. Har achtste part yn stim nûmer 7 docht Antje Keimpes yn 1839 fan de hân foar 2409,- gûne. Earder hienen har sibben harren achtste parten ek al ferkocht. Keaper is de boer dy’t dêr dan buorket, Murk Jochums Stapert, mar se sedearret it opstriken fan de skuld oan in oar.
41 Mooglik betsjut dat sedearjen dat se tagelyk in liening slút, dy’t net yn ’e papieren bewarre is, mei har opbringst út de pleats as ûnderpân. Dat sil dan wêze sadat se dochter Jeltje en har man Meinte Sikkes oan in eigen bakkerij helpe kin. Meinte Sikkes Bakker, oant dat stuit ‘bakkersknecht’ yn de bakkerij fan syn skoanmem, keapet yn alle gefallen yn 1840 in bakkerij yn Jorwert foar 1000,- gûne.
42 Foar Meinte en Jeltje nimme de saken in minne kear. Noch gjin jier letter komt in oare bakkerij yn Jorwert te keap te stean, as ‘bakkersche’ Maaike Willems mei har ‘zeer florissante Bakkerij’ oan de feart nei lange jierren ophâlde sil.
43 Meinte moat al dalik liening op liening nimme
44 en yn 1844 ferkeapet de Jorwerter boer Durk Jetzes Kalma hûs en hiem ûnder syn kont wei oan Fedde Pieters de Vries. Dy keapet de bakkerij foar syn dochter Tjipkje en Ulbe Ruurds Pranger út Grou, dy’t in moanne letter trouwe sille. Pranger is yn 1848 bakker yn Jorwert en is dat yn 1861 noch. Meinte en Jeltje, oan ’e oare kant, gean it fallisemint yn; hy sil beurtskipper wurde.
Dykstra-lêzers sille by dizze skiednis miskien tinke oan it grouwélige ferhaal ‘De bakker fan Gritsebuorren’,
45 dêr’t in bakker dy’t hieltyd mar lêbich kommentaar krijt op syn bôle út wraak in kear in deade kat meibakt. En och, wat smakket de doarpelingen de bôle ynienen bêst.
En dan komt dizze skiednis fan stim nûmer 7 oan syn ein. Yn 1850 nimt de diakony fan de DG Grou yn in akte fan sessy in skuld fan 2000,- gûne oer dy’t Stapert noch hie by deselde persoan oan wa’t Antje Keimpes Koopmans alve jier earder it innen fan har achtste part sedearre.
46 Stapert wie lykwols lidmaat fan de Ned. Herf. gemeente yn Baaium;
47 letter tsjerkfâd fan de Ned. Herf. gemeente fan Winsum;
48 wêrom’t de diakony fan de DG Grou him út ’e brân holp, of yn alle gefallen syn skuld opkocht is net bewarre bleaun. Op 18 novimber 1858 komt Murk Jochums Stapert te ferstjerren. Wat der neitiids noch mei stim nûmer 7 bard is en wannear’t de pleats krekt ôfbrutsen is (nei 1864), haw ik net fine kind.
4
Dit lytse ûndersyk hat behalve in sa’t it liket belangrike literêr-biografyske kontekst by libben en wurk fan Waling Dykstra ek in byld opsmiten fan al iere kontakten tusken de doopsgesinden fan Ljouwert, Baard en it Bilt yn de santjinde en achttjinde ieu, en fan de úteinlike assimilaasje fan in part fan harren yn it ortodoks-herfoarme protestantisme binnen en miskien ek bûten de Grutte Tsjerke nei 1750.
Ta watfoar doopsgesinde denominaasje Jan Pytters en Marten Jans hearden haw ik lykwols net fine kind; it kinne Jan Jakobsgesinden west hawwe mar ek saneamde Waterlanders, de mear reklike menisten. Op it Bilt hie Sint Anne in Jan Jakobsgemeente, mar Aldsyl hie in Waterlandse gemeente
49 en Ljouwert hie beide. Wannear krekt en mei watfoar leararen de DG Baard syn measte ‘Jan Jakobsprinsipes’ losliet is ek ûndúdlik; nei alle gedachten hat dat in gradueel proses west dat pas yn de twadde helte fan de achttjinde ieu syn beslach krige. In stúdzje nei de ûnderskate ‘learaars’ fan de DG Baard en harren famyljes oant it midden fan ’e njoggentjinde ieu soe wat dat oanbelanget noch wol in skerper byld jaan kinne.
50 De Baarder menisten stiene yn alle gefallen noch lang bekend as Oude Vlamingen, dat wol sizze, menisten dy’t fûleiniger oan har sektaryske
outlook fêsthâlden as de Waterlanders.
Dúdlik is ek wurden dat de assimilaasje fan de Baarder Jan Jakobsgesinden en Oude Vlamingen, earst yn in bredere menisterûnte en dêrnei yn de Grutte Tsjerke, en letter mooglik ek binnen de tsjerken fan ’e Ofskieding, in ûnderwerp is dat mear omtinken fertsjinnet en nochris breder útsocht wurde moatte soe. Sok wurk smyt net it spannendste proaza op, want fan in soad minsken is oars net bekend as berte, houlik, bern, ferstjerren en soms in doopbewiis of wat hier- en keapaktes. Likegoed kin it ús wol in better begryp jaan fan de materiële, sosjale, geastlike en religieuze ferhâldingen yn in ek literêr besjoen hiel nijsgjirrich part fan Fryslân.
Mar och, al praat ik jimmerwei,
Wa soe dêr swier oan tille?
Elk folget mar de skeane wei
Fan eigen sin en wille.
Ik hoopje dan mar dat myn bern
Noch ier of let har dommens sjen,
En better dingen leare,
En ’t goed boppe álles eare.
51 Noaten1‘Brand bij Sjouke de Zee’,
Bolswarder Nieuwsblad (22 augustus 1923) 2.
2Abe de Vries, ‘Wa, o wa is Tryntje Walings? In genealogyske “cold case” op it Bilt’. Online: Academia.eu. Online:
https://www.academia.edu/40494331/Wa_o_wa_is_Tryntje_Walings_In_genealogyske_cold_case_op_it_Bilt. Krigen 22 juny 2022
3Bygelyks yn:
Naamlyst der Remonstrantsche Professoren en Predikanten, Benevens die der Doopsgezinden, in en buiten de Vereenigde Nederlanden (Kornelis de Veer, Amsterdam 1769) 33.
4Sjoch oer Haitskemuoi: Abe de Vries, ‘Dan koe se in man út it plak keare’. Moraal, polityk en emansipaasje by Haitskemoai’,
Fers2 5-4 (24 febrewaris 2019). Online:
http://fers2.eu/dan-koe-se-in-man-ut-it-plak-keare/. Krigen 24 july 2022. Ek yn it Nederlânsk publisearre: Abe de Vries, ‘Dan deed ze het werk van een man’. Moraal, politiek en emancipatie bij Haitskemoei’,
Neerlandistiek (24 februari 2019). Online:
https://neerlandistiek.nl/2019/02/dan-deed-ze-het-werk-van-een-man/. Krigen 24 july 2022.
5P. Nieuwland, red.,
De archieven in Fryslân (Samsom, Alphen a/d Rijn 1987) 209.
6Oer molekriten, sjoch: J.P.A. Louman,
Fries waterstaatsbestuur: een geschiedenis van de waterbeheersing in Friesland vanaf het midden van de achttiende eeuw tot omstreeks 1970. Dissertaasje, Universiteit van Amsterdam (Amsterdam University Press, Amsterdam 2007) 301-305.
7Syn soan Abe Abes Postma (1803, Menaam – 1880, Berltsum), fan berop bakker yn Berltsum, ervet syn oanpart.
8Ferl. J. Mastenbroek, ‘De oudvader van Exmorra’,
Reformatorisch Dagblad (20 septimber 2006): ‘Na zijn dood hield à Brakel volgens Ringnalda [Geert Ringnalda, âld-koster] in Exmorra en omgeving groot gezag. „Het was hier in de buurt een gezegde: Vader Brakel heeft het gezegd, dus zal ’t wel waar zijn. (..) Brakel was een dogma, een begrip. In ons buurdorp Allingawier nog meer dan in Exmorra.’ Sjoch ek: A. de Reuver, ‘Johannes à Marck. Een gereformeerde scholasticus’,
Reformatorisch Dagblad (8 maaie 2002). Brakel syn
Λογιϰὴ Λατϱεία. Dat is Redelijke Godtsdienst, in welke de goddelijke waerheden des Genaden-verbondts worden verklaert, tegen partijen beschermt, en tot de practijke aangedrongen enz. (Rotterdam, 1700) wie lange tiid ien fan ’e populêrste hânboeken foar de griffermearde dogmatyk en moraal, neffens P.J. Blok en P.C. Molhuysen, red.,
Nieuw Nederlandsch biografisch woordenboek. Dl. 4 (1918) 281. Sjoch foar piëtisme en Neiere Reformaasje yn Fryslân: W.J. op ’t Hof, ‘Nadere Reformatie in Friesland?’,
De Zeventiende Eeuw 20 (2004).
9S. Blaupot ten Cate,
Geschiedenis der doopsgezinden in Friesland. Van derzelver ontstaan tot dezen tijd, uit oorspronkelijke stukken en echte berigten opgemaakt (W. Eekhoff, Leeuwarden 1839) 164-165.
10Blaupot ten Cate,164; sjoch ek: DG De Lytse streek. Online:
https://www.dgdelytsestreek.doopsgezind.nl/text.php?paginaid=4201#4199. Krigen 21 july 2022.
11J. Loosjes, ‘Jan Jacobsz en de Jan Jacobszgezinden’,
Ned. Arch. Kerkg., N.S. XI (1914) 216-240.
12Online:
https://erfgoed-fundaasje.nl/bruinsma-tsjom/kertiersteat-klaes-ennes-bruinsma/. Krigen 21 july 2022.
13Yn 1635 is er kurator oer syn bruorren en susters: ‘Jan Pijeters, wonende tot Bayum als broeder en meerderjarig zijnde, als doopsgezind zijnde de eed van ja en neen’. Bron: Autorisatieboeken, archiefnummer 13-24, Nedergerecht Leeuwarderadeel – Tresoar, inventarisnummer 069, blad 29, aktenummer 114.
14Hypotheekboeken, archiefnummer 13-07, Nedergerecht Het Bildt – Tresoar, inventarisnummer 093, blad 068v, aktenummer 147.
15DTB Trouwen Collectie doop-, trouw-, lidmaten- begraafboeken - Tresoar, Deel: 0127, Periode: 159, Het Bildt, archief 28, inventarisnummer 0127, 8 mei 1667, Trouwregister Hervormde gemeente Vrouwenparochie, aktenummer 418.
16Online:
https://erfgoed-fundaasje.nl/t-bildt/bild-parenteel/parenteel-romke-harmens/. Krigen 22 july 2022.
17Trouwregister Hervormde gemeente Menaldum, archiefnummer 28, Collectie doop-, trouw-, lidmaten- begraafboeken – Tresoar, inventarisnummer 0520, aktenummer 1128. Man is Schelte Wybes (1676, Hallum – 1708, Baaium), in soan fan Wybe Pieters [Donia, Hibma] en Antje Jans [Brolsma].
18Trouwregister Hervormde gemeente Winsum Baard, archiefnummer 28, Collectie doop-, trouw-, lidmaten- begraafboeken – Tresoar, inventarisnummer 0089, aktenummer 460.
19Autorisatieboeken, archiefnummer 13-05, Nedergerecht Baarderadeel – Tresoar, inventarisnummer 032, blad 018, aktenummer 18.
20Online:
https://astro.uni-bonn.de/~deboer/genea/ks/ks8223m.html. Krigen 22 july 2022.
21Trouwregister Hervormde gemeente Winsum-Baard, archiefnummer 28, Collectie doop-, trouw-, lidmaten- begraafboeken – Tresoar, inventarisnummer 0089, aktenummer 348.
22Genealogysk Jierboek 1958, 67.
23J. Loosjes, ‘Jan Jacobsz en de Jan Jacobszgezinden’,
Ned. Arch. Kerkg., N.S. XI (1914) 226. Doperske gemeenten hienen yn de santjinde ieu faak noch gjin teologysk oplate predikanten mar makken foar de predikaasje gebrûk fan lekeprekers, ek wol ‘liefdeprekers’ neamd, út de eigen rûnte.
24 Online:
https://erfgoed-fundaasje.nl/bruinsma-tsjom/kertiersteat-klaes-ennes-bruinsma/. Krigen 22 july 2022.
25Trouwregister Gerecht Het Bildt, archiefnummer 28, Collectie doop-, trouw-, lidmaten- begraafboeken – Tresoar, inventarisnummer 0117, aktenummer 24. Vermeld: ‘Hij is weduwnaar’.
26Online:
https://erfgoed-fundaasje.nl/t-bildt/aanvullingen-op-de-friese-wassenaars/. En: Sannes I, 1953, 267.
27Trouwregister Hervormde gemeente Welsrijp Baijum, archiefnummer 28, Collectie doop-, trouw-, lidmaten- begraafboeken – Tresoar, inventarisnummer 0401, aktenummer 139.
28Omschrijvinge van familiën in Friesland (‘Volkstelling’); Westergo, inventarisnummer 1629, aktenummer 618.
29Online:
https://erfgoed-fundaasje.nl/t-bildt/bild-parenteel/parenteel-dirck-boyens/. Krigen 22 july 2022.
30Autorisatieboeken, archiefnummer 13-07, Nedergerecht Het Bildt – Tresoar, inventarisnummer 028, aktenummer 161.
31Nedergerecht Het Bildt - Tresoar, Deel: 028, Periode: 1733-1783, Het Bildt, archief 13-07, inventarisnummer 028, 4 augustus 1779, Autorisatieboeken, aktenummer 196
32Doopboek Herv. gem. Vrouwenparochie, archiefnummer 28, Collectie doop-, trouw-, lidmaten- begraafboeken – Tresoar, inventarisnummer 0126, aktenummer 417.
33Inscripties en grafschriften - Hessel de Walle, Periode: 1341-1901, Beetgum, archief 1, 1 oktober 1769, Verzameling Hessel de Walle, aktenummer 292.
34Lidmatenboek: Tresoar 28-92, Doopsgezinde Gemeente Baard 1768-1852. Inventaris archief 271-03; Tresoar 2002.
35Online:
https://www.genealogieonline.nl/stamboom-russchenberg/I38410.php#bronnen. Krigen 22 july 2022.
36Lidmatenregister Herv. Gemeente Oosterlittens, archiefnummer 28, Collectie doop-, trouw-, lidmaten- begraafboeken – Tresoar, inventarisnummer 83, aktenummer 1126.
37Te witten, Waling Dykstra,
Haitskemoai’s klachten yn de winter fen 1855 (E. Ippius Fockens, Freantsjer 1855);
Petear fen Haitskemoai’s bern în de winter fen 1857 (Telenga, Freantsjer 1857);
Haitskemoai’s klachten oer de nye moden (Telenga, Freatsjer 1859);
Haitskemoai’s neitinken oer de Franske tiden (Telenga, Freantsjer 1864);
Haitskemoai op ’e tentoanstelling fen Frysce aldheden to Leauwerd, 1877 (Telenga, Frentsjer 1878).
38DTB Trouwen Collectie doop-, trouw-, lidmaten- begraafboeken - Tresoar, Deel: 0128, Periode: 172, Het Bildt, archief 28, inventarisnummer 0128, 18 september 1778, Trouwregister Hervormde gemeente Vrouwenparochie, aktenummer 576.
39Notarieel archief - Tresoar, Deel: 140004, Periode: 1825-1826, Hennaarderadeel, archief 26, inventarisnummer 140004, 10 maart1826, Minuut-akten 1825-1826, aktenummer 11.
40Lidmatenboek: Tresoar 28-92, Doopsgezinde Gemeente Baard 1768-1852. Inventaris archief 271-03; Tresoar 2002.
41Minuut-akten 1839-1841, archiefnummer 26, Notarieel archief – Tresoar, inventarisnummer 064012, aktenummer 00120. Gemeente: Leeuwarderadeel.
42Minuut-akten 1840-1842, archiefnummer 26, Notarieel archief – Tresoar, inventarisnummer 067017, aktenummer 00017. Gemeente Baarderadeel.
43Adv.
Leeuwarder Courant (29 januari 1841) 4.
44Earst op 22 maaie 1842; bron: Minuut-akten 1840-1842, archiefnummer 26, Notarieel archief – Tresoar, inventarisnummer 067017, aktenummer 00034. Gemeente Baarderadeel; doe op 29 juni 1843, 900,- gûne by syn skoanmem Antje Keimpes Koopmans. Bron: Minuut-akten 1843, archiefnummer 26, Notarieel archief – Tresoar, inventarisnummer 140018, aktenummer 00002. Gemeente: Hennaarderadeel.
45Waling Dykstra, ‘De bakker fen Gritseboeren’,
Iduna 6 (1850) 121-124, ek opnaam yn Waling Dykstra,
Winterjounen by Gealeboer. Teltsjes yn rym en onrym (E. Ippius Fockens, Freantsjer 1851).
46Minuut-akten 1850, archiefnummer 26, Notarieel archief – Tresoar, inventarisnummer 046044, aktenummer 00195. Gemeente: Idaarderadeel. De lêste fan de Koopmans-bern dy’t syn part ferkeapet is Keimpe Jeltes Koopmans (1825-1910), boerefeint yn Slappeterp, letter sels boer yn Stiens en Hantum. Hy docht syn achtste part yn 1848 oer oan Murk Jochums Stapert foar 2600,- gûne. Minuut-akten 1848, archiefnummer 26, Notarieel archief – Tresoar, inventarisnummer 046042, aktenummer 00015.
47Sa’t de hear Siebe Haven fan de tsjerkeried Wjelsryp-Baaium sa freonlik wie om my te melden.
48Genealogysk Jierboek 1955, 57.
49Kees Kuiken, 'Harlinger en Bildtse doopsgezinden',
De Vrije Fries 83 (2003) 25.
50Foar wa’t him dêr yn fêstbite wol, jou ik hjir de nammen dy’t ik tsjinkaam mei wat rudimintêre gegevens:
Teade Minx [Munck]. Boer op stim nûmer 7 yn Baaium. Wurdt yn 1731 neamd as learaar.
Teade Aukes. Neamd by Loosjes. Boer op stim nûmer 1 yn Baard.
Gerben Wiebes. Neamd by Loosjes. Troud mei Sieuken Gerbens.
Haantje Broers (1714-1763) út Easterlittens. Trout 1744 mei Sjieuwke Gerbens.
Broer Eeltjes. Stoarn 1798. Ut Easterlittens. Trout 1739 mei Janke Reins út Wiuwert.
Haitse Pieters (?-v. 1777) x 1765 Aefke Gosses, wennet yn Baaium. Neamd yn 1768. Soan fan Pieter Broers x Trijntje Haitses; heit wie in broer fan Haantje Broers.
Eeltje Reins van der Werf (1736, Baard-1818, Skylge). Troud mei Akke Miltjes, letter mei Yttje Gerrits. Yn 1781 splitste de DG Knijpe him yn de DG it Fean en de Oud-Vlaamse DG De Knipe; Eeltje Reins wie dêr de earste learaar.
Age Reins van der Werf (1742-1818). Troud mei Anke Abrahams Wiersma. Letter (fan 1795 ôf?) ek DG learaar yn Itens. Leerde ‘uit liefde’, neffens syn widdo yn ’e krante.
Johannes Reins van der Werf (1748-1823). Troud mei Aaltje Jans Kuperus. Fan 1776 ôf. Hy en syn broers Eeltje en Age binne bern fan mem Jetske Eelties (in suster fan Broer Eeltjes) út Drylts en Iens, en heit Rein Ages út Snits (1713-1792). Rein Ages en Jetske Eelties trouwe yn 1733.
Auke Abrams Kuperus. Neamd 1794.
Broer Broers Postma (sa. 1763-1815). Neamd 1800. Troud 1790 mei Emke [Ymkje] Gerbens (1770 – ?). Troude foar de twadde kear yn 1805 mei Rinske Haitses Hoekstra (1769-1840), dochter fan learaar Haitse Pieters.
Pieter Haitzes Schuilenburg (1773– 1833). Neamd 1800, 1818. Soan fan Haitse Pieters. Troud mei Sytske Sydses.
Broer Piers Boonstra (1784-1863), yn Baard 1817, dêrnei Kromwâl, Skylge en Penjum-Wytmarsum.
Sjoerd Johannis Hannema (1774-1808) x 1800 Jetske Douwes Kuperus (sa. 1774-1803). Neamd yn 1805. Wennet 1806 te Rewert ûnder Húns. Twadde houlik mei Antje Lourens Posthumus (1779, Dronryp-1831, Dronryp).
Gosse Karstens Bosma (1772, Baaium – 1827). Neamd 1813. Keapman en winkelier yn Winsum. Is yn 1815 learaar by DG Kollumersweach.
Johannes Nannes Kuperus (1783, Marsum – 1859, Ritsumasyl). Learaar DG Blessum, 1809-1821. Yn 1821 neamd as learaar DG Baard. Trout yn 1820 mei Maaike Aukes Ferwerda (1796-1828).
Ynze Ypes Reen (1774, Dearsum-1844, Akkrum). Yn Baard fan 1825-1840. Lekepreker. Earder yn Surhústerfean, 1802-1825, dêr’t er nei de Frânske tiid fan patriottisme fertocht wurdt. Fertrekt 1839 nei Akkrum. Troud mei Aukje Oenes van der Meulen (1766 – 1844).
51Haitskemoai’s klachten oer de winter, 16.