Se hawwe west, de hûndert dagen fan it publykskulturele sirkus Arcadia, edysje nûmer ien. Hûndert dagen fol mei ‘lokaal en ynternasjonaal moais’, sa’t de mar heal en bytiden yn min en stiif Frysk oersette webside oankundige. De ‘tiid om te belibje’ is wer foarby.
Fragen as ‘is it hjoedtedei noch mooglik om in ideale wrâld te skeppen’ (Paradys), motiven as ‘de needsaak om oars nei de relaasje tusken minske en natuer te sjen’ of ‘te weitsjen oer generaasjes dy’t noch komme’ (Bosk) en observaasjes as ‘de ierde waarmet op, it klimaat feroaret’ (IIs) stiene sintraal.
It publyk wie, seit men, entûsjast, de ‘makkers’ bliid en de provinsjale jildsjitter tefreden. Mission accomplished.
Wat fansels opfoel oan it programma wie it hege didaktyske gehalte fan it hiele projekt. Net dat der net genôch mei fan alles en noch wat boarte waard. Mar hieltyd waarden de kulturele aktiviteiten yn it ramt set fan bewustwurding. Soest ek sizze kinne: folksopfieding.
Oan alles hong de rook fan de âlde Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen. Yn de njoggentjinde iuw – It Nut bestiet oars noch altyd – wie dy feriening fan begoedige boargers deropút om foaral de ‘lagere standen’ beskaving en winsklik sosjaal hâlden en dragen by te bringen. In yn it each rinnend ferskil is lykwols dat de aktiviteiten fan It Nut bestuivere waarden troch hûnderten fan lokale ôfdielingen en har leden. Wylst Arcadia tarje koe op in sa’t it liket ûneinich djippe oerheidssubsydzjepot.
Om 1850 hinne hiene de Nederlânske en Fryske oerheden noch gjin middels om brede lagen fan de befolking te berikken mei ideeën oer bestriding fan maatskiplike misstannen en befoardering fan maatskiplike idealen. In krante koe 99 prosint fan de gewoane lju net betelje. Doedestiids kaam it oan op partikulier inisjatyf, tsjerken en kulturele ferieningen om de befolking sin foar it it goede, it wiere en it moaie by te bringen.
Hjoeddedei is dat ien, twa, trije slaggen oars. Wy lêze kranten. En as wy dat spitigernôch net dogge, dan harkje wy wol nei de radio, sjogge nei de televyzje, dikerje op ús mobyl, binne ferslave oan Instagram, Facebook en YouTube. Oerheden yn ús tiid hawwe bergen en bergen mooglikheden om polityk winsklike boadskippen te fersprieden.
Wêrom moat dat dan ék noch fia stjoerde keunst en kultuer? Hoesa moat ús provinsjaal regear my mei djoere publyksmanifestaasjes ynpiperje dat stêden opknappe fan mear grien? Dat it klimaat opwaarmet? Dat wy de natuer leechrôvje? Dat wy de boaiem útrûpelje? De greidefûgels ferjeie, de bysûndere plantsjes fertraapje, ús rintmasterskip net wiermeitsje?
Dat allegear wist ik ommers al lang. De boarger fan 2022 is net deselde as de boere-arbeider fan 1851. Mar dy stuts – as er Frysk lêze koe en immen joech him ris in Fryske Húsfreon – bygelyks út Waling Dykstra syn ferfolchferhaal ‘De winskhoed fan Fortunatus’ op dat de earmoede op it plattelân ék te krijen hie mei de pronksucht fan de boeren. Dy lies net inkeld dat er sparje en garje moast foar minne dagen. Of dat it wichtich wie dat syn kroast nei skoalle gie. Mar dy koe fan Waling-om ek opsnuve dat er rjocht hie op in fatsoenlik lean.
Wat dat oanbelanget, hie de troch de idealen fan It Nut ynspirearre folkskeunst yn it midden fan de njoggentjinde iuw bytiden in aardich minder braaf en in folle politiker karakter as deselde soarte fan ‘keunst’ tsjintwurdich sjen lit. Wilens is it wol iroanysk dat it negative klisjee dat yn de tweintichste iuw troch lju as Douwe Kalma en nei de oarloch ek troch literatuerwittenskippers oan de Fryske Akademy fan de Fryske ‘folksskriuwerij’ makke is, sokke opfallende oerienkomsten hat mei de tsjintwurdich sa priizge folksbeskaving fan Arcadia. Tiden hawwe tiden.
Likegoed soe it te winskjen wêze dat de folgjende edysje fan Arcadia, watfoar namme dy ek mar krije mei, him ris ôffreegje soe wat it ferskil is tusken keunst en polityk útdroegen didaktyk. Hoe’t publykskeunst wérklik maatskippijkritysk en ‘de eagen iepenjend’ wêze kin. Hoe’t it net in sabeare mar in echte foarhoederol spylje kin.
Te freezjen falt dat moderne ‘makkers’ dêr hielendal gjin nocht oan hawwe. Dy foarmje har ideeën neffens de prioriteiten fan de politike subsydzjejouwer. Har hannel draait, lykas dy fan de moderne boer, op oerheidsjild. Mar echte keunst wurket oarsom. Dy soarget dat de jildstream him oanpast oan de ideeën fan de makker. Of dy wurket sa’t Waling Dykstra wurke: sûnder ek mar in stoer fan de provinsje op te striken foar syn skriuwerij en foardragerij.
Wat soe der dan in frisse, Fryske wyn oer Fryslân waaie kinne!
*
Abe de Vries is einredakteur fan it Friesch Dagblad. Hy skriuwt kollums foar De Nije op persoanlike titel
Ut: De Nije 4-3 (2022)
Geweldich!
BeantwoordenVerwijderenGoed stik! Leau sels ek net sa yn subsydzjekeunst.
BeantwoordenVerwijderen