woensdag 27 juli 2022

De seis völkische lêzingen fan Fedde Schurer út 1941 en 1942

Nij ljocht op ‘De bining forbritsen’


In tsjerne is in tûne om bûter yn te meitsjen, yn de njoggentjinde ieu húsriem op greidpleatsen dy’t foar sok wurk aparte molkkelders hienen. Doe’t om 1880 hinne it fermoeden bestie dat de tsjernjende Fryske boerinne de kantsjes der ôf begûn te rinnen, liet de Ljouwerter argivaris Wopke Eekhoff in bea takomme oan skriuwer en foardrager Waling Dykstra. Oft dy miskien net in oannimlike foarbyldfrou op papier sette koe om de Fryske ekonomy te rêden.1 It werklike probleem wie lykwols net de boerinne, mar de technologyske achterstân fan de feehâlderij te uzes ferlike mei in lân as Denemarken.

Nimt net wei dat it nije tydskrift De Tsjerne by de tiid wêze woe. It earste nûmer ferskynde yn jannewaris 1946. Ideologysk lieder wie de haadredakteur (dield mei Sjoerd van der Schaaf) fan de Heerenveensche Koerier, dichter en beweger Fedde Schurer. It earste stik yn dat earste nûmer is fan syn hân, it ferneamd wurden manifest ‘De bining forbritsen’.2 Ynhâld: de ferplichte solidariteit fan Fryske skriuwers mei de Fryske beweging, mei de belangen fan it Fryske folk, wie foarby. In serieuze skriuwer koe langer net tagelyk beweger wêze, dat soe it nivo fan de literatuer nei ûnderen helje. Hy moat him frij fan de beweging meitsje. Net langer knibbelje foar de mannichte. Hege keunst!

My hat sa’n hiel strange skieding altyd in ûnwinsklik en ek ûnmooglik doel talike om’t de skriuwer himsels dan bûten in belangryk ûnderdiel fan it iepenbiere libben delset. As soe net altyd de hiele werklikheid ta it domein fan de literatuer hearre. De literatuer makket ommers sels wol út hoe’t er al of net omgiet mei de maatskiplike posysje fan syn taal, mei taalbelied, mei polityk, mei machtsstruktueren, media – mei de wrâld. Foar in minderheidstalige literatuer jildt dat, om it sunich te sizzen, net minder.

Wa’t it stik fan Schurer goed lêst, merkt wol dat ek hy him net werklik losmeitsje kin. Syn ûndergrûnse blêd De Rattelwacht, dat er as in foargonger fan De Tsjerne beskriuwt, wie in ‘illegale dou út de Fryske arke’ (s. 4), skriuwt er. De Tsjerne rjochtet him ta it literatuerleavjend diel fan it ‘Fryske folk’ en de ferskining derfan is fan ûnwittend belang: ‘It is wer moarn oer Fryslân.’ (s. 5) Sokke taal klinkt bekend. Deselde Fryske nasjonalisten dy’t foar de oarloch yn de Fryske beweging foar master opslein hiene, krigen in sit yn ’e redaksje.3 Dat makke it ferbrekken fan ferbiningen al op foarhân frijwat ûnwierskynlik.

Wat dat oanbelanget kin men no noch altyd ûntdekkingen dwaan. Fedde Schurer, bygelyks, blykt yn de oarlochsjierren 1941 en 1942 in seistal publykslêzingen jûn te hawwen, dêr’t kranteferslaggen fan binne. Dy lêzingen wurde yn gjin hânboek of (auto)biografy of artikel neamd.4 Wat opfalt: Schurer syn tinken oer de rollen fan skriuwer en beweging ferskilt yn dy stikken himelsbreed fan ‘De bining forbritsen’. Ik jou koarte werjeftes, wêryn’t ik yn de wurden fan in rige krantestikken fertel wat Schurer nei foarren brocht. De lêzingen sels binne by myn witten net bewarre bleaun:

Lêzing op it Frysk Jongereinkongres yn Ljouwert, Sealen Schaaf, op nijjiersdei 1941.5

Fedde Schurer praat ûnder de titel ‘Heitelâns hope’ oer de learende jongerein. Dy moat syn plak ynnimme yn it Fryske folk, dy hat in eareskuld te foldwaan. Want it wiene har foargongers, de geastlike liedslju op de doarpen, de dûmny, de master, de dokter, de notaris, dy’t folle oan it Frysk misdien hawwe. It Frysk hat tanksij har de namme krigen dat it gjin taal wie foar learde minsken. Dat is de skuld fan it yntellektualisme, dat Fryslân yn de sompe laat hat en in minderweardichheidsgefoel foar taal en wêzen oer besoarge hat. De hâlding fan yntellektuelen foar it Frysk oer moat feroarje. De studinten binne fan in laach dat ienris de skande fan Fryslân wie, mar dat no de hoop fan Fryslân is, om’t se har kennis yn tsjinst stelle wolle fan de ferriking fan it Fryske folk.

Lêzing yn boekhannel Minerva yn Amsterdam, by gelegenheid fan de iepening fan in tentoanstelling fan It Fryske Boek, op 1 novimber 1941.6

De útstalde boeken tsjûgje fan wat der yn it Fryske folk libbe hat en libbet. Schurer wiist derop dat Fryslân de ieuwen bylâns altyd in sterk eigen libben kend hat, in krêftige libbenswil, dy’t foarm socht yn de literatuer. Dy libbenswil toant him ek yn de striid om ûnderwiis yn it Frysk, in striid dy’t giet om it bestean fan it Fryske folk. De taalstriid makket dat foar him elke rigel dy’t er skriuwt in died foar syn folk is. De taalstriid ferbynt de skriuwer mei syn folk, dêr’t er him de stim fan wit. De literatuer stiet midden yn de beweging.

Troch dy mienskiplike striid, dy’t alle omtinken opeasket, kin de Fryske skriuwer gjin yndividualist wêze. Wat de literatuer oanbelanget, de Jongfryske is tefolle bûten it Fryske folk omgien. Dêr is in reaksje op kaam. No leveret it folk sels de stoffe. De skriuwersgeneraasje fan tsjintwurdich stiet folle tichter by it folk. De skriuwers hawwe ûnderfûn dat ek yn it skôgjen fan it eigene him in wrâld fan skientme iepenbierje kin: de mikroskoop lit likefolle wûnders sjen as de teleskoop.

Lêzing op it Alfte Frysk Studintekongres, op 23 desimber 1941 yn De Groene Weide yn Ljouwert.7

Fedde Schurer praat oer ‘Ienheid en Ienriedichheid’. Yn it by de tiid hâlden fan de Fryske taal moatte de mannen fan de wittenskip yn ienriedigens gearwurkje mei hiel it folk. Yntellektuelen en wurkers moatte net op elkoar delsjen, se moatte har as Friezen ien en lykweardich fiele. Mar se moatte al sterk en ienriedich stean. Docht men dat, bout men mei-inoar oan de Germaansk-kristlike kultuer fan it folk, dan mei men de takomst mei fertrouwen ôfwachtsje.

Lêzing op de Krystgearkomste fan it Kristlik Frysk Selskip, op 28 desimber 1941 yn de kofjekeamer fan De Harmonie yn Ljouwert.8

Fedde Schurer praat oer ‘Beaken en Tij’. No is der wer it oarlochstij en op ’e nij in stribjen nei ienheid, dêr’t fierder oan boud wurde kin op grûn fan in Germaansk-kristlike basis. Dat it Fryske folk hechter oanienslút sil needsaak en winst wêze. It paad moat sljochte foar Fryske ienheid, foar in algemiene beweging. It Frysk Selskip en it Kristlik Frysk Selskip soenen ûnder ien lieding brocht wurde moatte. It giet om it bestean, om de takomst fan it Fryske folk en de tiid driuwt nei ienheid. Yn de striid sille der gjin aparte bataljons wêze, of inkeld mei in goede wurkferdieling.

Lêzing op in jûn fan Fryske ferieningen yn Hilversum, op 6 maart 1942 yn it Hof van Holland.9

Fedde Schurer praat oer ‘Folksienheid’. De Fryske beweging hat as doel dat de Fries bûten Fryslân en de jongere generaasje suver Frysk bliuwe en dat Fryslân in ienheid bliuwt, nettsjinsteande alle tsjinstellingen. De terp, dêr’t de Fries troch alle tiden feilich wie tsjin de floed, foarme syn selsstannich karakter, de see as de ûneinige widens syn frijheidsbegryp. Terp en see binne symboalysk foar de Fryske folksaard.

Lêzing op de Iepenloftgearkomste fan de Boun fan Frysk Nasjonale Jongerein, op 25 july 1942 yn Olterterp.10

Fedde Schurer praat foar sa’n 150 minsken oer ‘De Jongerein en Fryslân’. Fryslân is de namme dy’t de jongerein ta ien gehiel makket. Yn dy namme sit de ienheid en ferbûnens mei it folk. De Friezen, dy’t fan de Germaanske stamme binne, hawwe de kristlike kultuer en dêrop moat de takomst boud wurde. Friezen moatte ‘wy’ wêze en minsken fan ’e tiid. Dat is net maklik, en dêrom moat der tige oanpakt wurde.

Mei oare wurden: de Fryske skriuwer en de Fryske beweging binne foar Schurer yn 1941 en 1942 noch altyd, en hiel dúdlik, twa siden fan ien medalje.

Hy giet fier yn syn tsjinstberens oan it Fryske folk, hy hat it oer ‘libbenskrêft’, ‘eareskuld’ en folksopbou op in ‘Germaansk-kristlike basis’. De Dútse besetter en syn trawanten foel dat lêste grif ek op. Syn dichtwurk wurdt sinjalearre troch de Deutsche Zeitung in den Niederlanden op 3 febrewaris 1943. Auteur I.H.W. merkt op dat ‘die erbauliche und zugleich markige Poesie des jungen, begabten Dichters Fedde Schurer durch eine ausgeprägte nationalistische Tendenz gekennzeichnet [wird]’.11 En yn jannewaris 1944 skriuwt folkskundige Sytse Jan van der Molen yn it NSB-blêd Groot Nederland oer de nijste Fryske literatuer: ‘Men heeft meer dan voordien naast het onbestreden recht van de individualiteit van den kunstenaar het beginsel der volksverbondenheid op den voorgrond geplaatst (naar de karakteristiek van Fedde Schurer) (..).’12

Schurer sels wie wilens belutsen rekke by it ferset, holp ûnderdûkers en kaam yn 1944 mei it yllegale blêd (ien nûmer) De Rattelwacht. Mar yn ’e tiid dat er boppesteande lêzingen hold, en Fryske boeken yn Amsterdam oan ’e man brocht, yn dy tiid krigen de Joaden in J stimpele yn har paspoart en in setsje letter waarden se ûntslein. Uteinlik koe men beswierlik noch op ’en paad gean en ferkundigje de Fryske ‘volksverbondenheid’. Yn 1942 setten de Dútsers mei razzia’s en deportaasjes útein. Wat betsjutten dan dy terp en dat wide fiersicht oan de Noardsee noch?

‘De dichter bliuwt Fries’

Dan is de oarloch foarby. As yn jannewaris 1946 it earste nûmer fan De Tsjerne ferskynt, lêst skôger S. fan de Dragtster Courant yn ‘De bining forbritsen’ dat Schurer ‘rommer sykhellet’; oer it stik sels seit er neat.13 Kollega-resinsint F. (Eeltsje Boates Folkertsma) is yn it Friesch Dagblad optein oer it proklamearre eigen plak foar de skriuwers, apart fan de beweging. Likegoed giet it foar him om in relative selsstannigens, want: ‘skieding tusken literatuer en beweging is (..) net mooglik. De dichter bliuwt Fries. Syn bestean woartelt op ’en djipsten yn it Fryske libben’.14

Dat is ek Jan Piebenga fan betinken, de essayist en haadredakteur fan de Ljouwerter, dy’t de twadde printinge fan syn Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (1957) beslút mei te sizzen: ‘De mystike ienheid fan Fryske beweging en Fryske skriftekennisse kin op straffe fan ôfstjerte net ferbrutsen wurde.’15 Klaes Dykstra yn syn Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (1977) neamt Schurer syn stik, mar besteget der fierder gjin omtinken oan.16

Men woe, safolle is dúdlik, in al te radikale ynterpretaasje fan ‘De bining forbritsen’ net foar rekken nimme. It ‘noait wer’ dat út de tekst spruts en it pleit foar heger literêr peil wienen fansels bêst, mar dêr gie it net om. In frijheidsleavjende modernist as Trinus Riemersma hie dat goed yn ’e gaten. In Frysk skriuwer wie neffens Riemersma needsaaklikerwiis tagelyk in beweger, want al syn teksten befoarderje ommers it brûken fan de taal. ,,Skriuwe yn in minderheidstaal is in bewegingsdied, as men no wol of net. In Frysk skriuwer is dus in beweger, mar hy hoecht dat net alle dagen te sizzen”, brocht er yn 1993 nei foarren op it Krystkongres fan Fryske studinten yn de Frjentsjerter Bogt fen Guné.17

De lêste safolle jier liket der lykwols wer mear ferlet fan in echte ferbrutsen ferbining te wêzen. Bygelyks te merkbiten oan de Spiegel van de Friese poëzie (1994). Dêryn ferskynt Schurer syn artikel as in ‘keerpunt in de ontwikkeling van de Friese literatuur’, het ‘weerspiegelt ook het algemene paradigma dat het in de literatuur zuiver en alleen om het literaire werk gaat’.18 Dy l’art pour l’art ynstek is ek oan te treffen yn it nijste hânboek foar Fryske literatuer, it yn 2008 ferskynde Zolang de wind van de wolken waait.19 Foar dy beide publikaasjes wie de winsk om de Fryske literatuer begryplik del te setten foar in Nederlânsktalich publyk belangryk. Dêr hearden skema’s by, yndielingen, wetterskiedingen. Dêrby komt ek dat de tiid folle yndividualistysker wurden wie. Yn de digitale 21e-ieu betsjut sokssawat as ‘it Fryske folk’ hiel wat minder as earder wol. Mei as konsekwinsje dat it net inkeld makliker wurdt, mar ek logysker liket – wat it dus net per se is – om ôfskied fan biningen te nimmen.

Polityk, taal, keunst

Mar dat hoecht ús sicht op de histoaryske werklikheid noch net te fertsjusterjen. Schurer syn lêzingen fan 1941 en 1942 fêstigje it omtinken op persoanlike motiven om nei de oarloch ôfstân te nimmen fan de foar in part troch kollaboraasje kompromitearre Fryske beweging. Wat er as in manifest brocht, as in opdracht foar Fryske skriuwers, wie yn feite foaral in warskôging oan himsels, en dêrby in politike gerêststelling foar de bûtenwacht. Dy koe sa op in ôfstân hâlden wurde. De Fryske literatuer liet mei it nije blêd sjen dat men lessen út de oarloch lutsen hie.

Yn de praktyk libben bewegingsmotiven ek yn De Tsjerne gewoan fierder, neist de ‘autonome’ literatuer. De Tsjerne die beide – sa’t Fryske literêre blêden allegear wol yn ien of oare mjuks beide dien hawwe. En literêre noarmen ferkenne, formulearje en hanthavenje, of trochbrekke, én in rol spylje yn ’e Fryske taalwerklikheid. By alle yndividualisme en persoanlike profilen fan de moderne tiid is it net ferkeard om dêr op te wizen: op it feit dat taalgebrûk der maatskiplik ta docht. Sels as it net mei opsetsin sa’n effekt neistribbet. Polityk, taal en keunst binne net te skieden. Alle literatuer hat politike kanten.

Schurer, boppedat, wie en bleau in folkstinker. Oft er dat no ferbergje woe of net. Al yn 1948 naam er de facto ôfskied fan syn ferbrutsen ferbining, yn syn eigen Heerenveensche Koerier. Minsken binne gjin tafallige eksimplaren tusken al de miljoenen fan ’e wrâld, skriuwt er dêr. ‘De minske is groeid út en yn syn folk. Dat folk bestiet as in libbene ienheid, en dy ienheid nim as sadanich foarm yn it wrâldlibben.’ Serieuze skriuwers soene net yn sa’n lytse taal as it Frysk skriuwe, ‘as der net de wûnderlike bining wie mei dy sa beswierlik te omskriuwen ienheid fan libben, dy’t men folk neamt’.20


Noaten

1Brief Wopke Eekhoff oan Waling Dykstra. Ljouwert, 27 augustus 1879. Tresoar, Waling Dykstra Argyf, D3M77. ‘Waling moat ek de freon fan alle Friezinnen wurde en benammen fan ús Fryske jongfammen’, skriuwt Eekhoff. ‘En dêrta is nou gelegenheid. (..) By it besprekken fan dizze wichtige saak foel my dêrom yn: as Waling Dykstra sa goed wêze woe om yn ’t Frysk in boekje te skriuwen [oer it boerebedriuw en it bûtermeitsjen]. (..) As jo Haitskemoai dêr nei jo tinken te âld foar wêze soe, dan woe ik jo wol in oar minske yn betinken jaan. Foar hûndert jier kaam it wurkje út: De reis fen Maaike Jakkeles nei Ljouwert (..).’

2Fedde Schurer, ‘De bining forbritsen’, De Tsjerne 1-1 (1946) 1-5.

3Yn 1946 Jan Piebenga en Fedde Schurer sels, yn 1950 Eeltsje Boates Folkertsma.

4Noch by Schurer sels, yn syn autobiografy De besleine spegel. Autobiografy (Moussault, Amsterdam 1969), noch yn de dissertaasje fan Johanneke Liemburg, Fedde Schurer (1898-1968). Biografie van een Friese koerier (Friese Pers Boekerij, Leeuwarden 2010) treft men in fermelding oan.

5‘Frysk Jongereinkongres to Ljouwert’, Leeuwarder Courant (2 jannewaris 1941) 5.

6‘Het Friesche boek. Fedde Schurer over Friesland en zijn taal’, Leeuwarder Nieuwsblad (4 novimber 1941) 3.

7‘Alfte Frysk Studentekongres’, Leeuwarder Courant (24 desimber 1941) 6.

8‘Kristlik Frysk Selskip. Algemiene gearkomste op Twadde Krystdei’, Nieuwsblad van Friesland (31 desimber 1941) 5.

9‘Friesche avond’, De Gooi- en Eemlander (9 maart 1942) 2.

10‘Iepenloftgearkomste Boun fen Frysk Nasjonale Jongerein to Olterterp’, Nieuwsblad van Friesland (29 july 1942) 4.

11I.H.W., ‘Das friesische Kultuerelement. Jahrhunderte bereits kämpfen die Friesen um die Erhaltung ihrer Sprache und Eigenart’, Deutsche Zeitung in den Niederlanden (8 febrewaris 1943) 4.

12S.J. van der Molen, ‘Over het karakter der Friesche letterkunde’, Groot Nederland. Letterkundig maandschrift voor den Nederlandschen stam (15 jannewaris 1944) 20.

13S., ‘Nije útjeften’, Dragtster Courant (5 febrewaris 1946) 1.

14F., ‘Nije Fryske boeken’, Friesch Dagblad (13 oktober 1945) 2. Foarútrinnend op ‘De bining forbritsen’ bringt Folkertsma al in skieding oan tusken ‘it gebiet fen ’e biweging’ en ‘dat fen ’e literatuer’. Optein is er oer de sechsde, útwreide printinge fan de Rimen en teltsjes, mar oer in seleksje (troch Jan Piebenga, mar dat wurdt net fermeld) út it wurk fan Teatse Eeltsje Holtrop freget er him ôf oft dêr net tefolle ‘folksskriuwerij’ yn opnaam is - ‘koarte teltsjes, wierewurden, ulefelrymkes’.

15Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (2e pr.; Laverman, Drachten 1957) 277.

16Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (2e pr.; Afûk, Ljouwert) 111.

17‘Net bewege, mar better skriuwe’, Leeuwarder Courant (31 desimber 1993) 15.

18Teake Oppewal e.o., gearst., Spiegel van de Friese poëzie. Van de zeventiende eeuw tot heden (2e pr.; Meulenhoff, Amsterdam 2008) 21.

19Babs Gezelle Meerburg, ‘”De binding verbroken’. Van 1945 tot eind jaren zestig’, yn: Teake Oppewal e.o., Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Bert Bakker, Amsterdam 2006) 133. Skriuwer merkt op dat De Tsjerne net in spesifyk program hie, mar dat Schurer syn artikel ‘vaak als programma wordt aangemerkt’. ‘De schrijver heeft zijn dienst als belangrijke bewegingsfactor erop zitten; de beweging moet zich losmaken van de aloude literaire binding en eigen brede wegen gaan’, wurdt Schurer sitearre. Net inkeld problematisearret Gezelle Meerburg de bewearing net, blikens de haadstiktitel nimt se de stelling ek oer as in treffende beskriuwing fan de nei-oarlochske literêre werklikheid.

20F.S., ‘De eachopslach fan in frij folk’, De Heerenveensche Koerier (2 april 1948) 3.


Literatuer

Liemburg, Johanneke, Fedde Schurer (1898-1968). Biografie van een Friese koerier (Friese Pers Boekerij, Leeuwarden 2010)

Dykstra, Klaes en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (2e pr.; Afûk, Ljouwert)

Oppewal, Teake e.o., gearst., Spiegel van de Friese poëzie. Van de zeventiende eeuw tot heden (2e pr.; Meulenhoff, Amsterdam 2008)

Oppewal, Teake e.o., Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Bert Bakker, Amsterdam 2006)

Piebenga, Jan, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (2e pr.; Laverman, Drachten 1957)

Schurer, Fedde, De besleine spegel. Autobiografy (Moussault, Amsterdam 1969)


In eardere fersy fan dit artikel waard publisearre yn it Friesch Dagblad.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten