vrijdag 2 september 2022
Carrickfergus yn 'e fierte
’t Wie justerjûn – de hjerstmoannejûn
flijde syn jurken oer de pearse sambuca nigra,
doe’t ik in âld Iersk folkslietsje hearde,
en ik tocht oan dy. Oan dy! in amerij,
myn noait desperearjend moedich breidske.
Ik hie it as in bij yn ’e blommen by dy;
nee, as in wjerweide op ’e sjempôt,
as in houtdo yn ’e flearbeien.
Mar ’k wie ek in kniper oan ’e line,
in kweltse platpoat foar de tsjilploech,
in muntsjesiker op in tsjinstribbige jikker –
it libben wierre tsjin en mei.
Doe die ik it achterkeamersrút wer ticht.
Hjoed ha se my fiif kear yn ’e earmen prikt,
foar’t in willige ier sei, lit my mar bliede.
Wa wit wat eintsje bestean noch bliuwt?
Jûts ik in nudle yn myn murch,
dan bestean ik noch wol even
en wit ik op slach wer wat wy
(mei gjin inkeld rjocht dêrta!)
as deagewoan beleefden.
De see is breed by Carrickfergus
en einen swimme kin ’k net mear.
Fleugels om te fleanen bin ’k brek
en elke boat dy’t driuwe wol slacht lek.
Wat tij, lot en tiden skiede, wa sil ’t heel wer meitsje?
Inkeld dizze waarmste, justjes oerstjoere groet
ferstjoer ik nei dyn lippen,
likegoed foargoed.
.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten