donderdag 28 juli 2022
In yn 'e steek litten kultuer
Sa by de tiid lâns hawwe hiel wat pommeranten út de kultuerwrâld moard en brân skreaud as der wer ris barbaarske besunigingen drigen op de help en stipe fan de oerheid. Alle kearen wol koenen wy de klok dan lyksette op de klank fan sympatike, stypjende lûden. Fan politisy of oare belutsenen dy’t reagearren en it mei it ôfknipen net iens wienen, dy’t dan steefêst moaie soundbites ophoastje koenen oer it almeugend grutte belang fan kultuer en beskaving en dat it sa werklik net kin.
Professor Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal en literatuer oan de Ryksuniversiteit Grins, sil yn it neijier mei emeritaat. Om syn opfolging en de ynrjochting fan ‘syn’ stúdzje yn Grins is spul ûntstien mei it bestjoer fan de Letterefakulteit. Dat bestjoer liket derop út te wêzen om net in frisist mar in soartemint algemiene taalwittenskipper op syn plak del te setten. Immen sûnder spesifike kennis fan Fryske taal, skiednis en kultuer. Jensma, wit ik, sit al in moai skoft siik thús.
Wêr binne no de pommeranten? Ha wy de direkteur fan de Fryske Akademy hjir alris oer heard? Of dy fan Tresoar? De Afûk? De foarsitter fan It Skriuwersboun? De haadredakteuren fan De Moanne en ensafh? De managers fan Arcadia? LF2028? Stean de kranten der fol mei, hat de Omrop de mûle der fol fan?
It antwurd is: nee. Neat fernimme wy út dy hoeken oer de kommende eksekúsje fan de Fryske literatuer en kultuer as akademyske dissipline. Dêr binne rûchwei twa ferklearringen foar te betinken. De earste is dat Fryske ynstituten (Tresoar, Afûk, Fryske Akademy) allegear omriere yn deselde bak mei oerheidsjild; opkomme foar in oare partij yn it fjild is der net mear by, soks soe de eigen kânsen op sukses miskien lytser meitsje kinne. It sil in konsekwinsje wêze fan it neoliberale merktinken dat de kultuersektor al sa lang terrorisearret, fansels net allinnich yn Fryslân.
In twadde mooglike reden is de útslutende klam op taalkundich en histoarysk ûndersyk yn it belied fan foaral de Fryske Akademy. De FA ferhipt it al withoelang om in folweardich plak yn te romjen foar kultuer- en literatuerstúdzje – in nuvere parallel mei de wegering fan de RUG om de wittenskiplike bestudearring fan Fryske taal en kultuer syn gerak te jaan. Mar wurdt de Fryske kultuer it bêste foarútholpen mei nije wurdboeken en referaten oer midsieuske Fryske hannel en frijheid? Wolnee. Dy wurdt stipe as minsken gebrûk meisje fan de kultivearre skriuwtaal, as se lektuer en literatuer skriuwe en lêze yn har taal, en as sokke uteringen de muoite wurdich fûn wurde om te bestudearjen.
Sûnder Fryske literatuer kin it Frysk net fierder. Sûnder stúdzje nei de Fryske literatuer ferliest dy literatuer syn status, syn urginsje, syn oanlûkingskrêft.
Werom nei it Frysk yn Grins. Inkeld de Fryske Deputearre fan Kultuer hat in keardel útmakke, en wol troch te driigjen mei it iennichste wapen dat de provinsje blybker hat, te witten it ynlûken fan syn subsdyzje (jierliks 220.000 euro) oan de RUG. De provinsje wol ynfloed op de beneaming fan Jensma syn opfolger en in selsstannige masterstúdzje Frysk yn Grins.
Yn desimber ferline jier liet de RUG witte gjin boadskip te hawwen oan de winsken fan de Deputearre. It ynlûken fan it provinsjale jild ‘zou teleurstellend zijn, want een verarming van het onderwijs en onderzoek’, liet in wurdfierder witte oan de Grinzer universiteitskrante. Links- of rjochtsom, der komt gjin provinsjaal meipraten en gjin Fryske master.
Gjin skriuwer, dichter of ynstitútsbobo te bekennen dy’t warskôget foar de gefolgen foar de Fryske literatuerstúdzje, as de RUG leafst it hiele wittenskipsgebiet cancelt. It literêre fjild lit sawol Jensma as de Deputearre fierhinne stikke mei harren besykjen om eat fan in werkenbere en selsstannige stúdzje Fryske taal- en letterkunde oerein te hâlden. Wy litte ús eigen kultuer yn ’e steek.
Yntusken is it de fraach oft de Provinsje, yn Nederlân de hoeder fan it Frysk, beskermer fan de ek troch Europeeske ferdraggen beskerme twadde rykstaal, net méar as inkeld mar jild ynsette kin as pressymiddel nei de RUG ta. Betsjut dy juridyske taalstatus dêr’t sa lang foar fochten is dan hielendal neat? Is de RUG de iennichste partij dy’t wat te sizzen hat oer al of net Frysk wittenskiplik ûnderwiis, hoecht de universiteit dêr gjin oerlis oer te hawwen?
It is heech tiid foar leden fan Provinsjale Steaten om har út te sprekken. En wat tinke Fryske lanlike politisy hjirfan, bygelyks Aukje de Vries fan de VVD en Harry van der Molen fan it CDA? Of binne dat allinnich op papier stipers fan de Fryske beweging?
Yn: De Nije 2022-2.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten