zaterdag 15 september 2018

Skriuwe as selsrjuchtfeardiging

‘Reinou’ yn it lette wurk fan Waling Dykstra 

Der is gauris skreaun dat de njoggentjinde-ieuske Fryske literatuer sa ‘ûnpersoanlik’ is, dêr hoecht gjin noat mear by. Unpersoanlik, moralistysk, didaktysk en braaf-boargerlik. Dêr is fansels wol wat fan oan, mar oan de oare kant is it ek net hiel dreech om wurk te finen dat ôfwykt fan dat byld. Of om in skriuwer as Waling Dykstra, suver de ferpersoanliking fan de Fryske literatuer yn de twadde helte fan de ieu, wat minskliker ôf te skilderjen as wenst. Men hoecht mar te wizen op syn nayf-romantyske fersewurk, syn lieten, de klachten oer de dea fan frou en soantsje, in harlekyn as Hantsje-pik, it jeuzeljen fan Haitskemoai of de jeremiades tsjin it bakkersfak. Faak sit it persoanlike elemint fan teksten behalve yn it taalgebrûk ek ferburgen achter personaazjes en sitewaasjes op in wize dy’t wy net dalik en al nei ien eachopslach werkenne. By better sjen blykt dan bygelyks in typysk boargerlik Nut-tema by Dykstra as de frije houlikskar wiswier ek in persoanlike diminsje te hawwen. 

De kwestje mei ‘Reinou’, en de tragyske libbensrin fan in Spannumer boeredochter dy’t dêr achter lei,1 hat Dykstra syn hiele libben lang literêr dwaande hâlden. Dat is yn de Fryske skriftekennisse net sa optekene, mar it falt frij ienfâldich ôf te lêzen oan wat er der sels oer skreaun of sein hat. De skriftlike delslach bestiet út, foarsafier’t ik it op dit stuit neigean kin:

(1) it gedicht ‘Advertentie uit de Friesche Straatcourant’ yn Suringar’s Friesche Almanak fan 1844; 
(2) de net datearre notysje by it hânskrift fan de ‘Advertentie’ (nei 1899); 
(3) it ferhaal ‘De betsjoende boeredochter’ yn De Byekoer fan 1847 en Winterjounen by Gealeboer fan 1851;2 
(4) it gedicht ‘Reinou’ yn Swanneblommen fan 1851 en Winterjounen by Gealeboer;3 
(5) it foaropwurd by de earste printinge fan Winterjounen
(6) de brief dd. 28 july 1851 oan Tsjibbe Gearts van der Meulen; 
(7) it gedicht ‘In faam op skjin papier’ yn Mink mei ’t orgel út 1860;4 
(8) it foaropwurd by de twadde printinge fan Winterjounen út 1860;
(9) it toanielstik De boekhâlder fen keapman Gabbema út 1879,5 en 
(10) it ferhaal ‘Op Harkemastate’ yn Sljucht en Rjucht út 1911.6 

It fermelden is ek noch wurdich it grut krantestik dat Kees Wielsma yn 1911 skreau nei oanlieding fan Dykstra syn njoggentichste jierdei, basearre op ynterviews mei de jubilaris sels.7 En miskien is der noch wol mear te finen, ek yn in pear lieten. Oer de eardere fynplakken haw ik foarhinne al wat skreaun, ik wol hjir no ta nei it lettere wurk: it toanielstik De boekhâlder fen keapman Gabbema en it ferhaal ‘Op Harkemastate’ yn Sljucht en Rjucht. Hoe heakje dy oan by ‘Reinou’ en wat fertelt ús dat? 


De boekhâlder fen keapman Gabbema, in stik fan fiif bedriuwen, wurdt skreaun yn 1879 foar de priisfraach fan dat jier fan it liberale Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse, dêr’t Waling Dykstra op dat stuit sels haadbestjoerslid fan is. 1879 is in jier dat de polityk net te min oer de tonge giet. Yn april rjuchtet Abraham Kuyper yn Utert de Anti-Revolutionaire Partij op, op basis fan de konservative en ortodoks-protestantske tinkbylden fan ûnder mear Groen van Prinsterer oer polityk en steatsynrjuchting. En yn juny binne der ferkiezingen foar de Twadde Keamer, nei de fal fan it liberale kabinet-Kappeyne van de Coppello. 

Dykstra is dan mei syn omkesizzer Oebele Stellingwerf redakteur fan it mei troch him oprjuchte Friesch Volksblad, in links-liberale krante mei relatyf in protte omtinken foar it Frysk. Hy folget as liberaal, as foarstanner fan iepenbier ûnderwiis en as ‘man fan it nije ljocht’ de ûntjouwingen op de foet. Yn dizze jierren hat nochal wat fan syn Fryske skriuwerij in politike lading; men kin syn bundel For de praetstoel en de hirdshoeke (1877) der op neislaan.8 It Frysk toaniel draait yn de santiger jierren foar trijekwart op syn stikken, mar dat binne dan eins inkeld maklik te spyljen blijspullen en kluchten. Fan 1874 ôf besiket er it ek mei wat ‘serieuzer’ toaniel, dramastikken of stikken mei in liberale tendins en in moreel boadskip. Oebele Glûper heart dêrby mar ek De boekhâlder fen keapman Gabbema

Lykas it gedicht ‘Reinou’ fan 28 jier earder giet De boekhâlder oer de ferbeane leafde fan in faam mei namme Reinou (yn dit gefal in keapmansdochter) dy’t gjin mem mear hat, foar in frijer, diskear Eabele, yn wa’t de gebiedende âlderlike macht (yn dit gefal har heit) it net sitten sjucht om reden fan jild, stân of status. Lykas yn it gedicht ‘Reinou’ rekket de faam hielendal fan slach troch it ferbod, safolle wol dat har sûnens op it spul komt te stean en se gjin nocht mear hat oan it libben. It ferskil is dat diskear de saak goed ôfrint, mar De boekhâlder hat dan al safolle oerienkomsten mei ‘Reinou’, dat it net misse kin of dat is mei opset sin. 

De skriuwer achtet it blykber needsaaklik om in al ferhelle skiednis wer op ’e nij, mar no oars, te ferheljen. Waling Dykstra liket sawol de Gysbert Japicx as de Simen Gabbema fan syn eigen ferline. Gabbema, sa hjit syn keapman. Yn in Frysk-literêr wurk út dy tiid kin dat al gau ferwize nei Simon Gabbema, de Ljouwerter abbekatesoan, persoanlike freon fan Gysbert Japicx en skiedskriuwer fan Fryslân en Ljouwert.9 

Simon Abbes Gabbema (1628-1688) is yn de sechstiger jierren fan de njoggentjinde ieu in favoryt stúdzje-objekt yn rûnten fan it deftige Friesch Genootschap, foaral om’t er in grutte samling brieven byinoar brocht en bewarre hat. W.W. Buma yn De Vrije Fries (1862)10 en Eelco Verwijs yn de Nieuwe Friesche Volks-Almanak (1864)11 publisearje wiidweidich út dokuminten dy’t ûnder mear provinsjaal argivaris Tiede Dykstra noch opdûkele hat. De oanlieding is in fermelding by Gabbema oer in saak dy’t yn 1570 in protte opskuor jûn hie, dy fan de ferbeane leafde tusken de twa Fryske eallju Alef van Aylva en Anna van Dekama. Anna luts har tastimming foar in houlik yn, mar Alef hold oan. Har fâd en omke Douwe van Roorda brocht de saak nei it gerjucht. Neffens Alef stie Anna ûnder twang fan har omke, mar de Ljouwerter biskop Cunerus Petri oardiele dat de ferbyntenis ûnjildich wie en dat beide partijen ta yn ’e ivichheid oer it skeel swije moasten. 

It skandaal, want dat wie it yn adelike rûnten, holp net mei om de sympaty foar de roomske tsjerke te ferstevigjen, sa flak foar de reformaasje. Neffens it âlde Fryske rjucht wie it houlik in oerienkomst tusken man en frou, sûnder bemuoienis fan tredden, en neffens it gongbere Romeinsk rjucht wie dat ek sa. No hienen Alef (letter noch grytman fan Ferwerderadiel) en Anna har foar in tsjerklike rjuchtbank ferantwurdzje moatten, en dat tanksij de roomske driuw om de teokratyske bepalingen fan it Trintse Konsily yn Fryslân fan tapassing te ferklearjen. Dy bepalingen hâlden yn dat oan houliken dy’t net troch de tsjerke sletten en ynsegene wiene, gjin rjuchtsjildichheid takend wurde mocht. As men dat dertroch krije soe, dan soe dat de tsjerke in hiel ein foarút helpe, mar de stimming yn Fryslân kearde him tsjin Cunerus Petri. Syn fûnis waard sjoen as in oantaasting fan Fryske rjuchten en gebrûken. 

De boekhâlder trochbrekt dus mei syn ferwizing it yn ’e skiednis fêstleine swijen fan Alef en Anna mei in tige Frysk pleit foar de leafde. De ûnskuld fan Reinou Gabbema en de ûnskuld fan Eabele Jildersma oerwinne, en de âlderlike macht sjucht yn dat er flaters makke hat mei de fertinking fan dieverij en it ferbod op harren omgong. It is it gegeven fan ‘Reinou’ op ’e nij, mar no komt alhiel neffens de toanielwetten fan dy tiid elkenien ta ynkear en rint it (hoewol mar krekt) goed ôf. Diskear komt de faam net flak foar in foarnommen houlik, nei in lange lijenswei fan sykte en depresje, te ferstjerren. En diskear wurdt de frijer yn syn eare wersteld. Diskear krije de twa leaven elkoar. 


Dan it proazastik. Dat ferhaal hjit ‘Op Harkemastate’ en is yn seis ôfleveringen publisearre yn Sljucht en Rjucht yn april en maaie 1911, trije jier foar Dykstra syn dea. Hy wie 89 jier doe’t er it skreau; it is it lêste grutte ferhaal dat er publisearre hat. Yn 1932-1933 stie it noch in kear yn it blêd. 

Yn ‘Op Harkemastate’ is in Reinou op ’e nij de haadpersoan, diskear is se wer in boeredochter, dy’t gjin mem mear hat en libbet mei har heit en wat jongere bern op heit syn pleats. Lykas yn De boekhâlder hjit de frijer fan Eabele, yn dit gefal Klaversma. Reinou har heit is Wobbe Jetsma (of Jetstra, sa wurdt er in setsje fierderop neamd). Dat is in stive, rike boer. Reinou hjit dus fan Reinou Jetsma of Jetstra, wat in ferwizing wêze kin nei de Ljouwerter piëtistyske dichteresse Jetske Reynou van der Malen (1681-1752); dêr kom ik aansen op werom. 

Wobbe Jetsma is ien fan de rykste bouboeren yn in hoeke fan it noarden fan Fryslân en is al tsien jier widner. Syn frou hat er oan de tarring ferlern en twa bern oan de mûzels. No fertinkt er syn 21-jierrige dochter Reinou derfan dat sy stikem in liaison hat mei de boeresoan Eabele Klaversma. Der wurdt oer praat op it doarp, in buorman hat him derop attint makke. It sinniget him mar neat; ‘de soan fan dy neatbetsjuttende Klaversma’. Dat is in man ûnder de skulden en mei acht bern, dêr’t er net ien boer fan meitsje kin, tinkt er. Nee, dy omgong is in ‘skandaal’. Hy wol har oan de rike Klaas Goedlân ta hawwe. Reinou wurket lykwols net mei. Se hat har de hiele simmer siik hâlden en woe nearne hinne, sels net nei de Ljouwerter merke, ‘om’t ik de hele tiid net goed yn oarder wie, heit’.12 

Lykas oare rike boeredochters hat Reinou in jier te learen west yn ’e stêd en se kin har wurdsje wol dwaan. Se is sêftsedich en betochtsum, mar wisberet. De ôfrin is diskear wat oars: boer Wobbe, dy’t wolris in slokje nimt, riidt himsels dea mei de sjees. Lykas yn it toanielstik trout Reinou oan ’e ein fan it ferhaal mei har Eabele en dan komme se op ’e pleats. Har jongere suster Jetske komt foar de begraffenis thús út ’e stêd – de skriuwer neamt har dan ‘Jetske’, wylst dyselde suster op de earste side fan it ferhaal yntrodusearre waard as ‘Japke’. 

Hiel oars rint it lykwols ôf mei Reinou har spegelbyld, Sibrich, de dochter fan de húshâldster. Dykstra einiget syn ferhaal dermei, it komt wat út ’e loft fallen mar rint dêrtroch ek mear yn it each. It arbeidersbern Sibrich is tsjin ’t sin swier makke yn de húshâlding dêr’t se al as grutfaam tsjinje mocht, en de dieder wol der neat fan witte. No hat se gjin man, gjin wurk, en de earmoed wankt, en dan ferliest se ek noch har lytse berntsje én har heit Geart derby, dy’t himsels it libben nimt út fertriet om hár. In slim lot, dat Reinou aldergelokst nét trof? 

‘Ferfryske’, stiet der ûnder de lêste episoade. Foar de ynterpretaasje docht dat der net werklik ta, noch it feit dat de stoarje hjir en dêr wat al te sentiminteel wurdt. Dykstra wurket yn syn skriuwerij mei nammen dy’t betsjuttingsfol binne en dy hat er hjir sûnder mis sels betocht. ‘Reinou’ betsjut ‘keninginne’, ‘Eabele’ betsjut ‘fan adel’. Soms is de ferwizing plat en rjuchtút, lykas by Klaas ‘Goedlân’, mar soms ek moat men it efkes fierder sykje. 

De Jetsma’s wenje op ‘Harkemastate’, dat is de pleats út de titel fan it ferhaal. Der bestiet yn werklikheid in (eardere) boupleats mei dy namme boppe Tsjummearum. Dy soe op it plak stean dêr’t al yn de midsieuwen it slachte Roorda in stins bewenne. Dykstra sels hie al yn it earste diel fan Uit Friesland’s volksleven de sage ferteld dy’t oan de state ferbûn is, oer de deadskop fan in jonker Roorda dy’t sneuvele op krústocht.13 Dy jonker wie nei it Hillige Lân reizge en hie ôfpraat dat syn skyldknaap syn holle werombringe soe nei syn frou, mocht er yn ’e striid tsjin de ûnleauwigen falle. En sa gie it ek. De skedel soe ferfolgens ieuwenlang bewarre west wêze yn in kastje earne yn de pleats. Doe’t immen him it rampsillige idee yn ’e holle helle om ’m derwei te heljen, brutsen der swiere tiden foar de lânbou oan. 
 

Dat is de extended version; in koarte achtjinrigelige fersy komt al foar yn de sânde jiergong fan Iduna, 1851 (itselde jier dat ‘Reinou’ yn Swanneblommen stie).14 Mar de holle dy’t no yn it ferhaal ‘Op Harkemastate’ libbensleas weromkomt, is net dy fan de leafdespartner, lykas yn de (kwasy?) âlde sage. It is dy fan de heit dy’t de leafde yn it paad stie mei syn hingjen oan jild en status en syn elitêre boere-ideology. Hem treft itselde lot as jonker Roorda: de dea krijt him te pakken. Wol komt Wobbe noch krekt op ’e tiid ta ienkear. Op syn stjerbêd jout er dochs syn houlikstastimming oan Reinou. De suggestje is dat er himsels miskien wol mei opset sin út ’e wei brocht hat, om romte te meitsjen foar de winsken fan syn dochter, en ek al út eangst dat sy har mem achternei gean soe dy’t ferstoarn wie oan de tarring.15 

Dan hat de yntertekstualiteit syn wurk al dien. Dykstra keppelt troch syn ferhaal ‘Op Harkemastate’ te neamen, de stive heit fan Reinou no ek fia de pleatsnamme oan Douwe van Roorda út de rjuchtsaak fan 1570, de fâd fan Anna, dy’t achter it ferset siet tsjin har houlik mei Alef. Dat hie er earder dien yn De boekhâlder fia de namme Gabbema. 

Wat kin him derta brocht hawwe om de Reinou-stoarje nei sa’n lange tiid en mar leafst foar de tredde kear op te ikkerjen? De oanlieding dêrta kin goed west hawwe de rige publikaasjes fan Geart Aeilco Wumkes om 1910 hinne yn it KFS-blêd Yn ús eigen tael oer de Frysk Réveil-rûnten fan de fjirtiger en fyftiger jierren.16 Dat gie foar in part oer minsken dy’t har oppenearren yn it regionale religieuze petear yn Dykstra syn Spannumer jierren. Bygelyks de Ienser boer en lekepreker Jan Piers Eringa (1792-1872), letter noch gemeenteriedslid en wethâlder fan Hennaarderadiel. Syn soan Pier Jans troude yn 1848 mei Grietje Noordmans, in jongere suster fan Ymkje Noordmans. In broer fan harren ferstoarne heit, omke Durk Jacobs Noordmans (1788-1869), wie fâd oer Pier Jacobs’ syn bern. 

Men hoecht net wyld oan it ynterpretearjen te slaan om yn ‘Reinou Jetsma’ in ferwizing te sjen nei Jetske Reynou van der Malen, ien fan de earste froulju yn Fryslân dy’t har frij genôch fielde om har mei (Nederlânsktalige) djip-religieuze, piëtistyske, oan dûmnys opdroegen gedichten yn de elitêre manljuswrâld fan de poëzij te oppenearjen.17 Ek de twa ‘fersinnen’ mei de ‘Jets’-nammen – Jetsma wat Jetstra wurdt, Japke wat Jetske wurdt – meitsje jin opmerksum. Dat, en de omgong fan Reinou mei de dûmnysdochter Mine, wiist op it religieuze miljeu dêr’t it ferhaal him ôfspilet. 

Sa meie wy it portret fan Reinou yn ‘Op Harkemastate’, ek sjoen de wierskynlike oanlieding, Wumkes syn stikken, suver wol beskôgje as in besykjen ta hilliging. As in antwurd fan immen, dy’t it libben sels libbe en deroer skreaun hat, dat de skiedskriuwer no achterôf fêstlizze wol. It is Gysbert Japicx syn antwurd oan Simon Gabbema, en it is ek Dykstra syn antwurd oan Wumkes. Foaroer Wumkes syn idealisearre skildering fan in tiidsbyld fol rjuchtsinnige boerefoaroanmannen set er in kwetsber byld del fan dyjinge dy’t foar him miskien wol de werklike hillige wie fan dy roerige fjirtiger jierren yn Spannum en omkriten.

3
 De krityk is altyd mei in grutte bôge om it Reinou-motyf yn Dykstra syn oeuvre hinne rûn. Wol hat it gedicht fan 1851 wat de skriuwtrant oanbelanget dalik in minne parse krigen yn Iduna; resinsint ‘Q.W.’ (Harmen Sytstra) hat der gâns opmerkingen oer yn syn besprek fan Winterjounen by Gealeboer

Komt it fan ’t earnstige, treurige, dat der yn it teltsje leit, of sit it him yn ’e deftige stadigens fan de fersmjitte, dat dit stik it minste út de samling is? Wy leauwe, beide ha skuld, want yn beide ken men fiele, is de skriuwer net thús; yn beide ferriedt er syn swakkkens. Wol hy namme hâlde, hy bliuwe by syn eigen trant, en weagje him oan neat, wat foar syn trant ûnnulk is.18 

Presys fyftich jier letter tinkt Jan Jelles Hof der sa likernôch itselde oer. Dykstra hat it gedicht terjuchte as in ‘gjalt aei’ weismiten, skriuwt Hof, lykas it ferhaal ‘It oproer to Grîtsebûrren’ oars, dêr’t Q.W. ek al sa op omtimmere hie.19 ‘Reinou’ 

mei (..) net fan pocht wurde, ja, it is him min slagge, om mar te sizzen sa’t it is. Hy [WD] hie noch net ris boppe de balke songen. Dat soe doe mar ynienen hurd wêze. Reinouwe skiednis wie tige droevich: allinne in heech dichterlike geast koe der wat goeds fen meitsje. ’t Hie b.g. krekt wat foar Dr. Eeltsje west. (..) Hy wie no ien kear – en hat trochstrings west, neitiid ek, – Fries boppe dichter. Wat syn folk sei, die, hoe’t it libbe en al sa, dat hat er jimmer tige moai fertelle kinnen, yn rym já sa goed as yn ûnrym. Mar wat it tocht, fielde, faken tigen yn ’e fierte, hast sûnder erch fielde, dat wist er net te sizzen, dat bleau by him ek by tinken en fielen. (..) Sadwaande wienen de wurden dêr’t Waling Reinouwe stoarje mei fertelt net lyk-om-lyk mei de hege earnst en it djip-oandwaanlike der yn, en wie it in mistribele stik wurk.20 

Sytstra en Hof geane beide oan ynhâld en tematyk fan it fers foarby en beheine har ta krityk op toan en foarm. Oare fermeldingen fan ‘Reinou’ yn de Fryske skriftekennisse binne my net bekend. It ferhaal yn Sljucht en Rjucht is noait besprutsen en it toanielstik De boekhâlder fen keapman Gabbema is mar twa kear opfierd, beide kearen mei in koart sinjalemint yn ’e krante, wêrby’t it Reinou-motyf gjin omtinken krige.21 

It krige dat ek net fan Ype Poortinga, dy’t yn syn proefskrift fan 1940 oer it Frysk ‘folkstoaniel’ in typology joech fan Fryske njoggentjinde- en begjin tweintichste-ieuske toanielstikken.22 Poortinga mient dat Waling Dykstra ‘it tradisjoneel-boargerlike frjemde yn it toaniel ynfierde’ op kosten fan it ‘Fryske folksfielen’; hy wie ien fan de ‘folksskriuwers fan de foarútgong’ dy’t it ‘oer-eigene’ ‘tige as ferline’ seagen; ‘hja beskreaune it, mar hja wiene tefolle ûnder beslach fan it boargerlike fan har nije tiid om it de jongerein nochris libje te litten yn it toaniel’; dêr soene hja te min ‘histoarysk besef’ foar hân hawwe.23 

As foarbyld hellet er dan De boekhâlder oan: ‘Ek hjir wer de ûnfryske menear, dêr’t in boask op ta stân komme sil; diskear twa heiten, dy’t it mei-inoar ôfprate’.24 In nuvere opmerking – krekt as soene troch de âlden ôftwongen of ferbeane houliken yn Fryske agraryske rûnten, dêr’t ommers safolle ôfhong fan oerurven besit en famyljerelaasjes, net gauris foarkommen wêze yn ’e tiid dat it toanielstik publisearre waard en noch lang dêrnei. Om’t Poortinga inkeld ynhâldlik-skematysk analysearret en gjin omtinken jout oan yntertekstualiteit, maatskiplike en histoaryske werklikheid of skriuwersbiografy, kin er ek net sjen dat De boekhâlder just in oanklacht is tsjin ‘de ûnfryske menear’ fan dwaan. Dat it toanielstik streekrjucht yn it ferlingde leit fan it earder sa kontroversjele fers ‘Reinou’ bliuwt sadwaande yn it tsjuster. 

4
Mar Waling Dykstra koe de blynkape sels net foar eagen hâlde. It troch Cunerus Petri ferordonearre ivige stilswijen koe er net altyd bewarje, sa’t wy no sjugge. Hy hellet der sels sechstjinde-ieuske affêres en Fryske sêgen by, en dat alles om him útsprekke te kinnen tsjin houlikstwang troch âlden of fâden. Men soe ek sizze kinne: om himsels, syn morele en religieuze posysje te rjuchtfeardigjen. 

Men soe samar tinke kinne dat er sels model stien hat foar frijer ‘Tjitte’ (betsjutting: beskermer fan it folk) út it fers ‘Reinou’. De jonge Dykstra rûn yn syn earste Spannumer jierren (fan 1840 ôf) nei rjuchtsinnige tsjerken yn ’e krite, dêr’t befynlike dûmnys en foargongers preken. Dat dienen yn dy tiid de Eringa’s en de Noordmansen fan Iens en Spannum ek, as se net yn in lytsere stúdzjerûnte yn Iens byinoar wienen. Fan dy sneinse kuiers, of fan syn suteltochten mei bakkersguod, kin Dykstra kunde oan sa’n boerefaam krigen hawwe. It wie dan in resept foar mislearring: in bakkerinne soan wie gjin boer en jild hienen de Dykstra’s ek net. 

‘Reinou’, skreaun yn 1850, it jier fan it houlik mei syn earste frou Hinke Jans Huizinga, wie foar Waling Dykstra in hiel persoanlik ôfskied fan in rjuchtsinnige rûnte. Yn datselde jier skaten ek de wegen mei syn jeugdfreon út Froubuorren, Jacobus Cornelis Hoitsma, mei wa’t er de earste stappen op it skriuwerspaad set hie, mar dy’t oars as hy de rjuchtsinnichheid trou bleau. Tagelyk wie ‘Reinou’ it begjin fan in libbenslang ôfskied-nimmen fan in ferstoarne faam. Yn dat dûbele ôfskied komme symbolyk en realiteit byinoar en ûntstiet in literatuer fan oantinken, polemyk en selsrjuchtfeardiging. 

Wat ús fan Reinou oan ’e ein bybliuwt is net it úttarre gesicht fan 1851, mar it byld fan 1911. In myld, lokkich, tûk en from boerefrommes, in Fryske dichteresse, foarspoedich buorkjend op in pleats mei in warbere jonge boer. En de deadskop leit earne feilich opburgen yn in pottichte klûs.

*

(1) Sjuch hjiroer A. de Vries, ‘De betsjoende boeredochter’, Fers2 3-9 (7 maaie 2017); webside: http://www.fers2.eu/de-betsjoende-boeredochter/. Krigen 14 septimber 2018; A. de Vries, ‘In oerslein hânskrift. Waling Dykstra’s “Advertentie uit de Friesche Straatcourant”’, seedyksterfeartfisk (7 septimber 2018); webside: http://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2018/09/in-oerslein-hanskrift.html. Krigen 14 septimber 2018.
(2) Waling Dykstra, ‘De betsjoende boeredochter’, De Byekoer 1847 29-73; Winterjounen by Gealeboer (Ippius Fockens, Frjentsjer 1851).
(3) Waling Dykstra, ‘Reinou’, yn: Ib., Winterjounen by Gealeboer (Ippius Fockens, Frjentsjer 1851). Earder yn Swanneblommen 1851, 15-20.
(4) Waling Dykstra, ‘In faam op skjin pompier’, yn: Ib., Mink mei ’t orgel (Telenga, Frjentsjer 1860) 36-40.
(5) Waling Dykstra, De boekhâlder fen keapman Gabbema. Toanielstik yn fiif bidriuwen (Waling Dykstra, Holwert 1881).
(6) Waling Dykstra, ‘Op Harkemastate’, Sljucht en Rjucht 15-13/18 (22, 29 april, 6, 13, 20, 27 maaie 1911).
(7) C. Wielsma, ‘Waling Dykstra 1821 – 14 Augustus 1911’, Leeuwarder Courant (14 septimber 1911), oer de ‘Advertentie uit de Friesche Straatcourant’: ‘’t Handelde over minnarij. Hoewel het ongeteekend was, werd al spoedig de bakkerinne soan fen Spannum genoemd als de schrijver. Een aanzienlijke boerendochter uit Spannum haalde zich in ’t hoofd, dat het op haar gemunt was. Die meening, ofschoon geheel onjuist, werd door velen gedeeld. ’t Geval heeft den schrijver menig onaangenaam oogenblik bezorgd. ’t Gaf tevens aan zijn naam algemeene bekendheid door geheel Friesland, een bekendheid, die later in gunstiger zin bevestiging vond.’

(8) Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke. Rîm en onrîm (Waling Dykstra, Holwert 1877), bygelyks ‘In glês wetter’ (28-39) en ‘De duvel yn ’t bêdsteed’ (105-118, mei in ‘Taheakke’, 119-120). Oer dy beide: A. de Vries, ‘It folk, skjin as wetter. Konstruksje fan kritysk Frysk folkseigen by Waling Dykstra’, Fers2 3-6 (26 maart 2017); A. de Vries, ‘De histoarje fan de duvel en Watse-klop. Waling Dykstra, in folksferhaal en de skoalstriid yn Noard-Fryslân’, Fers2 3-5 (12 maart 2017).

(9) F. Jos. van den Branden en J.G. Frederiks, red., Biographisch woordenboek der Noord- en Zuid-Nederlandsche letterkunde (Veen, Amsterdam 1888-1891). Sjuch oer de ferhâlding ta Gysbert Japicx bygelyks F. Buitenrust Hettema, Gysbert Japiks: z’n brieven aan Gabbema, z’n verhouding tot Gabbema: datering van z’n gedichten (Honig, Utrecht 1896).
(10) W.W. Buma, ‘Des bisschops eerste geregt, of Aleph van Alewa en Anna van Dekama’, De Vrije Fries 1862 177-205.
(11) Eelco Verwijs, ‘Eene vrijerij uit den goeden ouden tijd’, Nieuwe Friesche Volksalmanak (Kuipers, Leeuwarden 1864) 85-103
(12) ‘Op Harkemastate’, 158.
(13) Waling Dykstra, Uit Friesland’s volksleven van vroeger en later. Eerste deel (Suringar, Leeuwarden 1892) 42-44.
(14) ‘Spukjende deadskip’, Iduna VII (1851), 144. Der stiet gjin auteursnamme by. It kin wêze dat de pinsjoenearre Ljouwerter rjuchter en mennist Evert Jacobs Roorda (1767-1853) de boarne wie; Harkemastate boppe Tsjummearum wie fan syn heit.

(15) Sa wurdt yn it ferhaal in moaie septimberdei beskreaun: ‘De loft wie sa helder en sa klear, de beammen begûnen al wat te ferkleurjen, mar dêr liken se net minder om. It is dêrmei lyk as mei in tarringsukkelder mei blierreade wangen; ’t is krekt oft se jin hast moaier talykje, omdat je witte dat it mar koart mear duorret.’ Dykstra, ‘Harkemastate’, 193.
(16) G.A. Wumkes, ‘Ut it libben fan ds. Lucas Fockens’, YUET 1909 33; Wumkes, ‘Jan Piers Eringa’, YUET 1910 63; Wumkes, ‘Jan Wouter Felix’, YUET 1911 89. Dizze en oare stikken binne bondele yn G.A. Wumkes, It Fryske réveil yn portretten (Osinga, Boalsert 1912). Sjuch ek: J.D.Th. Wassenaar, Noordmans in Friesland. Bijdrage tot de biografie van een kerkvader. Dissertaasje Amsterdam (Boekencentrum, Zoetermeer 1999); K. van der Zwaag, ‘De kerk voor de hele schare’, Kerkelijk Leven (12 oktober 1999); Fred van Lieburg, ‘Een wereldwijde opwekking in het protestantse vaderland’, yn: Fred van Lieburg, red., Opwekking van de natie. Het protestantse Réveil in Nederland (Verloren, Hilversum 2012) 241-280.

(17) Sjuch ûnder mear Jannie van der Kloet, ‘Malen, Jetske Reinou van der’, yn: Digitaal Vrouwenlexicon van Nederland. Webside: http://resources.huygens.knaw.nl/vrouwenlexicon/lemmata/data/Malen Krigen 14 septimber 2018; Piet Couttenier e.o., red., Met en zonder lauwerkrans. Schrijvende vrouwen uit de vroegmoderne tijd 1550-1850: van Anna Bijns tot Elise van Calcar (Amsterdam University Press, Amsterdam 1997) 491-494.
(18) Iduna VIII, 5.
(19) Jan Jelles Hof, ‘Waling Dykstra 7’, Nieuwsblad van Friesland (28 augustus 1901).
(20) Jan Jelles Hof, Waling Dykstra 6’, Nieuwsblad van Friesland (24 augustus 1901).
(21) Sjuch oer de earste opfiering yn 1881, neidat it stik gjin priis wûn hie by de priisfraach fan it Frysk Selskip, Ph. H. Breuker, ‘De fryske literatuer om 1877 hinne’, De Vrije Fries 57 (1977) 68-74; 70: ‘It earste stik dat se [de rederikerskeamer Gysbert Japiks fan Stellingwerf en Troelstra] opfierden wie Dykstra syn De boekhâlder fen keapman Gabbema. It wie net ien fan syn minsten, al hie it gjin priis krigen, mar hja founen it “troch alles hinne moai” (Hs. 160 C2, 172. brief fan Troelstra en Stellingwerf oan Dykstra; P.B.). Dykstra makke himsels wiis, dat de bioardielingskommisje mis west hie. “Mar dy hearen. dy’t hwet mear leard ha as ús sljuchtwei. binne sa bjustere wiis, det hwet hja moai fine falt altyd lang net by ’t folk yn ’e smaek. Dêrtroch kinne se licht in mistaest dwaen, lyk as se forline jier mei De twa Ringen al dien hawwe”. (Hs. 16: 1880, 14/5).’ Waling Dykstra hie it net stean op it al te romantyske toanielwurk fan Tsjeard Velstra, sa docht bliken.

(22) Y. Poortinga, It Fryske folkstoaniel 1860-1930 (Van Gorcum, Assen 1940).

(23) Poortinga, 29.

(24) Ib., 35.





.





Geen opmerkingen:

Een reactie posten