’t Wie op in simmersneintejûn,
Doe’t in kreas jongfaam de terp oer rûn.
’t Wie Sjirkboers dochter Mintsje:
It huodsje stie har til foaroer,
Har gouden hoep dy flikk’re as fjoer
Troch ’t skinen fan it sintsje.
Mar liet dy glinst’rje sa’t er woe,
Leau, dat er ’t lang net hâlde koe
By ’t glinst’rjen fan dy eagen,
Dy’t ûnd’r ’re kyps wei seagen.
Wa komt dêr lâns dyselde wei
Mei ’n flinke trêd har efternei?
In krûdich jong studintsje.
En wylst hy om har hinne swaait
En linich har op side draait,
Seit hy: ,,Jûn, leave Mintsje!
Jo hawwe der, hoopje ’k, net op tsjin
Dat ik in eintsje mei jo rin;
’t Skynt, om’t jo sunich rinne,
Dat jo net hastich binne.”
,,Ei nee, mynhear, dat bin ik net,
Want nimmen het fan my ferlet;
’k Fyn altyd yn sa’n rintsje
Hjir oer de terp in bulte nocht
As men sa fier de wrâld oersjocht,
Beglânze fan it sintsje.
Hjir ’t fjild mei hynders, skiep en kij,
De doarpen mei it beamt’ derby,
Dêr tusken glêde marren
Wêrop’t de skippen farre.”
’t Studintsje sei: ,,Jo ha gelyk,
Natoer is hjir ek grut en ryk.
Falt mei geraas hjir ’t wetter
Fan stoere rotsen net omleech,
Sjocht men gjin bergen, withoe heech:
’t Ienfâldich stille is better.
Mar wat ik ’t allermoaiste fyn,
Sa’n leaflik byld dêr midden yn,
Dat alles om har hinne
Mear glâns jout as de sinne.
It is oft blommen, krûd en blêd,
Fol earbied foar dy sêfte trêd,
De holtsjes need’rich bûge:
’t Is oft it fee sels niget sjocht
En oft it fûgelt dat hjir fljocht
Mear bliid is en benoege.
En ik ek fiel myn jeugdich bloed
Oerstjoer brocht fan dy sêfte gloed
Fan jins oannimlikheden
En núv’re swiete reden.”
De faam waard read allyk in kraal.
Hja sei: ,,Mynhear, sa’n hege taal
Mei ik net graach oanhearre.
Hâldt licht in jufferke dêrfan,
Tink net dat my soks haagje kin.
Ik stel dêryn gjin eare.
Ik hâld sa’n ljuenske flaaierij
Foar neat as gekoanstekkerij.
Jo meie, as je oars net kinne,
Om myn part fierder rinne.”
,,Och”, sei er, ,,faam, ferjou it my!
Spriek ik jo licht wat al te frij,
Dan wol ’k my derfoar mije.
Want graach doch ik sa’n faam it sin
En wol jo ’t ha, wolnou ik kin
Op ’t boerefrysk wol frije.
Ik bin in Fries, dat witte jo
En dêrom, Mintsje, freegje ’k nou:
Soe ’t jo ek haagje kinne
Da ’k mei jo gean nei binnen?”
En Mintsje lake no wer blier.
Om’t hy in aardich fintsje wie
Woe hja ’m net rinne litte.
En yn it mulhûs yn in hoek,
Dêr gyngen hja doe núv’re smûk
Wat by elkoarren sitten
En beide hien’ se ’t wol nei ’t sin.
’t Studintsje hie der de slach wol fan,
Hy koe him hâlde ’n drage
Sa’t har it bêste hage.
Hja patten soms in oere lang,
Want Fryske fammen binn’ net bang,
Binn’ se ûnder fjouwer eagen.
Hja wie sa lodd’rich en sa gol,
Hja hâlde fan ’t studintsje wol.
Dy wist syn dwaan te weagen.
Hy spriek sa dichterlik net mear,
Mar op ienfâldiger menear
En hja wist op syn grappen
Him ek wol tsjin te snappen.
Hja wie net feilleas en net koel;
As hja him sêft yn ’e earmen foel
Koe hy dat wol fernimme.
Dan joech se ’r har sa nochlik nei.
Har swijend sobjend mûltsje sei
Mear as har sêfte stimme.
Want altyd sloech se ’t yn ’e wyn,
As hy ris wer fan minnepyn
En leafdefjoer petearre;
Dêr woe se net fan hearre.
De dei kaam har te gau oer ’t mad;
De frijer moast syn leave skat
Tsjin wille en tank ferlitte.
Earst sei er noch: ,,Myn leafste faam,
Soe ’t je oanstean as ik wer ris kaam?
Dat woe ik nou wol witte.”
En dêrop sei hja freonlik: ,,Ja!”
Doe krige er noch in patsje twa
En gyng. Doe tochte Mintsje:
,,Dat is in leaf studintsje!”
As soms in hearke frije wol
Mei ’n Fryske faam, sa leaf, sa gol:
’t Sil him net licht ferfele
As hy mar goed de slinter ken.
Want Fryske fammen hâlde n’t fan
It heech sentimentele;
Hja binne ienfâldich, sljocht en rjocht,
Mar lang net koel foar minnenocht:
Hja binn’ net stroef, net mijen,
Mar eang fan flaaierijen.
(Winterjounen by Gealeboer, 119-123)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten