vrijdag 7 september 2018

In oerslein hânskrift

Waling Dykstra’s ‘Advertentie uit de Friesche Straatcourant’ 

De bekendheid fan Waling Dykstra as skriuwer is paradoksaal genôch begûn mei in ûnbekend bleaun Nederlânsktalich skandaalfers, dat yn 1844 yn it doarp dêr’t er doe wenne, Spannum, foar opskuor soarge. It is troch de Provinsjale Bibleteek fan Fryslân en syn opfolger Tresoar katalogisearre, hat as titel ‘Advertentie uit de Friesche Straatcourant’ en is publisearre yn Suringar’s Friesche Almanak.1 Ik sitearje de letter noait wer publisearre tekst hjir, yn de hjoeddeiske stavering, út it ek by Tresoar bewarre bleaune hânskrift fan Dykstra: 

Advertentie uit de Friesche Straatcourant 

Leent oren, Friese jonglingschap! 
Ik weet een meisje vlug en knap, 
   Die wil zich graag verkopen. 
Zijt gij gekweld met minnepijn, 
Dan zal ’t de moeite waardig zijn 
   Een uur of wat te lopen. 

Zij is te koop en ook te huur. 
Haar plaagt een fel inwendig vuur, 
   Dat zij niet weet te blussen. 
Zij trekt gestadig met de mond, 
Van ’s morgens tot de avondstond 
   Denkt zij aan niets dan kussen. 

Zij is een engelachtig beeld, 
Dat weldra uwe zinnen streelt 
   Door haar bevalligheden. 
Zij kijkt u altijd vriendlijk aan; 
Ook hoeft ze geenszins levertraan, 
   Want zij is vlug van leden. 

Komt, vrijers, komt, wie heeft er lust? 
Haar minnebrand dient uitgeblust! 
   Wie wil haar laafnis geven, 
Daar zij van minnelust versmacht? 
En dit beneemt haar dag en nacht 
   De vreugde van het leven. 

Maar schoon zij zo ellendig lijdt, 
Denkt toch niet zij is bereid 
   Om ieder te gerieven 
Die maar een broekendrager is. 
Nee, die dit meent is zeker mis. 
   Haar eer moet vlekloos blijven. 

Geen oude, stijve, lompe kwant, 
Wiens hoofd ontbloot is van verstand 
   Behoeft bij haar te komen. 
Geen ongeleerde schapenkop, 
Maar pas gekropen uit de dop, 
   Wordt door haar aangenomen. 

Een flinke vrijer, hups en vlug, 
Met een paar kruisjes op zijn rug, 
   Die mag haar vrij gemaken. 
Hij is haar altijd welkom 
En hoeft niet eens bij Spannum om 
   Om in haar gunst te raken. 

Niet ver vanwaar de trekvaart loopt, 
Die Bolsward aan Leeuwarden knoopt, 
   Staat tussen vruchtbre velden 
Een dorp, waar de eensgezindheid woont, 
Gelijk de naam in ’t Fries ook toont, 
   Die ik hier niet zal melden. 

Een half uur noordwaarts daarvandaan, 
Daar vindt men nog een dorpje staan, 
   Dat ’k evenmin zal noemen. 
Men leeft ook daar in stille rust, 
Van steedse grootheid onbewust, 
   Die men de dwaas hoort roemen. 

Nu in dees twee en daaromtrent, 
Daar is men met de meid bekend, 
   Daar is ze te bevragen 
Voor wie het vragen zich niet schaamt. 
Te zeggen hoe zij is genaamd, 
   Dit zal ik maar niet wagen. 

Welaan dan, gij die gading maakt, 
Wees vlug, eer gij er achter raakt. 
   Zij weet van toe te tasten 
Als men gelegenheid haar geeft, 
Daar zij geweldig honger heeft 
   Door ’t vreeslijk lange vasten. 


It hânskrift is benammen nijsgjirrich om’t de skriuwer der in notysje by makke hat, wêryn’t er, blykber op fersyk (fan Buitenrust Hettema?), it ien en oar meidielt oer it fers. By myn witten is de notysje net earder publisearre; ik lit ’m hjir folgje.

‘Dit is het eerste stukje geweest waarmee ik naam heb gemaakt onder het Friese volk’, skriuwt Dykstra: 

Ik stelde mij voor dat niemand zoude vinden vanwaar het kwam. Maar weldra werd over geheel Friesland verteld, dat de ,,bakkerinne soan fan Spannum” de maker was van het ,,Doolhof”, dat onder ’t jongvolk met graagte werd ontvangen. Maar ik kreeg er last mee. Eene voorname Spannumer boerendochter, die door een vrijer, met wien ze veel op had, in den steek was gelaten, kreeg in ’t hoofd te beweren dat het Doolhof op haar gemaakt was. Toen was ’t lijden gaande. Niet alleen hare familie, maar de geheele boerenaanhang vond het verschrikkelijk, dat zo’n bakkersvent de vermetelheid had zulk een aanzienlijk meisje voor de geheele wereld aan de kaak te stellen. Intussen was zij met het stukje niet bedoeld. Een zeer vrije navolging ervan in ’t Friesch komt voor in ,,De Boeresjonger; Frysk Lieteboek”, onder ’t opschrift: ,,In faam op skjin papier”. W.D. (z.o.) Maar zij hield vol dat het wel zoo was. In oanhâldende krupsje, dêr’t se oan weikwynde, het it fanke der lykwols net fan skipe. Hja is letter troud en het bern krige. Hja is widdo wurden en het de âlderdom fan njoggen-en-santich jier berikt. Yn ’t jier 1900 haw ik de adfertinsje fan har ferstjerren yn ’e Ljouwerter krante lêzen. 

De notysje is dus yn alle gefallen foar in part skreaun yn of nei 1900. Dykstra hat him, lykas wol bekend, earder ien kear oer de kwesty útlitten, yn in brief oan Tsjibbe Gearts van der Meulen fan 28 july 1851:

[De publikaasje fan ‘Advertentie uit de Friesche Straatcourant’] teach in foarname boeredochter har oan, hoewol ik mei in eed biswarre doar, dat ik hja nea miend ha. En doe’t hja ’n bytsje dêrnei troch swiersettichheid fan ‘hopeloze liefde’ in ferslopping yn de lidden krige, dêr’t de help fan ’n duvelbander by ynroppen wurde moast, doe krige ’t Doolhof dêr de skuld fan, en ik rekke by alle Spannumer lju út it blêd.

Geart Wumkes, dy’t yn syn Bodders út dizze brief fan 1851 sitearret, moat ek op ’e hichte west hawwe fan it hânskrift fan ‘Advertentie’; dat wie oanwêzich yn de Provinsjale Bibleteek dêr’t er sels de skepter swaaide. Wêrom’t er der net oer skreaun hat, is wol dúdlik. Dat Waling Dykstra yn de taheakke Frysktalige passaazje fan de hânskriftnotysje de frou yn kwestje neitiids trouwe lit, en bern tapartet, widdo wurde lit en úteinlik de moaie leeftyd fan 79 jier berikke lit – it is suver te moai allegear. Dêr wurdt men erchtinkend fan. Wêrom ferwiist er bygelyks wol nei de lettere romantisearre Fryske bewurking ‘In faam op skjin papier’ (oars net út de De Boeresjonger fan 1857 mar út Mink mei 't orgel fan 1860) mar neamt er net syn, yn presys deselde kontekst folle kontroversjelere en ambisjeuzere, realistyske fers ‘Reinou’ út Swanneblommen fan 1851 (15-20)? 

Lit dat no it fers wêze dêr’t de froulike haadpersoan yndie ‘in krupsje krige, dêr’t se oan weikwynde’ (dêr is yn de ‘Advertentie’ ommers gjin sprake fan). Reinou ferstoar krekt foar in foarnommen houlik. Dykstra koe it net witte, it fers hie er in jier earder skreaun, mar de histoaryske werklikheid is dat Ymkje Noordmans (1822) fan Spannum, dochter fan Pier Jacobs Noordmans en Antje Jans Rispens, op 2 desimber 1851 kaam te ferstjerren, 29 jier âld en sa’t yn de famylje sein waard, koart foar har houlik mei de Spannumer boere- en erfsoan Wierd Douwes Hilarides (1825-1891).3 

De oarsaak fan har dea is net oerlevere. Waling Dykstra krige fan de ortodokse boererûnten fan Iens en Spannum de skuld, of sa sil er dat field hawwe. Wat er yn feite yn syn brief oan Tsjibbe Gearts van der Meulen en ek wer yn de hânskriftnotysje docht, is sûnder har namme te neamen sizze dat er Ymkje Noordmans nét op it each hie. Net by it skriuwen fan de ‘Advertentie’ út 1844, net by it yn Spannum allyksa kontroversjele ferhaal ‘De betsjoende boeredochter’ út 1847, en net by ‘Reinou’ út 1851. Dy lêste twa titels waarden opnommen yn Dykstra syn sammelbondel Winterjounen by Gealeboer (1851). ‘Reinou’ is ‘in ferhaal op wierheid grûne’, meldt it foaropwurd dan noch, mar njoggen jier letter wol er deselde skienis net nochris ophelje. Yn de twadde printinge fan 1860 komt it gedicht net mear foar. ‘Fierder achtsje ik it in forbettering to wêsen, dat hier twa stikjes mist wurde, dy în de earste printinge foarkomme (..) dy ’k it net wirdich achte om yet ris printe te wurden.’ 

Ek tusken alle lettere ûneinige werprintingen fan Dykstra syn wurk treft men ‘Reinou’ net mear oan. Nuver, want it is ien fan de sterkste en meast emosjonele fersen út syn begjinperioade. Mar nei de dea fan Ymkje Noordmans hie it ôfdien. 


Analyse fan de ‘Advertentie uit de Friesche Straatcourant’ lit sjen dat de skriuwer de spot driuwt mei in faam út in ortodoks-protestants fermidden tusken, sa wurdt út de neidruklik oanwêzige geografyske oantsjuttingen dúdlik, Spannum en Iens. Dizze faam wol fierste graach in frijer, reden om skanduleus oer har te grapjeien. In flinke frijer ‘mag haar vrij gemaken’, wat yn religieuze sin ‘ferlosse’ betsjut, loskomme fan ierdske twang. Wiisd wurdt ek op de ‘eensgezindheid’ – wêryn’t ‘gezindheid’ opfalt – fan it yn dy tiid algemien as ortodoks bekend steande doarpke Iens. 

De manlju hoege om by de faam te kommen ‘net by Spannum om’, se rinne nei Iens, seit de rûtebeskriuwing, en dêrwei ‘noordwaarts’ nei Spannum. It gedicht is skreaun yn de foarm fan in satire ferpakt as adfertinsje, rjochte op flinke mannen, net te âld en net te jong, dy’t oproppen en oanfitere wurde om it mei har ris te prebearjen. De moaie en frijlustige faam komt út in leard fermidden, begripe wy, as ús ferdútst wurdt dat se gjin nocht hat oan in ‘ongeleerde schapenkop’ of in holle sûnder ferstân. 

Mar slach acht: de faam út de ‘Advertentie’ liket wol dea ûngelokkich om’t se gjin frijer hawwe mei. De suggesty is dat soks te krijen hat mei te hege easken en in te sterk ear- en groepsgefoel. Hoe moai de faam ek is, en hoe graach se ek oer ’t frijen mei – blykber is der in tredde partij dy’t dat frijen (it tradisjonele opsitten fan in jonge by in faam yn ’e jûntiid) yn it paad stiet. Want se hat gjin frijer, al lang net, en dat jout har lijen. Sa slim is it al wurden, dat se gjin nocht en wille mear hat yn it libben. It doelwyt fan spot is it fanke, mar it tematyske en ideologyske doelwyt is bline âlderlike macht. Macht dy’t út jild- of partijsucht de leafde twinge wol troch foar de eigen bern gaadlike partners út te sykjen, en út te sluten dy’t net yn it strjitsje past, wat dochter of soan dêr ek fan tinke mei. Frije houlikskar op basis fan leafde en sûn ferstân is in boargerlik-liberaal tema dat ek letter yn it wurk fan Dykstra, foaral ek yn syn fersewurk, in protte foarkomt. Hy wie dêr yn de Fryske literatuer ien fan de earsten mei en hat sa ek sines bydroegen oan de emansipaasje fan de frou.4 

En lykas it slachtoffer, sil ek it werklike mikpunt in namme hân hawwe. De master fan Ymkje har houlikskânsen wie Dirk Jacobs Noordmans (1788-1869), de Allingawierster boere-teolooch – neffens Wumkes – dy’t tasjend fâd wie oer de bern fan syn ferstoarne jongere broer Pier Jacobs, dus ek oer Ymkje Noordmans. It wie mei alle feesykten in drege tiid en har mem hie in hypoteek by him doe’t se yn 1844 fallyt ferklearre waard.5 De takomst fan de pleats tusken Iens en Spannum stie op it spul en op houlikskandidaten kaam it wol oan. 

Ek bûten en binnen de ‘grutte tsjerke’ wienen der spanningen. Dy hienen te krijen mei it besykjen fan ortodokse kant om mei adressen oan de Nasjonale Synoade de hiele tsjerke nei har ta te lûken. De Ofskieding fan 1834 wie noch farsk yn 1843, doe’t de ‘Advertentie’ skreaun waard yn it jier dat de populêre teologyske middenrjochting oan de Grinzer Akademy lanlik ûnder fjoer lei fan ortodokse en konservative liedslju lykas Van Hogendorp, Groen van Prinsterer en Capadoce. It skeel oer harren Adres aan de Hervormde Kerk in Nederland hat yn religieuze rûnten in protte opskuor jûn. Op 3 maart fan dat jier wie Grins it toaniel fan in grutte stipebetsjûging fan studinten oan de trije ‘moderne’ Grinzer teologen Hofstede de Groot, Pareau en Muurling. Hoe en oft soks syn wjerslach hie op de minsken yn Spannum en Iens falt net te sizzen, mar sjoen it algemien religeus en sektarysk entûsjasme sille ek dêr korrespondearjende yntra-tsjerklike tsjinstellingen bestien hawwe, dy’t in grut part fan it geastlike libben behearsken. 

Wumkes lit dêr wat fan sjen, as er fertelt oer de Ienser boer Jan Piers Eringa (1792-1872), dy’t in nije bibel kocht foar de tsjerke yn Iens – de tsjerke dy’t er as tsjerkfâd hoede en noede, mar dêr’t er net tsjerke om’t de dûmny fan de Grinzer rjochting wie en de liberale grutgrûnbesitters dy’t it stimrjocht hienen gjin oarenien yn syn plak ha woenen. Syn iennichste soan Pier Jans troude yn 1848 mei Grietje Noordmans, in jongere suster fan Ymkje. Wumkes fertelt ek dat yn it fermidden fan de Noordmansen net yninte waard; libben en dea waard oan God oerlitten.6 ‘Ook hoeft ze geenszins levertraan’, seit Dykstra oer de faam yn syn ‘Advertentie’. 


De ‘Advertentie’ wol oars net dalik sizze dat Dykstra al yn 1843 de ortodokse rjochting ôfwiisde en it modernisme omearme. Hy wie sels fan hûs út ortodoks. It liket derop dat dy ûntjouwing nei de frijsinnichheid in proses fan jierren west hat. Beskate aspekten fan it griffermearde tinken en de griffermearde mentaliteit hat er sels ek fierder droegen, lykas in frij pessimistyske fisy op de minske en letter ek twifel oan de maatskiplike foarútgong troch de ferljochting. Yn de ‘Advertentie’ hat er it op it earste gesicht net oer religieuze dogma’s en learstikken, lykas de útferkarring. It giet oer konkreet minsklik gedrach, oer etyk, oer ge- en ferboaden, oer langstme fan minsken, oer frijheid yn ’e leafde. Mar ûnder de spotternij leit dochs al it boadskip dat it yn it kristendom op de ‘goede wurken’ oankomt, op it sosjale en etyske hanneljen, en dat it dêr wolris oan mankearret. 

Yn de hânskriftnotysje wiist Dykstra noch op it stâns-aspekt fan de 'rel' yn Spannum: in bakkerssoan dy't it oandoart om in boeredochter yn lêst te bringen. Dat aspekt sil mei de populariteit fan it gedicht ûnder it jongfolk ferklearre hawwe, mar it komt net letterlik werom yn de tekst fan it fers. De ik-persoan identifisearret himsels net, en dat de faam in boeredochter is kin de lêzer him faaks wol yntinke as er him de beskreaune krite foar de geast hellet, mar it stiet der net.

Dykstra wie 22 jier doe’t er de ‘Advertentie’ skreau; hy wie krekt trije jier út Froubuorren wei en bakker yn Spannum. Yn it pleatslik fermidden stie er as in bizige knappe kop bekend, hy hie ommers ek al earder fersen publisearre yn Suringar’s almanak. De ortodokse doarpsbefolking hat wol hope hân dat er ien fan har liedslju wurde soe, sa’t er yn de al neamde brief oan Tsjibbe Gearts skreaun hat. Sels wie er leafst sa min mooglik oan it bakken en safolle mooglik oan it skriuwen. Of oars oan it suteljen, yn waar en wyn yn it doarp en bûtenút by de pleatsen del mei koeke, brea en bôle. Yn it each rint dat er let troude, krekt yn maaie 1850 doe’t er al tsien jier yn it doarp wenne. Mei it Bekkeriaanske duvelbandersferhaal ‘De betsjoende boeredochter’ (1847) wie syn posysje as bakker der wilens net better op wurden - men kin de jonge Waling Dykstra oars net syn moed ûntstride. Tanksij dat ferhaal en de lietebondel Doaitse mei de Noardske balke (1848), fol mei flot romantysk-realistysk fersewurk, hie er doe al wol definityf syn namme as Frysk skriuwer fêstige - mei de 'Advertentie' as Nederlânsktalich opstapke.

It lot wol dat Hinke Jans Huizinga, syn earste frou, al nei oardel jier houlik kaam te ferstjerren – op 8 desimber 1851, seis dagen nei de dea fan Ymkje Noordmans. Harren soantsje Gerryt folge, tsien moanne âld, syn mem twa moanne letter yn it grêf. Yn de jierren dêrnei krige Dykstra ferkearing mei de húshâldster fan syn mem. Doe't Afke Jans de Boer swier rekke wylst se noch net troud wienen, hat er noch efkes yn Burgum tahâlden – it wie yn Spannum it safolste skandaal om de ‘bakkerinne soan’ hinne. Nei harren houlik yn oktober 1855 fertrokken Afke en hy nei Frjentsjer. Waling Dykstra en de rjuchtsinnichheid – dat soe net wer goed komme. 


Noaten
[Anonym], ‘Advertentie uit de Friesche Straatcourant’, Suringar’s Friesche Volksalmanak 1844. Oernommen út Hs Waling Dykstra 283.
2 Sitearre yn: G.A. Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (Osinga, Boalsert 1926) 372-373.
3 A. de Vries, ‘De betsjoende boeredochter. Skriuwer en mienskip yn it Spannum fan Waling Dykstra’, Fers2 3-9 (7 maaie 2017). Webside: http://www.fers2.eu/de-betsjoende-boeredochter/ Krigen 7 septimber 2018.
4 A. de Vries, ‘Konstruksje fan sosjale identiteit yn it Fryske realisme. It betide wurk fan Waling Dykstra (1848-1860)’, It Beaken [op kommendewei].
5 De Vries, ‘Betsjoende boeredochter’. 
6 G.A. Wumkes, ‘Durk Piers Noordmans’, Nieuw Nederlandsch Biographisch Woordenboek. Dl. 3 (1911) 919.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten