maandag 10 september 2018

Waling Dykstra - It boask yn 'e iere moarn (1850)


De sinne spegele yn ’e dauwe en 
   Fersprate oer ’t fjild de moarntiidsglâns; 
En Swob kaam yn de boarstroksmouwen 
   Mei jok en amers ’t boskpaad lâns. 

In bûterblom hie se yn ’e mûle, 
   De melkersklots it efterst foar. 
It fûgelt song, yn ’t bosk ferskûle, 
   Mei hondert lûdsjes troch elkoar. 

De holder, onder ’t rêstich brommen, 
   Fleach om syn huning hjir en dêr; 
’t Skuonmakkerke op ’e stikelblommen 
   Sloech mei syn wjukjes hinne en wer. 

De fine reagen fan de spinnen 
   Dy wienen fan de dauwe wiet, 
En troch it skinen fan de sinne
   Sa hien’ se in glâns as sulvertried. 

En yn de grêft dêr sylden de einen, 
   En slobb’ren yn it griene kroas; 
En oan de fiverkant dêr leinen 
   De swannen op it sêfte moas. 

Mar wie it alles sa tefreden 
   En fleurich oer de nije dei, 
Ta fleurichheid hie Swob gjin reden, 
   Omdat har wat op ’t herte lei. 

Hja dyg’re troch de twigen hinne; 
   Mar dy’t se sjen woe seach se net, 
Hja mocht har dûkje, of sunich rinne, 
   Dêr ’t blêdryk beamt’ har ’t sjen belet.

’t Wie Ane dêr’t har each om sochte, 
   Dy’t túnman by de grytman wie; 
’t Wie Ane dêr’t se oer mym’re en tochte, 
   By dei, by nacht, jûns let, moarnsier. 

Hy wie de sneintejûns net kommen, 
   Hoe fêst hja him ferwachte hie. 
Dat hie har alle fleur benommen, 
   Om’t meast de skuld har eigen wie. 

Lang hie ’r har oanstien om te witten 
   Wêr dat er steat op meitsje koe; 
En hja hie ’m yn ’t ûngewisse litten, 
   Dêr’t hja him wat mei pleagje woe. 

Nou, tocht hja, hie hy wis besletten 
   Om foartoan fan har ôf te sjen; 
En om har út syn sin te setten 
   Koe hy licht nei in oaren tsjen. 

,,O!” tochte Swob, ,,as ’t sa betearde, 
   Dan wist ik myn berou gjin ein. 
’k Wie altyd wearzich, sa’t ik bearde. 
   Hie ’k mar rjuchtút myn miening sein!”

En sa kaam se om ’e hoeke hinne 
   By ’t hikje fan de wetterdaam. 
En dêr seach se Ane lykme allinne; 
   Wat krige Swob in reade kaam. 

Dêr stie hy skoarjende op ’e lodde, 
   En mei de rêch nei Swobke ta. 
Hy sloech ris helder yn ’e fodden, 
   Hy soe in sûchje mannich ha. 

En Swob, dy seach er ek wol rinnen, 
   Mar bearde dat er hja net murk. 
Hy waard oars ek al oars fan binnen, 
   Mar hy gyng stil wer oan syn wurk. 

Swob soe foarby, mar koe ’t net hurde; 
   Hja tocht de occasie wie sa skoan. 
It moast it ien of ’t oar mar wurde. 
   Hja grypte moed en spriek him oan. 

,,Sis Ane, biste net tefreden? 
   Do draaist net ienris ’t each nei my. 
Sis, wat binn’ dêrfan doch de reden? 
   Hâlde ik my faak net goed tsjin dy?” 

Hy sei: ,,’k Wol net mear fan dy witte, 
   Do heste ’t dochs net goed yn ’t sin. 
Ik wol dy leaver mar ferjitte 
   As dat ik langer nei dy rin.”

,,Fij Ane! Nee, dat kin ’k net leauwe.” 
   ,,Ja, Swob, ik ha my sa beret. 
Dat stiet nou fêst, dat moat sa bliuwe.” 
    ,,Fij Ane! Nee, dat kin sa net! 

’t Is wier, do koest my net belêze, 
   En ik beken, dat wie net goed. 
Mar ’k wol net mear tsjinstribbich wêze; 
   ’k Jou dy myn hân; hest nou dyn moed?’ 

,,Ja faam! Dat is ’t, wat ik ferlange; 
   Mar oars wiest altyd steech en wiis, 
En nou litst dy ynienen fange?” 
   ,,Ja”, sei se, ,,ja, do bist in biis!” 

Hy sei: ,,Ik tocht wol datst wol woeste, 
   En dêrom bleau ik by dy wei. 
Ik wist datst dat net útstean koeste.” 
   ,,Nee”, sei se, ,,’t like ’r lang net nei.” 

,,Kom Swob, mei ’k nou in patsje krije?” 
   ,,Ei ja! Dat kin der nou op stean!” 
Dêr balt de âld wytkop yn ’e trije: 
   ,,O diker!” sei se, ,,ik moat wol gean.” 

It griene fjild fol moaie blommen, 
   Dat lake nou wer blier har oan; 
It hert dat wie har wer ferromme en 
   Hja song in liet oan de iere moarn.


(It heamiel by Gealeboer, 1850)

Geen opmerkingen:

Een reactie posten