woensdag 10 mei 2017

Waling Dykstra, 'Reinou'

Oerdwealske jonkheid, dy’t yn ’t frijen 
   Te wurk giet mei in teamleas brein, 
As wie dermei oars neat te krijen 
   As nocht en wille sûnder ein 
O, gean der net sa los oerhinne! 
Men sjocht sa faak dat súv’re minne 
Hoe fleurich hja soms mei begjinne, 
Wol yn it ein noch útrint op in near gewein. 

Der wenne yn ’t boerelân alearen 
   In faam dy’t folle freonen hie, 
Omdat se libbe yn deugd en eare en 
   Tsjin alle minsken freonlik wie. 
Krekt as yn ’t miedelân de blommen, 
   Dy tusken raaien as yn slomme, 
Want âlderleafde en fêste minne 
   Dy fierden yn har hert de pleit. 
Dan sei se: ,,Nee, myn brave Tjitte, 
Ik wol, ik kin him net ferjitte, 
Moat ik foar altyd him ferlitte, 
Dan stjer ik jitte wol fan kleare swierrichheid.” 

Mar har tsjin pake te fersetten, 
   Och, dat wie ek sa slim te dwaan. 
Hja wist it, hy hie fêst besletten 
   Om noait syn tawurd har te jaan. 
En hy wie stiif, hja seach temjitte, 
Hy soe foar altyd har ferstjitte, 
Woe hja har nou net sizze litte. 
Hy soe sa folle er koe har lêst en skea oandwaan. 

Dêr hie se ’t freeslik mei te pakken. 
   Hy joech it altyd har sa skoan, 
En hy hie syn kaptaal har makke; 
   Hy hie har fan lyts bern ôf oan 
Fersoarge, en fûn syn wille allinne 
Yn har. Soe hja him nou ûntrinne? 
Soe se oer har hert dat bringe kinne? – 
Sa mym’rjend sliet se faak de nachten ta de moarn. 

Yn ’t ein, dêr’t pake mei fersykjen 
   En oanstean har gjin rêste liet, 
Moast har stânfêstichheid beswykje, en 
   Hja folge de âlde man syn ried. 
Hja naam syn moaie gouden jeften; 
En Tjitte kaam: hja spant har krêften, 
Hja stjoert him wei, net fûle sêft en 
’t Wie út mei Tjitte en har, foar him ta grut fertriet. 

Mar nou soe hja ’t ek ûnderfine 
   Wat oft it al te sizzen wie, 
Te leanjen mei in blauwe skine, 
   In feint dêr’t hja sa’n hert foar hie. 
Foel syn gemis yn de earste dagen 
Har noch net mâle swier te dragen, 
Om’t pake’ gollens har sa hage, 
Hja krige al wakker gau berou fan wat se die. 

Earst tocht se, ’t soe wol gau ferslite, 
   Omdat se Tjitte deis net seach; 
Mar ’t duorre net in lange rite, 
   Of al har fleurichheid ferfleach. 
Deis mocht se noch deselde lykje 
En hjir en dêr ferwidering sykje, 
Nachts woe syn byld net fan har wykje; 
Faak krige hja gjin wink yn ’t read bekriten each. 

Har glâns en blierens teagen hinne, 
   En waarden al sa stiltsjes wei, 
Krekt as in snieflok yn de sinne; 
   It wie te sjen, it gyng har nei. 
En ’t goud wêrfoar hja him moat misse, 
Dat wie har nou ta ’n ergernisse; 
Dat parse swier op har gewisse. 
Och, wat in bitterheid bringt jildsucht al te wei. 

Mar as in widdo, dy’t earst klaget 
   En skriemt om’t se al har treast ferlear; 
Mar wer yn ’t ein har smert ferjaget 
   En wurdt wer fleurich as alear; 
Sa gyng it Reinou ek, sa’t skynde, 
Skoan ’t leed dêr’t hja sa lang oer kwynde, 
Sa fûl har sûnens ûndermynde, 
Dat hja bleau swak en hie har moaie kleur net mear. 

Wer wiene der feinten dy’t prebearren 
   Hja oan te sykjen op ‘e nij. 
Troch dat har pake kaam te stjerren 
   Wie hja mear wees en ek mear frij. 
En Tjitte hie har lang fergetten. 
Hy hie it boask mei ’n oaren sletten. – 
Mar wa’t har sin op Reinou setten, 
De faam ûnthold har noch fan de frijerij. 

Mar ien mocht einlings yngong fine, 
   En dat wie wer in boerefeint. 
Oan him woe hja har nou ferbine; 
   De knoatte wie al skielik leind. 
Hy soe har nei de trouseal liede 
Mei ’n koarte tiid; en op dizze ierde 
Soe har de dead allinne skiede. 
Hoe hoopfol wie de faam, hoe lokkich wie de feint. 

De ien rint hjir ’t lok faak yn ’e mûle, 
   Wylst de oar fan ’t ûnk ferfolge wurdt. – 
De kwaal dy’t yn har binnenst skûle 
   Taast har wer oan, en tige hurd. 
Dat sleepte noch al sa wat hinne, 
In dokter mei wat treast jaan kinne 
Om’t hy de kwaal wol tinkt t’ oerwinnen; 
Men kin by dagen sjen dat Reinou minder wurdt.  

Seach men earst sa bliid de dei temjitte 
   Dy’t him oan har ferbine soe; 
En doarsten hja harsels ûnthjitte 
   Dat hja noch better wurde koe; 
Och fij, de hoop hie har bedragen. – 
It lang ferwachte tiidstip dage, en 
Der waard in lyk nei ’t tsjerkhôf dragen. 
’t Wie Reinou: hoe ûntsteld wiene alle minsken doe! 

O lokjend goud, o blinkende ierde, 
   Wat dochste mannichien de dead! 
Wat kinste mannichien ferliede 
   Ta dingen, skandlik en ferkeard! 
Ja follen, troch dyn glâns ferbline, 
Mei dyn besit begearlik skine, 
Faak, as se ’t ha, moatt’ se ûnderfine 
Dat goud yn wierheid folle swierder weacht as lead.  

Dat soms de minsken, de iene de oare, 
   Om ’t jild ris fiere kinne yn ’t leed, 
Wat har net takomt nimme doare 
   Ut kleare jildsucht of út need; 
Dat mei men ûndogensk neame kinne; 
Mar âlden dy’t, om ’t jild allinne, 
Har bern ta trouwen twinge kinne, 
Tsjin ’t sin: ‘k sis dat se minder binne 
As ’t fee. Hja binn’ ferhurde, ûntaard, ôfgryslik wreed. 


(Ut: Swanneblommen 1851, s. 15-20)
(Sjoch ek: Abe de Vries, 'De betsjoende boeredochter. Skriuwer en mienskip yn it Spannum fan Waling Dykstra', Fers 2 3-9, 7 maaie 2017)

Geen opmerkingen:

Een reactie posten