woensdag 26 september 2018

Twa teltsjes oer in 'oud Friesch gebruik'

Konstruksje fan kritysk Frysk folkseigen by Waling Dykstra (2)

Fan in boer te Haskerdiken – healwei it Fean en Akkrum – fertelde Waling Dykstra in kear oan syn bern dat dy ris mei in weide hea de grytman Vegelin van Claerbergen yn syn rydtúch temjitte kaam wie.1 Se koenen inoar net goed foarbykomme, de boer en de grytman, want de dyk wie te smel. Mar de boer woe net oan ’e kant en sei: 

Ik bin in boer fan Haskerdiken, 
Ik hoech foar nimmen te wiken. 
Ik ha in pleats mei tritich kij, 
Ik jou gjin byt om dy. 
Ik ha in plaat mei in stander, 
Lykas in ander 
En in dweil foar de doar 
Lykas in oar. 

It rym komt út it earste diel fan Uit Friesland’s volksleven van vroeger en later út 1895.2 Mei dy ‘plaat mei in stander’, skriuwt Dykstra dêr, wurdt tsjut op in izeren plaat ûnder de hurd, om de jiske yn op te fangen. Soks wie foar minder goed buorkjende boeren ‘een ongekende weelde’. De stander, of yn it Nederlânsk it ‘standijzer’, wie de plaat izer dy’t rjochtop achter de kachel set waard om de muorretegeltsjes tsjin de hjittens fan de hurd te beskermjen. 

In ferlykber ferhaal fertelt er earst, op deselde side. Dat giet oer in Menamer boer, dy’t er – oars as de Haskerdiker – by namme neamt, Arjen Osinga. Mei in rûge datearring derby, it soe him ‘zeventig of tachtig jaar geleden’ (dus om 1825 hinne) ôfspile hawwe. Lykas de Haskerdiker woe ek Osinga mei in berop op Frysk gewoanterjocht net wike foar bestjoer en adel. Dykstra skriuwt: ‘Volgens een oud Friesch gebruik behoefde een landman, die in den oogst met een beladen wagen een rijtuig ontmoette, niet uit het spoor te wijken, onverschillig voor wien ook.’3 De grytman fan Menameradiel moat lilk west hawwe, mar seach dochs syn flater yn en de boer en hy waarden freonen. 

No is oer Waling Dykstra syn grutte folkloaresamling gauris opmurken dat it ûntbrekken fan boarne-opjeften sa spitich is.4 In protte ferhalen wiene wol earder ferteld, ek troch himsels, en parallellen mei ferhalen dy’t yn it bûtenlân optekene binne treft men ek oan. Mar der is likegoed genôch te finen dat yn dy foarm fierder nearne te lêzen is, en dêr’t wy faak net fan witte wêr’t er it wei hie. Sokke stoarjes komme dan al gau te boek te stean as Fryske ‘folkseigen’ mûnlinge trochfertellingen.5 Hjir wol ik oan de hân fan boppesteande beide foarbylden sjen litte dat in kombinaasje fan literatuerûndersyk en ûndersyk fan befolkings-, notariaats- en kadastergegevens bytiden in oar ljocht smyt op tekstmateriaal dat yn ’e regel as sêge, mearke, folksferhaal of folksoerlevering presintearre wurdt. 

Dan wurdt bygelyks dúdlik dat Waling Dykstra it ferhaal oer de obstinatens fan de Menamer boer Arjen Osinga heechstwierskynlik heard hat fan – of skreaun hat foar – de ferneamde Marsumer boer en feefokker Kornelis Nannes Kuperus (1844-1917), ien fan syn boerefreonen, oer waans bedriuw en krewearjen yn Sljucht en Rjucht letter noch mannich artikel ferskynd is.6 

Kornelis Nannes syn âld-omke Klaas Nannes Kuperus (1784-1819) wenne yn Menaam en kocht yn 1815 it treddepart fan in pleats en lân en yn 1816 in stik boulân fan syn sweager, sa docht bliken. Dy sweager wie Arjen Hendriks Osinga (1790-?); Klaas Nannes wie troud mei in suster fan Arjen Hendriks.7 It opfallende is dat der nei 1819 neat mear fan dizze Arjen Hendriks Osinga fernommen wurdt. Hy is dus emigrearre út Fryslân wei, mar wêrhinne is yn gjin Frysk argyf bewarre bleaun. 

Ek rint yn it each dat dizze echte Arjen Osinga hielendal gjin boer wie. Yn 1811-1812 is er fan berop ‘klerk’,8 wierskynlik op it gritenijhûs yn Menaam. It treddepart pleats dat er yn 1815 ferkeapet is syn part yn syn heite pleats, dêr’t syn sweager Kuperus dan op buorkje sil mei syn suster. Arjen syn omke Jan Arjens Osinga (1753-1821) wie belêstingûntfanger yn Menameradiel en yn dy hoedanichheid in belangrike figuer foar de noch jonge grytman, baron G.Fr. thoe Schwarzenberg en Hohelandsberg (1791-1868; lid Provinsjale Steaten 1814-1861). Dat soe de ‘freonskip’ ferklearje kinne dy’t de boer en de grytman yn it teltsje fan Dykstra slute. 

Sa tsjinje har twa mooglikheden oan foar wat de anekdoate oanbelanget: of Dykstra hat in yn de famylje Kuperus bewarre teltsje op papier set, of hy hat Kornelis Nannes Kuperus fan tsjinst wêze wollen troch in teltsje op te tinken, dat in earder famyljelid in skriftlik neibestean jaan soe. Klaas Nannes Kuperus en syn frou Sytske Hendriks Osinga krigen in deaberne berntsje; yn de twadde kream kaam Sytske te ferstjerren, se wie 29 jier. 

Dykstra’s Uit Friesland’s volksleven is ek it âldste fynplak fan it rymke oer de nammeleaze boer fan Haskerdiken. Yn 1903 yn de rige ‘Eenvoudige memories uit eigen gewest’ yn it Nieuwsblad van Friesland waard it rymke wer opikkere troch Dykstra syn freon Japik Hepkema (1845-1919). Dy meldt no as ekstraatsje dat in ‘Heer Vegelin’ yn 1716 yn de krite fan Haskerdiken in brede dyk oanlizze litten hat troch syn besittingen, fan Boarn oant Nijebrêge (yn 1829 ‘vervangen door den rijksstraatweg’) en tsien jier letter noch ien, fan Akkrum nei de Jouwer.9 It soe dan gean om jonkhear Filip Frederik Vegelin van Claerbergen (1685-1738), dy’t yn 1717 troude en fan 1707 oant syn dea grytman fan Haskerlân wie. Dy grytman wenne fan 1715 ôf op Herema State op ’e Jouwer: 

In 1716 heeft hij de Nieuwe Haskerdijken aangelegd, in de plaats van den ouden weg, die een groot gedeelte van ’t jaar onbruikbaar was. Zelf maakte hij veel gebruik van dien weg, omdat hij als regeeringspersoon, dikwijls te Leeuwarden moest zijn (..) en hij zal het misschien ook geweest zijn, die met zijn rijtuig een beladen boerenwagen op en weg willende passeeren, van den boer te hooren kreeg (..)’ – 

en dan folget it rymke.10 Mar, heakket Hepkema ta: ‘Natuurlijk is het een “eigen” boer en geen Vegelins-boer geweest. Die hebben over hun oude landheeren geen klagen gehad en toonden integendeel groot respect voor de familie (..).’ 

By ús rym kin it dus om in boer gean dy’t yn ’e rispinge dwaande is. Mar de tekst sels fermeldt net wat dy boer út Haskerdiken dêr op ’e dyk die. Wol dat er ryk wie; sjoch de taljochting by kachelplaat en stander. It ferhaal lit wat sjen fan eigenerfd boereferset tsjin de hegerein, fan boere-selsbewustens en grutskens op autonomy en frijheid fan hanneljen. Tegearre mei de rjochtskonnotaasje – ‘ik hoech foar nimmen to wiken’ – ûntstean der sadwaande al gau assosjaasjes mei de yn Fryslân fanâlds breed besongen en beskriemde ‘Fryske frijheid’ út de lette midsieuwen. De erfgenamt derfan is de Fryske eigenerfde boer, is dan it politike boadskip. 

Besjocht men de tekst nochris goed, dan is der wol reden om oan te nimmen dat Dykstra sels de skriuwer derfan is: dat it dus net giet om de delslach fan in mûnling oerlevere stoarje út de achttjinde ieu, mar om as wierbarde histoarje ferklaaide fiksje. De earste oanwizing dêrfoar is it opfallende rym yn de lêste fjouwer rigels: 

Ik ha in plaat mei in stander, 
Lykas in ander 
En in dweil foar de doar 
Lykas in oar. 

De floeiende oergong fan it Stedfryske ‘ander’ nei it Fryske ‘oar’ wiist op de hân fan in literator en hat behalve in humoristysk ek in kritysk aspekt. Stedfrysk en Nederlânsk praten de hege boargerij en de adel, de boeren fansels net. Wy ha no itselde as jim, seit de boer yn feite tsjin de grytman. De twadde oanwizing lês ik yn dat ‘gjin byt’ – dat is in útdrukking dy’t yn in hiel soad gedichten fan Waling Dykstra ferwurke is en dy’t by him suver in stopwurd-funksje hat.11 Treds is der noch it wurd ‘dweil’. Yn de betsjutting fan skûtel-, hân- of flierdoek ken it Nederlânsk dat wurd sûnt de santjinde ieu, mar de earste fermelding dêrfan yn it Frysk stammet neffens it Wurdboek Fryske Taal út 1829. 

Hepkema hat dus besocht om de anekdoate oer de boer te Haskerdiken noch wat ‘histoarysker’ te meitsjen, troch te neamen dat grytman Vegelin van Claerbergen twa diken oanlizze litten hie. Op ien fan dy diken, of foargongers fan dy diken, soe it ferhaal him, ‘misschien’, wol ôfspile hawwe. Mar it is goed mooglik dat Hepkema sels de boarne fan Waling Dykstra west hat: dat er in ferhaal of anekdoate út syn eigen pake’ tiid trochfertelde. 

Om dat dúdlik te meitsjen is wat mear útlis noadich as yn it gefal fan de Menamer ‘boer’. Japik Hepkema’s pake en beppe fan heitekant hienen wenne te Diken (by Langwar); beppe kaam oarspronklik fan Broek (noardwestlik fan de Jouwer). Yn 1845 kocht pake Hepkema lân yn Broek fan jonkhear Pieter Benjamin Johan Vegelin van Claerbergen. By deselde ynskriuwerij bleau de Broekster boer Durk Sjoerds de Vries oan in pleats fan de jonkhear hingjen.12 Durk Sjoerds syn skoansoan wie Romke Kornelis Romkema út Haskerdiken, dy wie ek boer te Broek. In healbroerke fan dizze Romke, Wytze Kornelis Romkema, kaam yn 1829, seis jier jong, as weesbern te ferstjerren, ‘wonende te Dijken’, seit it befolkingsregister.

Beide wiene it bern fan de rike eigenerfde boer Kornelis Romkes Romkema (1769-1827) fan Haskerdiken. Kornelis Romkes en syn earste frou ferkochten yn 1806 in pleats mei lân te Haskerdiken (nû. 26) oan jonkhear Valerius Lodewijk Vegelin van Claerbergen (1774-1844), de (lettere) grytman en heit fan Pieter Benjamin Johan.14 Nei 1820 buorken Kornelis Romkes en syn twadde frou op stimnûmer 20 te ‘Zijdhuizen’ noardlik fan Haskerdiken. Dat wie in nijboude, grutte pleats dy’t deunby de ‘rijdweg’ fan it Fean nei Akkrum stie; by syn dea op 3 novimber 1827 brûkte Kornelis Romkes 26 bunder lân en molk er 22 kij.15 

Mar yn 1828 en 1829 waard dizze ûnferhurde dyk fan Ljouwert nei Oerisel belangryk ferbrede, ophege en ferhurde; mei dat doel waarden oan wjerskanten brede stroken lân fergroeven. De kadastrale kaart fan 183216 lit sjen dat krekt by Sydhuzen de noard-súd rinnende strjitwei de east-west rinnende perselen fan op syn minst twa eigenerfde boeren trochkrúste. Dalik súdlik en noardlik dêrfan wie it lân yn eigendom fan grytman Vegelin van Claerbergen en yn gebrûk by dy syn hierboeren. It 'ik hoech foar nimmen te wiken' kin goed hjir syn grûn hawwe.

Dan soe de anekdoate oer de Haskerdiker boer tsjutte op ekonomysk ferset fan eigenerfde boeren tsjin de lokale regelingen fan de oerheid, gritenij en provinsje wat de dykferbreding fan de 'rijdweg' en de kompinsaasje dêrfoar oanbelange. It rymke giet nei alle gedachten net tebek op in âlde folksoerlevering; it hat gjin achttjinde- mar in njoggentjinde-ieuske achtergrûn. It is earder ‘âldmakke nij’ as ‘nijmakke âld’ – lykas de Menamer fersy is it neo-folkloare, mei in liberale rook deroan. 

Wat Waling Dykstra mei dizze twa fariaasjes op in tema yn feite docht, is kritysk Frysk folkseigen meitsje – konstruearje – troch boereskiednissen dy’t oanwiisber in basis yn ’e werklikheid hawwe, te ferbinen mei it idee fan in ‘oud Friesch gebruik’. De eigenerfde boer krijt sa ymplisyt de rol fan de ‘frije Fries’ taparte – wylst adel en bestjoer oppasse moatte om net de útlânske ûnderdrukker te spyljen. 


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten