zaterdag 19 mei 2012

Doarpsfilm Wergea: stom tafal of plagiaat?

It kin fansels raar gean yn de domeinen fan de fantasij. Wat de ien betinkt yn dizze wrâld, kin in oar yn syn eigen wrâld likegoed betinke. Op itselde stuit. Mar wat as dy twa wrâlden sa ticht byinoar lizze as Wergea en Warten?

Juster stie yn de freedbylage fan de LC in grut stik oer de doarpsfilm ‘Merke blues’ fan regisseur Jan Tijsma; hjoed kaam it FD mei in wat lytser stik. ‘Merke blues’, op 18 maaie yn premjêre gien, is opnommen mei spilers en figuranten út Wergea en it is de bedoeling dat de film rûnom yn Fryslân fertoand wurde sil yn kafees en doarpshuzen. De film is opnaam yn 2011.

Doe’t ik de krantestikken lies, tocht ik dalik oan in boek dat ik yn maart resinsearre ha op de feartfisk. Ein ferline jier ferskynde de debútroman De twadde hûd fan Hilda Talsma, in nije skriuwster dy’t yn Warten – flakby Wergea – wennet. De earste fersy fan de roman waard al yn 2007 oan de Friese Pers Boekerij oanbean. Dêr waard it manuskript ôfkard; it is ferfolgens ûnder lieding fan Skriuw oanpakt, wêrnei’t útjouwerij Elikser fan Jitske Kingma der wol brea yn seach.

No is it opfallend dat boek en film oerienkomsten hawwe dy’t nochal wat fraachtekens oproppe oer de orizjinaliteit fan it skript (skreaun troch Tijsma) fan ‘Merke blues’.

It boek spilet op ‘e merke fan in fiktyf Frysk doarp; de film ek.

Yn it boek hjit dat fiktive Fryske doarp ‘Frisum’, yn de film ‘Litsum’.

Yn it boek is it sintrale gegeven de leafde tusken in frou en in man dy’t nei jierren weromkomt yn it doarp. Yn de film krekt sa.

Yn it boek hjit dy man fan ‘Ronny’. Yn de film idem dito.

Mar noch op de ôftiteling fan de film noch yn de publisiteit om de film hinne wurdt der melding fan makke dat de film fan Jan Tijsma ynspirearre is op it boek cq. it manuskript fan Hilda Talsma. Dan binne der eins mar twa mooglikheden: 1) Tijsma hat de net sa eale keunst fan it plagiaat beoefene en docht krekt as bliedt syn noas, of 2) it is allegear stom tafal.

Hoe wierksynlik dat tafal is, dêr mei elk sa syn gedachten oer hawwe.

Hjoed seach ik op Facebook dat Hilda Talsma it sels ek mar in nuvere saak fynt. Se hat by de produsint fan de film, Boppeseal Movies, om opheldering frege. Mar ôfwachtsje dus hokfoar antwurd dêr op komt. Ek aardich om te witten: al earder is sa’n soarte fan doarpsfilm makke yn… Warten. Under mear Rense Westra spile dêr yn mei.

8 opmerkingen:

  1. Dit kin echt gjin stom tafal weaze. Bin benijd hoe dit ofrint. NK

    BeantwoordenVerwijderen
  2. bin it hielendal mei jo iens, as dit tafal is........
    it feit dat Hilda hjir al jierren mei dwaande west hat, en it by de Friese Pers oanbean hat, jout te tinken.
    de oerienkomsten fan de fehaalline binne my te tafallich.
    plak der oan fêst de nammen, en omstannichheden, en je kinne net oars as twifelje oan de rjochtmjittichheid fan dit hiele barren. Ik haw oan de sydline stien fan it ûntstean fan dit boek, haw jierren petearen mei har hân, en har advyzen jûn, en de titel fan it boek is fan myn hân.
    Hilda is in oanstoarmjend talint, der't we op sieten te wachtsjen nei it ferstjerren fan Rink van der Velde.
    Hja belibbet en skriuwt fanút it gefoel fan it folk, en wit dat sekuer del te setten.
    Wy binne lokkich noch net fan har ôf, hja is al dwaande mei in twadde boek. Faaks is it handich dat foardat hja dat skript nei Jitske bringt, it earst efkes útsutelt by Boppeseal Movies. Dan ha je neat gjin argewaasje.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Goeie Anoniem, ja, it liket yndie nochal ûnmooglik dat hjir net fan plagiaat sprake wêze soe. De film mar ris besjen, miskien binne der dan noch mear saken dy't opfalle.

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Der wurde hjir gjin steatsgeheimen behannele, wêrom dan altyd anoniem reagearje?

    BeantwoordenVerwijderen
  5. Jo hawwe gelyk, mar is stikelstekker bekinder as anonym?
    Bytsje in hypokrite wize fan tinken liket my.

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Klik op Stikelstekker en jo komme alles oer my te witten. Hypokryt tinke lit ik graach oan in oar oer, as jo it net slim fine.

      Verwijderen
  6. Tink dat it oarsom is ,Tijsma die syn ferhael al yn juni 2011 in K-rute bij de omrop ,sliepten jimme doe allegear? It petear foen plak yn Warten op e merke.Dus........??????

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Beste Anonym
      Ik wit dat Hilda al sûnt 2007 mei it boek dwaande wie, ik stie oan de sydline, yn dat jier is it ek oanbean oan de Friese Pers boekerij, en is net goedkard, en dus sit der 4 jier tusken de earste oanbieding, en de útstjoering fan K-rûte. Ik ha noch nea 4 jier sliept, alteast net efter elkoar. Dus.......?????

      Verwijderen