zondag 18 maart 2012

As de merke deroan komt, begjint it bloed te streamen

Hilda Talsma, De twadde hûd (Utjouwerij Elikser, Ljouwert 2011)

Merke op it doarp, dan giet it der bytiden need om wei.

It is krekt as jout it folk himsels dan tastimming om trije dagen lang te dwaan wat wet, God en wiisheid ferbean hawwe. Elk siket wat er it oare fan it jier tekoart komt, elk wol witte dat er belibje kin wat gewoanwei net foar him weilein is. De draaimûne en de sweef binne symboal fan it Rêd fan it Libben, dêr’t jo yn ’e merkedagen ris in flinke slinger oan jaan kinne. En meie, want op it doarp witte se al sûnt minskehûgenis hoe dizze frijsteat te fieren.

Sokke tinzen komme op by it lêzen fan de debútroman fan Hilda Talsma, De twadde hûd. De haadpersoan is in frou fan om ’e 40 hinne, Elske de Groot, mei in puberdochter en in man, Sjoerd, dy’t it nei in ûngemak allegear net mear sitten sjocht. Se wenje yn Frisum, dat model stean kin foar in gewoan Frysk doarp. Elske ferwachtet mear fan it libben en de leafde as dat har taskikt is. Se is útsjoen op har man, en tagelyk soe se och sa graach noch in berntsje krije wolle – it twadde berntsje, Froukje, dat se krige kaam deaberne op ’e wrâld nei’t Elske fan de trep fallen wie.

As de merke deroan komt, begjint it bloed ek by har fûler te streamen. Sa lit Elske har nei in jûntsje yn ’e kroech nimme troch Gerke, in bewûnderaar út it doarp, yn in bushokje. Sûnder kondoom, want se hopet wer swier te wurden – har eigen man skopt wat dat oanbelanget noch gjin deuk yn in pakje bûter.

It wûnder fynt lykwols net plak. Dochter Lys, by wa’t de hormoanen ek begjinne op te spyljen, meldt dat se fereale is op in jonge fan it draaimûnefolk, Peter. It docht al gau bliken dat de heit fan dizze Peter gjin ûnbekende is foar Elske. It is har âlde leafde Ronny, mei wa’t se tweintich jier lyn wat hân hat, mar dy’t har raar sitte litten hat. Tinkt se. En jawis, Ronny komt werom…

Hilda Talsma hat in tagonklik boek skreaun, dat lêst as it spoar. It grut oanpart fan dialogen soarget foar in protte faasje en werkenberheid. Elk dy’t op in doarp grutbrocht is, sil it byld werkenne dat de skriuwster hjir sjen lit. Elske wurdt dêrby ek tekene yn har sosjale relaasjes, buorlju, freonen, freondinnen, dy’t alles fan elkoar lykje te witten – want sa giet soks op in doarp. Of is dochs net alles sa’t it yn earste opslach liket? Guon prate as in hin sûnder kop, guon witte wat se sizze en ferswije moatte. Ek de ditsjes en datsjes fan aldendei fan in trochstreekse húshâlding komme libben nei foarren – de lytse yrritaasjes, puberproblemen, wurk, rúzjes, dreame fan in oare wrâld.

Mar yn har besykjen in frou del te setten dy’t gjin genoegen nimt mei har plak ûnder de sinne, dolt Talsma net al te djip. Har boek is wol te ferlykjen mei it lettere wurk fan Riek Landman, bygelyks de Silke-rige: ek flot skreaun en foar in brede groep lêzers goed nei te kommen en nei te fielen. It is de krêft, mar tagelyk de swakte fan De twadde hûd. Sa healwei it ferhaal komt, alteast by dizze lêzer, it ferlangen op om méar fan Elske oan de weet te kommen as wat Talsma priisjout. De konstante dialogen binne benammen rjochte op de konkrete werklikheid; it hie de baas west en wikselje se wat mear ôf mei ôfdalingen fan de skriuwster yn Elske har geast en ferline. It is in wurkwize dy’t Talsma yn in twadde boek wat mear útprebearje kinne soe.

En al lêzendewei krige ik suver begrutsjen mei Elske har man Sjoerd. Dit boek, dêr’t benammen froulju har libbenslust en libido yn útlibje – al is der ek in grouwélige sêne dêr’t in man oan it ferkrêftsjen slacht, bondage mei hûneriem en al – hie as tsjinwicht wol wat mear sympaty foar de ferliezer hawwe meien. Miskien is dat ek wat foar de opfolger.

De twadde hûd is ta stân kommen mei begelieding fan it projekt Skriuw – in goed inisjatyf fan It Skriuwersboun, sa bewiist dizze debútroman. Grutte literatuer is it net wurden, mar dat wie ek de bedoeling net. Hilda Talsma bewiist dat se it fertellen yn ’e fingers hat. As útjouwerij Elikser aansen mei it twadde boek soarget foar in wat ambysjeuzer en spannender omkaft, dan komt it mei nûmer 2 grif hielendal goed.



.

3 opmerkingen:

  1. Grutte literatuur, sitte we der op te wachtsjen? Ik tink dat nei it ferstjerren fan Rink van der Velde der in grut gat fallen is yn it oanbod fan skriuwers dy't in grut tal lêzers oan har witte te binen, júst omdat se sa ticht by it folk bliuwe. En ik tink dat as wy wolle dat de minsken frysk lêzen bliuwe, wy neast har en net boppe har stean gean moatte. Dat is bygelyks de krêft dy't Rink ferstie, en sjoch nei it resultaat fan de sutelaksjes. Syn boeken waarden it measte ferkocht, en dus op dizze wize it Frysk by de minsken brocht. En ik tink dat dit fan it grutste belang foar taalbefoardering is. Bliuw skriuwen yn de taal dy't de minsken werkenne, en set har spegels foar wer't se harsels en har omjouwing yn sjogge.
    Nei it lêzen fan in boek fan werkenning sil men earder in twadde boek yn it frysk oanskaffe, as nei it lêzen fan in boek yn superfrysk, wer 't men gjin oansluting by hat. Ik fyn jo resinsje stekhâldend en goed ûnderbouwd, mar ik woe dochs efkes tsjingas jaan, dermei jo oanjaan, dat it Rink publyk der noch altyd is.En ik tink dat Hilda Talsma mei har boek De Twadde Hûd krekt dat publyk betsjinnet
    Freonlike gr

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Goeie Van der Leest, ik kin my wol yn jo stikje fine hear. Dy Rink-lêzers kinne mar bliid wêze, soe ik dan sizze, mei nije romanskriuwers út in oare generaasje - allinnich, binne se dat ek? Dat is oan de ferkeapsifers net ôf te lêzen. Foarlopich binne skriuwers lykas Ferdinand de Jong en Hilda Talsma om in publyk oan it sykjen dat yndie "breed" neamd wurde kin; krekt dêrom is it "goede ferhaal" yn dizze tiid ik soe hast wol sizze noch belangriker as yn de tiid fan Rink. Tagelyk is der fansels wol ferskil mei de op it each minder tagonklike útbuorrens fan de skriuwerij, dy't dêrom net minder besteansrjocht hawwe. Dus ja, wy sitte ék op wat ik in bytsje iroanysk "grutte literatuer" neamde te wachtsjen, tocht ik.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. We hawwe fansels al wat tiid nedich om in lêzerspublyk op te bouwen. 'De twadde hûd' is noch mar trije moannen út. En hundert boeken yn ien wike ferkeapje, fyn ik dan al hiel wat, as ik efkes swetse mei.

    BeantwoordenVerwijderen